Robert Redford (folút: Charles Robert Redford jr.; Santa Monica, 18 augustus 1936 - Sundance, 16 septimber 2025) wie in Amerikaansk akteur, regisseur, filmprodusint en sakeman. Hy sette yn 1959 útein mei in karriêre as tillefyzje-akteur, en stie yn dy snuorje ek in protte op 'e planken. Redford briek yn 1969 troch as filmakteur mei syn haadrol yn 'e western Butch Cassidy and the Sundance Kid. Neitiid hied er yn 'e 1970-er jierren in protte súkses mei rollen yn kaskreakers as Jeremiah Johnson, The Sting en All the President's Men. Hy wie behelle yn 'e oprjochting fan it Sundance Filmfestival yn Utah en ferbûn dêr desennia lang syn namme oan.

Oare ferneamde films dêr't Redford yn spile, wiene The Way We Were, Three Days of the Condor, Out of Africa, Indecent Proposal, The Horse Whisperer en An Unfinished Life. Syn rezjydebút, de film Ordinary People, út 1980, wie in ûnbidich súkses en smiet him de Oscar foar bêste regisseur op. As regisseur wied er ek belutsen by The Milagro Beanfield War, A River Runs Throught It en The Horse Whisperer. Yn syn hast sechstichjierrige karriêre wûn Redford twa Oscars (ynkl. de Eare-Oscar), trije Golden Globes (ynkl. de Cecil B. DeMille Award foar syn oeuvre), in BAFTA en in Screen Actors Guild Award. Ek waard er yn 2010 opnommen yn it Frânske Légion d'Honneur en ûntfong er yn 2016 de Presidinsjele Frijheidsmedalje. Yn 2018 makke Redford bekend dat er ophold mei wurkjen.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Redford waard yn 1936 berne yn Santa Monica, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de soan fan Charles Robert Redford sr., in molkboer dy't himsels opwurke hie ta boekhâlder, en dy syn frou Mary W. Hart. Hy hie in jongere styfbroer, William, út syn heite twadde houlik. Redford wie fan mingd etnysk komôf, mei Iersk, Ingelsk, Skotsk en Ulstersk (d.w.s. Noardiersk protestantsk) bloed. Syn efternamme kaam út 'e krite fan Midlothian, yn Skotlân. Syn betoerpake oan heitekant wie de Ingelske presbyteriaan Elisha Redford, dy't troude mei de roomske Ierske Mary Ann McCreery en yn 1849 mei har emigrearre nei de Feriene Steaten, dêr't se harren nei wenjen setten yn Stonington, yn 'e steat Connecticut.

Doe't Redford noch lyts wie, ferhuzen syn âldelju mei him nei Van Nuys, in wyk fan Los Angeles. Syn heit wurke yn dy tiid yn El Segundo. Redford folge middelber ûnderwiis oan 'e Van Nuys High School, dêr't er yn 'e klasse siet by Don Drysdale, dy't letter ferneamd wurde soe as honkballer. Nei eigen sizzen wied er in minne learling, dy't mear belangstelling hie foar oare dingen (lykas sport en keunst) as yn wat syn learaars te fertellen hiene.

Nei't er yn 1954 slagge wie foar syn eineksamens, learde Redford oardel jier troch oan 'e Universiteit fan Kolorado Boulder, yn Boulder, dêr't er him by de studinteferiening Kappa Sigma joech. Yn dy tiid hied er in bybaantsje yn it restaurant anneks bar The Sink, dêr't neitiid in wandskildering fan him makke is dy't noch altyd bestiet. Yn syn studintetiid rekke Redford oan 'e drank, mei as gefolch minne stúdzjeresultaten. Dat late ta it ferlies fan syn stúdzjebeurs en betsjutte dêrmei de ein fan syn oplieding. Neitiid begûn er om te doarmjen. Hy reizge nei Jeropa, dêr't er yn Frankryk, Spanje en Itaalje wenne. Werom yn 'e Feriene Steaten studearre er skilderkeunst oan it Pratt Ynstitút yn Brooklyn en folge er kolleezjes oan 'e Amerikaanske Akademy foar Toanielkeunst (AADA) yn New York.

Karriêre Toanielwurk Redford sette syn karriêre as akteur oan 'e ein fan 'e 1950-er jierren útein yn New York, dêr't sawol toaniel- as tillefyzjewurk te finen wie. Yn 1959 makke er syn debút op Broadway mei in lytse rol yn it toanielstik Tall Story. Datselde jiers spile er yn The Highest Tree, en yn 1961 wied er op 'e planken te sjen yn Sunday in New York. Syn grutste súkses op Broadway belibbe er lykwols yn 1963 yn 'e rol fan 'e bekrompen brêgeman fan aktrise Elizabeth Ashley yn it stik Barefoot in the Park, fan Neil Simon.

