Kirk Douglas (wiere namme: Issur Danielovitch; Amsterdam (New York), 9 desimber 1916 – Beverly Hills (Kalifornje), 5 febrewaris 2020) wie in Amerikaansk akteur, filmprodusint, regisseur, filantroop en skriuwer. Hy groeide op yn earmoedige omstannichheden en tsjinne yn 'e Twadde Wrâldoarloch by de Amerikaanske Marine. Douglas makke syn debút as filmakteur yn 1946 en ûntjoech him yn 'e 1950-er jierren ta in Hollywoodstjer, mei rollen yn films as Champion, Young Man with a Horn, Detective Story, The Bad and the Beautiful, Lust for Life, Gunfight at the O.K. Corrall en The Vikings. Yn 'e 1960-er jierren belibbe er syn grutste súksessen, mei films as Spartacus, Lonely Are the Brave, Seven Days in May en The Heroes of Telemark. Douglas holp om 'e Swarte List fan Hollywood ûnder fuotten te heljen troch de as kommunist weisetten Dalton Trumbo iepentlik it senario skriuwe te litten foar Spartacus.

Yn 1963 spile Douglas op Broadway yn 'e toanieladaptaasje fan One Flew over the Cuckoo's Nest, dêr't er de filmrjochten op kocht. Dy droech er letter oer oan syn soan Michael, dy't der in mei ferskate Oscars bekroande film fan makke. Sels waard Douglas trije kear nominearre foar de Oscar foar bêste akteur. Dy wûn er nea, mar hy wûn wol in Golden Globe foar bêste akteur, en fierders oeuvreprizen as de Cecil B. DeMille Award, de Eare-Oscar en de Gouden Earebear. Op 'e ranglist fan Grutste Manlike Filmlegindes út Hollywood, fan it Amerikaansk Filmynstitút, nimt Douglas it santjinde plak yn. Mei syn twadde frou Anne Buydens joech er miljoenen dollars wei oan goede doelen. Hy oerlibbe in helikopterûngemak yn 1991 en in oerhaal yn 1996, en wie de lêste noch libjende stjer út it saneamde Gouden Tiidrek fan Hollywood. Douglas kaam yn 2020 yn 'e hege âlderdom fan 103 jier te ferstjerren.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Douglas waard yn 1916 berne yn Amsterdam, yn 'e Amerikaanske steat New York, as Issur Danielovitch (Jiddysk: איסר דניאלאָוויטש‎). Hy wie de soan fan Herschel "Harry" Danielovitch (1884-1950) en dy syn frou Bryna "Bertha" Sanglel (1884-1958), dy't allebeide etnysk Joadske emigranten wiene út Tsjavûsy, by Mogilev, yn it diel fan it Keizerryk Ruslân dat no Wyt-Ruslân foarmet. Douglas wie de iennichste jonge yn in húshâlding mei seis dochters dêr't yn 'e hûs Jiddysk sprutsen waard. In omke oan heitekant, dy't earder emigrearre wie, hie by oankomst yn 'e Feriene Steaten de efternamme Demsky oannommen, en Douglas syn heit hie dat foarbyld folge. Sadwaande groeide Douglas op as Izzy Demsky.

Syn jonkheid brocht Douglas troch yn djippe earmoede, sa't er letter beskriuwe soe yn syn autobiografy The Ragman's Son, dy't er yn 1988 publisearre. Syn heit, dy't yn Ruslân hynstekeapman west hie, waard yn Amearika in foddejoad, dy't fodden, stikjes metaal en oare rommel opkocht om it guod te recycljen, al bestie dat wurd doe fansels noch net. Syn heit wie in agressive alkoholist, dy't amper nei syn húshâlding omseach. It wie Douglas syn stiiffêst doel om oan 'e earmoede te ûntkommen en 'it te meitsjen' as akteur, fan it stuit ôf dat er op 'e beukerskoalle ris it gedicht The Red Robin of Spring opsei en dêr applaus foar krige. As opslûpen jonge ferkocht er hapkes oan fabryksarbeiders om genôch jild te fertsjinjen dat er molke en bôle foar himsels, syn mem en syn susters keapje koe. Letter besoarge er kranten en hied er mear as fjirtich oare baantsjes ear't er as akteur oan it wurk gie.

