Súd-Beierlân (Nederlânsk en offisjeel: Zuid-Beijerland) is in doarp en eardere gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân.
Skiednis Súd-Beierlân waard yn 1631 stifte, doe't de sliken fan De Hitsert yndike waarden as part fan de Grut-Súdbeierlânske Polder. Op de dyk ûntstie it doarp mei deselde namme. Yn 1673 krige it doarp in eigen predikant. It waard doe Súd-Beierlân (Zuid-Beijerland) neamd, mar guon ynwenners neame harren doarp noch hieltyd De Hitsert. Oant 1984 wie Súd-Beierlân in selsstannige gemeente; fan 1984 oant 2019 foel it ûnder de nijfoarme gemeente Korendijk en sûnt 1 jannewaris 2019 kaam it by de gemeente Hoekske Waard.
Geografy Fan it doarp Nieuwendijk ôf, dat tsjin Súd-Beierlân oan leit, fart in fearpont nei it eilân Tiengemeten.
It besjen wurdich Eendrachtskerk Mûne Landzigt
Berne Kristie Boogert (1973), tennisser Wouter Burger (2001), fuotballer
Galery
Kategory:Plak yn Hoekske Waard Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1984