Tillefyzjewurk Yn 1960 wie Redford foar it earst op 'e tillefyzje te sjen. Hy hie dat jiers gastrollen yn sân tillefyzjesearjes, wêrûnder de westernsearjes Maverick, The Duputy en Tate en it rjochtbankdrama Perry Mason. Ek wied er te sjen as in geastlik steurde jongeman dy't fêstsiet yn syn ynstoarte garaazje yn 'e aventoeresearje Rescue 8. Yn 'e folgjende jierren spile Redford yn searjes as Route 66, The Virginian en The Alfred Hitchcock Hour. Yn 1962 spile er de Dea yn 'e horrorsearje The Twilight Zone. Hy waard yn 1962 nominearre foar in Emmy Award yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur foar syn optreden yn The Voice of Charlie Pont. Ien fan syn lêste tillefyzjerollen hie Redford yn 1963 yn Breaking Point, in sikehûssearje oer in psychiatryske ynrjochting.

Filmwurk: begjinjierren Yn 1960 makke Redford syn debút op it wite doek mei in lyts roltsje yn Tall Story, dêr't er net foar neamd waard op 'e ôftiteling. Hy moast yn dy film Jane Fonda tútsje, foar wa't it ek har filmdebút wie. Nei syn súkses op Broadway waard Redford yn gruttere filmrollen cast. Syn twadde film wie War Hunt, út 1962, wêryn't er de rol fan in soldaat hie. Yn 1965 spile er mei Alec Guinness yn 'e oarlochskomeedzje Situation Hopeless… But Not Serious, wêryn't er op 'e nij de rol fan in soldaat hie, mar diskear ien dy't him al jierrenlang beskûl hold efter de linys fan 'e fijân.

Datselde jiers wûn Redford in Golden Globe foar bêste nije stjer foar syn fertolking yn Inside Daisy Clover fan in biseksuele filmstjer dy't trout mei aktrise Daisy Clover (spile troch Natalie Wood). Yn 1966 spile Redford op 'e nij de frijer fan Wood yn This Property Is Condemned, fan regisseur Sydney Pollack, dêr't ek Charles Bronson in rol yn hie. Mei Sydney Pollack soe Redford neitiid noch fiif oare, hieltyd súksesfolle films meitsje. Fierders wurke er dat jiers wer gear mei Jane Fonda en ek mei Marlon Brando yn The Chase. Foar de ferfilming fan Barefoot in the Park, út 1967, waarden Redford en Fonda op 'e nij as pearke cast.

Filmwurk: trochbraak Hoewol't er tuskenbeiden súkses hie mei syn iere filmrollen, begûn Redford der geandewei oer yn te sitten dat er typecast waard as in blond manlik stereotype. Dêrom sloech er rollen yn Who's Afraid of Virginia Woolf? en The Graduate ôf. Ynstee naam er yn 1969 in rol oan yn 'e westernfilm Butch Cassidy and the Sundance Kid, fan regisseur George Roy Hill. Dêryn spile er de Sundance Kid, in bandyt dy't yn it Wylde Westen banken berôvet mei syn partner Butch Cassidy, spile troch Paul Newman. Dy film waard in ûnbidich grut súkses, en betsjutte foar Redford de ynternasjonale trochbraak. Hy wûn der in BAFTA Award foar bêste akteur mei, en konsolidearre mei de rol boppedat syn imago as in yntelliginte, betroubere, wat sardoanyske filmheld.

Neitiid wurke Redford mei oan in stikmannich films dy't gjin súkses waarden: Tell Them Willie Boy Is Here (1969), Downhill Racer (1969), Little Fauss and Big Halsey (1970) en The Hot Rock (1972). By Downhill Racer wied er foar it earst ek as útfierend produsint belutsen. Yn 1972 hied er lykwols wer in kaskreaker mei de refizjonistyske western Jeremiah Johnson. Oare súksessen út 'e iere 1970-er jierren wiene de politike satire The Candidate (1972), de romantyske dramafilm The Way We Were (1973), en de misdiefilm The Sting (1973, dy't de meast opbringende film út Redford syn karriêre waard. Yn The Way We Were wie Barbra Streisand Redford syn tsjinspylster. Foar The Sting wurke er fannijs gear mei regisseur George Roy Hill. Foar syn rol fan Johnny Hooker yn dy film waard Redford nominearre foar de Oscar foar bêste akteur.