Nei't er yn 1934 slagge foar syn eineksamens yn it fuortset ûnderwiis oan 'e Amsterdam High School, woe Douglas fierder leare, mar dêr hied er it jild net foar. Dêrom prate er himsels nei binnen yn it kantoar fan 'e rektor fan 'e St. Lawrence Universiteit yn Canton, dy't er syn treflike siferlist fan 'e middelbere skoalle sjen liet. Hy wist foarinoar te krijen dat er om syn lesjild fan te beteljen in liening krige, dy't er werombetelle troch yn syn frije tiid op 'e universiteit as túnman en konsjerzje te wurkjen. Ek wied er in prominint lid fan it universitêr wrakselteam, en ien simmerfakânsje brocht Douglas troch mei wrakseljen op 'e merke om dêrmei jild te fertsjinjen. Yn 1939 rûne er syn stúdzje ôf mei it beheljen fan in bachelorgraad.

Neitiid krige Douglas omreden fan syn akteartalint in spesjale stúdzjebeurs fan 'e Amerikaanske Akademy foar Toanielkeunst (AADA) yn New York, dêr't er yn 'e kunde kaam mei syn earste frou, Diana Dill. In oarenien fan syn klasgenoaten dêre wie Betty Joan Perske, dy't letter wrâldferneamd wurde soe ûnder de namme Lauren Bacall, en dy't smoarfereale op Douglas rekke. It wie yn dy snuorje dat Douglas de artystenamme 'Kirk Douglas' betocht en syn namme ek formeel feroarje liet. Yn dy tiid wie it hiel gewoan foar lju út 'e entertainmentyndustry om ûngewoane of bûtenlânsk klinkende nammen te feroarjen, sa't bygelyks ek Douglas syn maat Karl Malden (Mladen Sekulovich) en lju as John Wayne (Marion Morrison), Cary Grant (Archibald Leach) en Fred Astaire (Frederick Austerlitz) diene.

Militêre tsjinst Yn desimber 1941, koart nei't de Feriene Steaten troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor by de Twadde Wrâldoarloch belutsen rekke wiene, naam Douglas tsjinst by de Amerikaanske Marine. Dêr tsjinne er as kommunikaasjeofsier by de bestriding fan dûkboaten op 'e USS PC-1139. Yn 1944 waard er earfol ûntslein fanwegen oarlochsferwûnings oprûn by in ûngemak mei in djiptebom.

Aktearkarriêre Iere jierren Nei de oarloch kearde Douglas werom yn New York, dêr't er wurk fûn as akteur op it toaniel en yn harkspullen en reklamespotsjes op 'e radio. De harkspullen dêr't er yn spile wiene oer it algemien soapsearjes fan 'e grutte radionetwurken ABC, NBC en CBS. Douglas seach dat as weardefolle oefening yn it gebrûk fan syn stim by it aktearjen. Syn trochbraak op it toaniel kaam doe't er de rol oernaam dy't earder troch Richard Widmark spile wie yn it toanielstik Kiss and Tell. Dêrnei waarden him foar it earst rollen oanbean.

Douglas wie eins fan doel west om toanielakteur te bliuwen, en it wie syn freondinne Lauren Bacall dy't him syn earste filmrol besoarge troch him oan te rikkemandearjen by filmprodusint Hal B. Wallis, doe't dy op 'e sneup wie nei nij manlik talint. Douglas makke yn 1946 syn filmdebút yn Wallis syn The Strange Love of Martha Ivers, mei yn 'e haadrol Hollywoodstjer Barbara Stanwyck. Hy spile yn dy film in jonge, jaloerske man dy't ûnwis fan himsels wie en waans libben behearske waard troch syn ûnmeilydsume frou, sadat er soelaas socht yn alkohol. Dat wie de earste en de lêste kear dat Douglas yn in film de rol fan in swakkeling fertolke.

Yn 1947 spile er yn 'e film noir Out of the Past (yn it Feriene Keninkryk útbrocht ûnder de titel Build My Gallows High), mei as tsjinspilers Robert Mitchum en Jane Greer. Datselde jiers wied er ek te sjen yn 'e dramafilm Mourning Becomes Electra, en yn 1948 kamen trije films fan him út: de film noir I Walk Alone, dêr't er foar it earst yn gearwurke mei akteur Burt Lancaster, it drama The Walls of Jericho en de komeedzjefilm My Dear Secretary, yn 1949 folge troch de romantyske film A Letter to Three Wives. Yn 1949 makke Douglas ek syn debút op Broadway, yn it stik Three Sisters, dat produsearre waard troch Katharine Cornell.

Trochbraak Douglas fêstige syn imago as 'stoere keardel' mei syn achtste film, Champion, út 1949, dêr't er yn cast waard troch produsint Stanley Kramer. Hy spile yn dy film de egoïstyske bokser Midge Kelly. It wie foar Douglas in gok, om't er foar syn rol yn Champion it oanbod fan in rol yn 'e MGM-film The Great Sinner ôfwize moast, dêr't er it trijefâldige mei fertsjinne hawwe soe. Neffens filmhistoarikus Ray Didinger seach Douglas Champion as in grutter risiko, mar ek as in gruttere kâns, en dy kâns koed er net foarbygean litte. Mei de rol fan Kelly briek Douglas troch as filmakteur, en sleepte er syn earste nominaasje foar de Oscar foar bêste akteur yn 'e wacht. Fan dat stuit ôf besleat er dat er, as er slagje woe as Hollywoodstjer, syn bleuens fan him ôfsette en sterkere rollen kieze moast.

