Dionysus (Gryksk: Διόνυσος, Diónysos, útspr.: [di'ɔ.nisɔs], likernôch: "di-ô-ni-sos"; Latyn: Dionysus, útspr.: [di'onisus], likernôch: "di-oo-ni-sûs") is yn it Grykske heidendom en de Grykske mytology de god fan 'e wyn, de druverispinge, dronkenskip, fruchtberens, rituele sljochtsinnigens en rituele útskroevenens. Syn bynamme wie Eleutherios, "de Befrijer". Hy stiet ek bekend as Bachus (Gryksk: Βάκχος, Bakchos, útspr.: ['bakxɔs], likernôch: "bak-chos"; Latyn: Bacchus, útspr.: ['bakxus], likernôch: "bak-chûs"), de namme dy't yn it Romeinske heidendom en de Romeinske mytology foar him brûkt waard. De oarsprong fan Dionysus is ûnwis, en hy wurdt soms omskreaun as in Trasyske god, dy't as útlanner yn it âlde Grikelân arrivearre wêze soe. Argeologyske fynsten út 'e Myseenske perioade toane lykwols oan dat er eins ien fan 'e âldste Grykske goaden wie fan wa't de namme oerlevere is. Neffens de myten soed er de soan fan Seus en Perséfoné wêze en in ktoanysk aspekt fan Seus fertsjintwurdigje. Guon myten wolle hawwe, hy waard twaris berne, mei't er deade wie en werberne as de soan fan Seus en de sterlike Semele. De wichtichste attributen fan Dionysus wiene de tyrsus (in mei wynranken of klimmerblêd omwikkele stôk), de tsjelk en de bolle.
Namme De etymology fan 'e namme 'Dionysus' hat taalkundigen en godstsjinstûndersikers al iuwenlang foar in riedsel steld. De âldst oerlevere foarm is yn it Myseensk-Gryksk: 𐀇𐁂𐁕𐀒, di-wo-nû-so, wat yn it Aldgryksk Διόνυσος, Diónysos waard. It earste diel fan 'e namme, dio-, wurdt al sûnt de Aldheid assosjearre mei de Grykske god Seus (Gryksk: Zeus), mei't de Grykske genityf (twadde namfal) fan dy namme Dios is. It twadde diel, -nûso of -nysos, kin lykwols gjin passende etymology foar fûn wurde. It soe kinne dat it te krijen hat mei de berch Nysa, dy't yn 'e Grykske mytology it berteplak fan Dionysus is. Yn 'e sechsde iuw f.Kr. tocht Feresydes fan Syros dat nũsa miskien in argaysk wurd foar "beam" wie. Ferskate (oare) folksetymologyen út 'e Aldheid binne op dit punt dúdlik mis. De moderne saakkundige Robert S.P. Beekes hat suggerearre dat it twadde diel fan 'e namme mooglik fan pre-Yndo-Jeropeeske oarsprong is, mei't elts besykjen om in Yndo-Jeropeeske woartel te finen, op 'e non rûn is.
Oarsprong Godstsjinstûndersikers út 'e njoggentjinde iuw, dy't útgiene fan taalkundige bestudearring en fan ferlykjende mytology, beskôgen Dionysus faak as in útlânske godheid dy't op in relatyf let tiidstip mar mei tsjinnichheid yn it tradisjonele Grykske panteön opnommen waard. Dat idee basearren se op syn myten, wêryn't er in grut diel fan syn tiid op 'e Ierde trochbringt mei omdoarmings om utens, en wrakselje moat om akseptearre te wurden as er ienris yn Grikelân weromkeart. It tinken wie dat Dionysus fan oarsprong miskien in god fan 'e Traasjers wie, dy't yn it gebiet wennen dat no rûchwei Bulgarije en de noardlike Egeyske kust fan Grikelân foarmet. Resinter argeologysk bewiismateriaal hat lykwols oantoand dat Dionysus eins ien fan 'e âldst bekende goaden út 'e Grykske kultuer is, mei in namme wêrfan't de oerlevering tebekgiet op it Myseenske Tiidrek. Om persiis te wêzen is in ynskripsje fan syn namme yn it Lineêr B-skrift op diggels fan klaaitabletten weromfûn yn it Paleis fan Nestor yn Pylos, datearjend fan omtrint 1300 f.Kr.
Domein Dionysus is de god fan 'e wyn, de druverispinge, dronkenskip, fruchtberens, rituele sljochtsinnigens en rituele útskroevenens. De ferearing fan Dionysus naam in grut tal ferskillende foarmen oan, mar keunst en aktearjen foarmen der wichtige ûnderdielen fan. Syn hjeldagen, lykas de Dionysia fan it âlde Atene, wiene yn 't earstoan de driuwende krêft efter de ûntwikkeling fan it toaniel. De bynamme fan Dionysus wie Eleutherios, "de Befrijer", mei't syn wyn, muzyk en ekstatyske dûns syn folgelingen befrijde fan bleuens en soargen, en de bannen fan ûnderdrukking har betsjutting ûntnaam.
