Rotterdam is in stêd en gemeente oan de mûning fan de Ryn yn de provinsje Súd-Hollân. De stêd hat pas yn 1340 stedsrjochten krigen.
Rotterdam is ien fan de stêden fan de Rânestêd. Mei in ynwennertal fan (, boarne: CBS) is it, nei Amsterdam, de twadde stêd fan Nederlân.
Rotterdam leit dêr't de Lek en de Noard tegearre de Nije Maas foarmje, dy’t streamôf nei Rotterdam oer de Nije Wetterwei yn de Noardsee útkomt.
Skiednis thumb|left|Rotterdam en it Hôf fan Weena om 1340 hinne. Yn de twadde helte fan de 13e iuw ûntstie der in delsetting. It stee krige yn 1340 stedsrjochten fan greve Willem VI en tastimming fan him om in kanaal te graven fan de Skie ôf nei de kuststripe. De bewenners libbe fan de fiskfangst en de oerslach fan guod, ek kaam de skipsbou opsetten. Nei de ynfal fan Boussu (1572) ûnder de wettergeuzenopstân, wêrnei Rotterdam de kant fan de prins keas, bloeide benammen de oerseeske frachtfeart.
Fan de 16e iuw oant de 18e iuw wie der ierdewurkyndustry, dêrnei kamen oare yndustryen opsetten. Fral troch de komst fan stoomfeart (Nederlandsche Stoombootmaatschappij) om 1925 hinne gie it hurd mei de ekonomyske groei fan Rotterdam, al libbe in grut part fan de befolking yn tige minne omstandigens (golera-epidemyen)
Op 14 maaie 1940 waard de binnenstêd ferwoaste troch in Dútsk bombardemint. Nei de oarloch ûntwikkele de Nije Wetterwei him ta it grutste havensintrum fan de wrâld.
Boargemasters
namme partij perioade Carola Schouten CU 10 oktober 2024 - no Ahmed Aboutaleb PvdA 5 jannewaris 2009 - 1 oktober 2024 Ivo Opstelten VVD 16 febrewaris 1999 - 1 jannewaris 2009 Bram Peper PvdA 16 maart 1982 - 3 augustus 1998 André van der Louw PvdA 1974 - 1982 Wim Thomassen PvdA 1965 - 1974 Gerard van Walsum PvdA 1952 - 1965 Pieter Oud VVD 1945 - 1952 Frederik Ernst Müller NSB 1941 - 1945 Arie de Zeeuw SDAP 1941 Pieter Oud VDB 1938 - 1941
Yndieling 250px|thumb|Wiken en buorren fan de gemeente Rotterdam De gemeente Rotterdam bestiet út fjirtjin stedskertieren dy't elts in eigen gebietskommisje hawwe. De havengebieten falle streekrjocht ûnder de gemeente. De stedskertieren binne: Rotterdam-Sintrum Charlois Delfshaven Feijenoord Hillegersberg-Schiebroek Hoek fan Hollân Hoogvliet IJsselmonde Kralingen-Crooswijk Noard Overschie Pernis Prins Aleksander Rozenburg
Wenplakken 550px|thumb|Topografyske Gemeentekaart fan de gemeente Rotterdam Wenplak Ynwenners 2024 2020 2010 Rotterdam 606.300 588.100 544.500 Hoogvliet 36.200 35.200 34.200 Rozenburg 12.600 12.500 12.500 Hoek fan Hollân 10.600 10.400 9.500 Pernis 5.000 4.900 4.800 Totaal 670.600 651.200 605.500
Gemeenterie
Gemeenteriedsferkiezings persintaazjes sitten Partij ·2002· ·2006· ·2010· ·2014· ·2018· ·2002· ·2006· ·2010· ·2014· ·2018· ·2022·Leefbaar Rotterdam34,729,728,627,520,5017 (11)141414 (13)1110VVD9,86,29,67,510,68 434356D665,12,29,312,7 9,932146 (5)55GroenLinks6,54,37,34,9 9,843 (2)23255PvdA22,437,428,915,8 9,6511 (10)1814854DENK- - - - 7,35 - - --44Volt- - - - 5,2 - - - - - 2PVV- - - - 3,53 -- - -12PvdD- - - 2,5 3,51 - - - 112SP4,06,65,610,5 4,93132521CDA11,37,76,75,9 4,6653332150PLUS- - - - 3,19 - - - -11NIDA- - - 4,8 5,37 - - - 2 (3)2-CU-SGP2,72,43,03,2 3,0111111-Stadspartij Rotterdam2,51,0- - -10----Oare1,02,51,14,6 3,84 0 (8) 000 (1)0-Opkomst54,857,846,045,146,69 Totaal tal sitten 45 4545 454545
Keppeling om utens Offisjele webstee fan de gemeente Rotterdam AlleCijfers
Kategory:Gemeente yn Súd-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1340