Yn 1950 spile Douglas de rol fan Rick Martin yn 'e biografyske film Young Man with a Horn, basearre op 'e roman mei deselde namme fan Dorothy Baker oer it libben fan 'e jazz-muzikant Bix Beiderbecke. Syn tsjinspylster wie Doris Day, yn de rol fan in jonge frou dy't fereale wie op Beiderbecke. Yn har autobiografy soe Day Douglas letter beskriuwe as "fatsoenlik, mar egosintryk" en it meitsjen fan 'e film as "totaal freugdeleas". Under de opnamen fan Young Man with a Horn, yn 1949, ferdwûn ien fan 'e figuranten, in Jean Spangler, sûnder in spoar nei te litten, en it is noch altyd ûndúdlik wat der fan har wurden is. Op 9 oktober 1949 waard it hântaske fan Spangler deunby de Fern Dell-yngoang fan it Griffith Park yn Los Angeles weromfûn, mei dêryn in bryfke rjochte oan in "Kirk", mei de ûnôfmakke tekst: "Kin net langer wachtsje. Gean nei dokter Scott. It kin it bêste no mar, no't mem fuort is." Dat late de plysje fansels nei Douglas ta, mar hoewol't er tajoech te witten wa't Spangler wie en ek wolris mei har praat te hawwe, ûntstried er yn alle toanaarden dat er de 'Kirk' út it bryfke wie. Kammeraatskes fan Spangler fertelden de plysje dat se op it stuit fan har ferdwining trije moannen swier wie, en dat feit yn kombinaasje mei de tekst fan it bryfke liket neffens ûndersikers te suggerearjen dat se fan doel wie in abortus útfiere te litten, wat yn dy tiid yllegaal wie.

Fan Douglas kaam yn 1950 ek de dramafilm The Glass Menagerie út. Yn 1951 spile er yn 'e western Along the Great Divide, as marshal Len Merrick, in plysjeman yn it Wylde Westen. It wie de earste film dêr't er yn hynsteride moast, mar hy learde it him oan en rekke al rillegau tige fertroud mei hynders. Datselde jier spile er de rol fan Chuck Tatum, in synyske, oer liken geande sjoernalist op 'e sneup nei in 'grut ferhaal' yn Ace in the Hole, fan regisseur Billy Wilder. Hoewol't dy film de priis foar bêste bûtenlânske film wûn op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje, wie it ûnderwerp doedestiden tige kontroversjeel, en it bioskooppublyk bleau wei. Yn lettere jierren waard Ace in the Hole gauris opnommen yn listen fan bêste films ea makke. In trêde film fan Douglas dy't yn 1951 útkaam, wie Detective Story, wêryn't er de New Yorkske resjersjeur Jim McLeod spile. Dy film foel better yn 'e smaak, en waard nominearre foar fjouwer Oscars. Douglas sels waard nominearre foar in Golden Globe yn 'e kategory 'bêste akteur' yn in dramafilm.

Heechtijdagen Yn 1952 kamen op 'e nij trije films fan Douglas út: de westernfilms The Big Trees en The Big Sky, en it melodrama The Bad and the Beautiful. Yn dy lêste film spile er de rol fan Jonathan Shields, in ûnmeilydsume filmprodusint, dy't allegeduerigen akteurs, regisseurs en senarioskriuwers manipulearret. Douglas waard foar dy rol foar de twadde kear nominearre foar in Oscar foar bêste akteur. Nei The Story of Three Loves, The Juggler en Act of Love, dy't yn 1953 útkamen, wied er yn 1954 yn in komyske rol te sjen as seeman yn 'e aventoerefilm 20,000 Leagues Under the Sea, in adaptaasje fan 'e bekende roman Vingt Mille Lieues sous les Mers fan Jules Verne. Datselde jiers makke er ek syn tillefyzjedebút as in sjongende gast yn The Jack Benny Program. Yn 1955 spile Douglas yn it drama The Racers en ek yn Ulysses, in film dy't basearre wie op 'e Odyssee fan Homearus. Dêryn fertolke er de titelrol as Odysseus (ûnder dy syn latinisearre namme Ulysses), mei as tsjinspilers Silvana Mangano as Penelope en Kirke, en Anthony Quinn as Antinoüs.