Attributen It wichtichste attribút fan Dionysus is de tyrsus, in lange stôk bewikkele yn klimmerblêd of druveblêden, mei oan 'e útein in dinne-apel. Dy soed er sawol brûkt hawwe om syn folgelingen, wêrûnder de mainaden, te seingjen, as om 'e tsjinstanners fan syn kultus te ferdylgjen. Oare attributen fan Dionysus binne de tsjelk, ornaris folle mei wyn, de wynrank, de bolle, en soms ek de geit of de swarte panter. De tiger waard soms ôfbylde as it ryddier fan Dionysus. Ek de slange, fallus en figebeam wiene yn it Alde Grikelân symboalen fan Dionysus. Fierders waard er sterk assosjearre mei de oergong fan simmer nei hjerst, dy't ommers gearfoel mei de rispingstiid. Op iere ôfbyldings wurdt de god werjûn as in folwoeksen man mei burd en mantel, wylst lettere ôfbyldings him toane as in burdleaze jongeling, neaken en faak frijwat androgyn. Syn entoeraazje bestie út beburde saters mei ereksjes en wylde froulike folgelingen, de mainaden, dy't neffens guon myten nimfen wiene en neffens oaren stjerlike froulju.
Ferearing Ferearing yn it Alde Grikelân Dionysia De ferearing fan Dionysus fûn yn it Alde Grikelân mooglik al fan 1500 f.Kr. ôf plak, mar wie yn elts gefal tsjin 'e sânde iuw f.Kr. stevich yn 'e kultuer ferankere. Yn Attika, de krite om Atene hinne, waarden elts jier twa foarmen fan 'e Dionysia holden, in feest ta eare fan Dionysus dat ek nei de god ferneamd wie. De Plattelânsdionysia wiene guon fan 'e âldste oan Dionysus wijde hjeldagen, dy't holden waarden op it Attyske plattelân om 'e wintersinnekear hinne, yn wat no desimber en jannewaris is. Dat festival hie nei alle gedachten mei de wynbou te krijen. De Stedsdionysia, dy't yn stêden as Atene en Eleusis holden waard, ûntjoech him wierskynlik pas yn 'e rin fan 'e sechsde iuw f.Kr. It waard fierd om 'e maitydsevening hinne, yn wat no maart en april is, en kaam benammen bekend te stean om 'e toanielwedstryd dy't yn it ramt fan dit feest yn Atene holden waard.
Dionysyske of bachyske mystearjes De sintrale kultus fan Dionysus stiet bekend as de dionysyske mystearjes of de bachyske mystearjes. De krekte oarsprong fan dy godstsjinst is ûnbekend, hoewol't Orfeus der neffens de myten de betinker fan wie. Ut modern godstsjinstûndersyk is oan it ljocht kommen dat in protte boarnen en rituelen dy't lang as ûnderdiel fan it nei Orfeus ferneamde orfisme beskôge binne, eins ta de dionysyske mystearjes hearre. Guon saakkundigen hawwe fierders oppenearre dat der gjin ûnderskie bestiet tusken de dionysyske mystearjes en de mystearjes fan Perséfoné, mar dat dy beide âlde religyen fasetten wiene fan deselde mystearjegodstsjinst, dêr't sawol Dionysus as Perséfoné in wichtige rol yn spile. Hoewol't de dionysyske mystearjes foarhinne as in fierhinne plattelânske religy yn 'e marzje fan 'e Aldgrykske maatskippij sjoen waard, is no dúdlik dat de stêd Atene eins in wichtige rol spile yn 'e ûntjouwing en fersprieding fan dizze religy.
De dionysyske mystearjes hiene in wichtige rol yn it skeppen fan rituele tradysjes foar oergongen yn 'e libbens fan 'e minsken. Oarspronklik gie it dêrby benammen om manlju en manlike seksualiteit, mar letter waard der ek romte skepen foar it ritualisearjen fan 'e feroarjende rollen fan froulju en it fieren fan 'e feroarings yn status yn 'e rin fan 'e libbens fan 'e froulju. De dionysyske mystearjes omfetten ek faak offerrituelen wêrby't ien of mear geiten of bollen offere waarden, en alteast guon fan 'e dielnimmers en dûnsers droegen houten maskers dy't mei Dionysus assosjearre waarden. Yn beskate gefallen waard de god yn it ritueel belutsen yn 'e foarm fan in maskere en oanklaaide pylder, peal of beam. De betsjutting dy't maskers en geiten yn 'e oanbidding fan Dionysus hiene, gie tebek op 'e alderierste dagen fan syn ferearing, en sokke symboalen binne ek fûn op 'e Minoyske grêftombe by Faistos, op Kreta.