Yn 1974 hie Redford nij súkses mei syn titelrol yn The Great Gatsby. Yn 1975 wurke er jitris gear mei George Roy Hill foar The Great Waldo Pepper. Datselde jiers fertolke er de rol fan in CIA-agint mei de koadenamme 'Condor' yn 'e spionaazjeskriller Three Days of the Condor, fan regisseur Sydney Pollack. Yn 'e tige populêre dramafilm All the President's Men, út 1976, fan regisseur Alan J. Pakula, oer it Watergateskandaal, fertolke Redford de rol fan sjoernalist Bob Woodward, wylst Dustin Hoffman Woodward syn kollega Carl Bernstein spile. Behalven as ien fan 'e haadrolspilers wie Redford ek as útfierend produsint by de film belutsen. All the President's Men wie op ferskate nivo's in kearpunt foar Redford, dy't mei de film foar it earst syn belutsenens as priveepersoan by politike kwestjes blike liet.

As majoar Julian Cook spile Redford yn 1977 mei yn Richard Attenborough syn oarlochsfilm A Bridge Too Far, oer Operaasje Market Garden en de Slach om Arnhim. Yn 1979 wie Redford op 'e nij mei Jane Fonda te sjen yn The Electric Horseman fan Sydney Pollack. Syn folgjende film wie it finzenisdrama Brubaker (1980), wêryn't er in sipier spile dy't it finzenissysteem besiket te herfoarmjen.

Filmwurk: heechtijdagen Mei it jild dat er mei syn aktearjen fertsjinne hie, kocht Redford in hiel skygebiet oan 'e eastkant fan 'e Mount Timpanogos oan, noardeastlik fan Provo, yn 'e Rocky Mountains fan Utah. Oarspronklik hiet dat 'Timp Haven', mar Redford neamde it om ta it Sundance Resort, nei syn rol fan 'e Sundance Kid. Redford syn frou Lola Van Wagenen kaam út Utah, en se besieten yn dy omkriten al sûnt 1963 in twadde hûs. Yn 1978 waard troch Sterling Van Wagenen, Redford syn sweager, en John Earle, in lid fan 'e Utah Film Commission, (earst noch ûnder in oare namme) it Sundance Filmfestival oprjochte, in filmfestival foar ûnôfhinklike films. Redford waard oerhelle om foarsitter fan it festival te wurden en bleau desennia lang by it evenemint belutsen. Hy rjochte it Sundance Ynstitút, de Sundance Cinemas en it Sundance Channel op, allegear yn of deunby Park City (Utah), dat 48 km benoarden it Sundance Resort leit. Ek Redford syn lettere tillefyzjestudio Sundance Productions wie ferneamd nei de Sundance Kid.

Yn 1980 wie Redford foar it earst aktyf as regisseur, mei de dramafilm Ordinary People, wêrfan't de haadrollen spile waarden troch Mary Tyler Moore, Donald Sutherland en Timothy Hutton. De film gie oer it stadige útinoarfallen fan in Amerikaansk gesin nei de dea fan ien fan 'e soannen. Ordinary People wie in grut súkses en wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e bêste films fan 'e 1980-er jierren, sawol op it mêd fan 'e filmkrityk as wat kommersjeel súkses oangiet. Redford wûn der in Oscar foar bêste film, in Oscar foar bêste regisseur, in Golden Globe foar bêste dramafilm, in Golden Globe foar bêste regisseur en in Directors Guild of America Award foar bêste regisseur mei.

As akteur wie Redford yn 1984 wer te sjen yn it honkbaldrama The Natural. Yn 1985 spile er ien fan syn bekendste rollen as de histoaryske piloat en aventoersman Denys Finch Hatton yn it mei in Oscar foar Bêste Film bekroande Out of Africa, fan regisseur Sydney Pollack. Dy film wie basearre op 'e autobiografyske roman Den Afrikanske Farm, fan 'e Deenske skriuwster Karen Blixen. Redford hie yn Out of Africa as tsjinspylster Meryl Streep, dy't de rol fan Blixen fertolke. Behalven de Oscar foar Bêste Film wûn Out of Africa noch seis oare Oscars en in grut tal oare prizen. Dêrmei wie it Redford syn súksesfolste filmprojekt út 'e 1980-er jierren. Yn tsjinstelling dêrmei wie syn folgjende film, de komeedzje Legal Eagles út 1986, mei Debra Winger en Daryl Hannah, mar in beheind súkseske yn 'e bioskopen.

Yn 1988 kaam Redford syn twadde film as regisseur út. It wie it komeedzjedrama The Milagro Beanfield War, mei yn 'e haadrollen Chick Vennera, Rubén Blades en Sônia Braga. De film, basearre op 'e roman mei deselde namme fan John Nichols, gie oer it plakje Milagro, yn Nij-Meksiko, dêr't de Latino-befolking syn lân driget kwyt te reitsjen troch tadwaan fan in rike blanke projektûntwikkeler. Hoewol't it in knaphandich makke film wie mei hilaryske sênes, krige The Milagro Beanfield War net folle oandacht yn 'e media en waard it gjin grut súkses.