Rebecca (Becky) Wilde (Taunton, 31 desimber 1997)Biografyske side oer Rebecca Wilde fan 'e organisaasje fan 'e Olympyske Simmerspullen Parys 2024. is in Ingelsk roeister.
Karriêre Wilde begûn as swimster, se fertsjintwurdige it suden fan Ingelân by it swimmen op de Olympyske Jeugdspullen yn Londen yn 2012. Yn 2017 stapte se oer nei it roeien. Yn novimber 2023 moast se in operaasje ûndergean oan har ûnderearms en miste se in part fan it seizoen. Tegearre mei Mathilda Hodgkins-Byrne kwalifisearre se har foar de Olympyske Spullen fan Parys 2024 yn de dûbeldtwa op de "World Rowing Final Olympic Qualification Regatta" yn Luzern, Switserlân Op 1 augustus 2024 wûnen Wilde en Hodkins-Byrne in brûnzen medalje yn de dûbeldtwa en einigen se efter Nij-Seelân en Roemeenje.
Kategory:Ingelsk roeier Kategory:Ingelsk Olympysk dielnimmer Kategory:Persoan berne yn 1997