Eleusinyske mystearjes Al yn 'e fyfde iuw f.Kr. rekke Dionysus identifearre mei Iachus, in mindere godheid út 'e tradysje fan 'e Eleusinyske mystearjes, sa't blykt út û.m. de toanielstikken Antígoné, fan Sofokles, en De Bachai fan Euripides. Saakkundigen ornearje dat de identifikaasje skoan fuortkomme kin út 'e gelikense klank fan 'e nammen Iachus en Bachus. Neffens guon myten wie Iachus de oarehelte fan Demeter, de goadinne fan 'e fruchtberens. Ferskate oare myten hâlde út dat er har soan wie. Yn it bysûnder waard Iachus identifisearre mei de orfyske Dionysus, de soan fan Perséfoné. Sofokles neamt "Iachus fan 'e bollehoarnen", en neffens de earste-iuwske histoarikus Diodoarus Sikulus wie it de âldere Dionysus dy't yn skilderings en stânbylden gauris foarsteld waard mei hoarnen, om't er "útblonk yn wiisheid en de earste wie dy't besocht om oksen yn te spannen en mei harren help te siedzjen."
Orfisme Yn 'e tradysje fan it orfisme wie de 'earste Dionysus' de soan fan Seus en Perséfoné, dy't yn stikken skuord waard troch de titanen en neitiid werberne waard. Hy wie de god dy't troch de orfisten oanbean waard, mei't er dea en ûnstjerlikens symbolisearre en gou as in gids op it mêd fan 'e reynkarnaasje.
De orfyske Dionysus wurdt soms ek wol oantsjut as Sagreus (Gryksk: Ζαγρεύς, Zagreus). De ierste kearen dat dy namme neamd wurdt yn 'e myten, giet it om 'e oarehelte fan 'e goadinne Gaia, dy't omskreaun wurdt as de heechste god. De toanielskriuwer Aiskylos bringt Sagreus yn ferbân mei Hades, de god fan 'e ûnderwrâld, itsij as de soan fan Hades, itsij as in alternative namme foar Hades sels. Godstsjinstûndersiker Timothy Gantz tocht, Hades syn identiteit as it ktoanysk alter ego fan Seus yn acht nommen, dat Sagreus miskien fan oarsprong de soan fan Hades en Perséfoné wie, dy't letter lykslein wie mei de orfyske Dionysus, de soan fan Seus en Perséfoné. Der is lykwols gjin inkele orfyske boarne oerlevere dy't de namme 'Sagreus' brûkt om nei de orfyske Dionysus te ferwizen.
It is mooglik dat de assosjaasje tusken dy beide yn 'e trêde iuw (n.Kr.) bekend wie, doe't de dichter Kallimachus deroer skreaun hawwe kinne soe yn in net-oerlevere boarne. Dêrfoar besteane oanwizings, mei't Kallimachus yn Byzantynske boarnen oanhelle wurdt as immen dy't ferwiisd hat nei 'Dionysus Sagreus'.
Ferearing yn it Alde Rome Liber en de yntroduksje fan Bachus yn Rome De mystearjegodstsjinst fan Dionysus, dy't yn it Latyn Bachus (Bacchus) hiet, waard nei it âlde Rome ta oerbrocht út 'e Grykske koloanjes yn súdlik Itaalje, of mooglik fia it sterk troch de Grykske kultuer beynfloede Etruerje, it lân fan 'e Etrusken. De religy waard om 200 f.Kr. troch tadwaan fan in preesteresse út Kampaanje fêstige op 'e Aventyn (ien fan 'e heuvels fan Rome), deunby in timpel fan Liber Pater ("de Frije Heit"), dy't dêr in troch de Romeinske steat tastiene kultus hie.
Liber wie in lânseigen Romeinske god fan 'e wyn, fruchtberens en profesije, in patroan fan 'e Romeinske plebejers (gewoane boargers), en ien fan 'e leden fan 'e Aventynske Triade, yn 'e mande mei syn mem Seares (dy't identifisearre wurdt mei de Grykske Demeter) en syn suster of oarehelte Libera. Yn 493 f.Kr. wie op 'e Aventyn in timpel foar dy triade boud, en tagelyk wie doe it religieuze feest Liberalia ynsteld. Geandewei waarden yn 'e ferearing fan 'e triade almar mear Grykske ynfloeden opnommen, en tsjin 205 f.Kr. waarden Liber en Libera formeel identifisearre mei Bachus en Proserpina (de Romeinske Perséfoné).
Liber waard neitiid faak sjoen as folslein deselde god as Dionysus, hoewol't dat net algemien akseptearre wie. Sisero, bygelyks, hold mei klam út dat Liber en Dionysus ferskillende godheden wiene. Nettsjinsteande dat is it skoan mooglik dat Liber en Dionysus in bân hiene dy't tebekgie op in earder tiidrek as it klassike Grikelân en de stifting fan Rome. De Myseenske god Eleuteros, dy't komôf en ikonografy mei Dionysus gemien hie, mar waans namme deselde betsjutting hat as dy fan Liber, soe nammentlik de god wêze kinne dêr't Dionysus en Liber letter beiden út fuortkommen binne.
Bachanalia