Fûgelfrij is in Frysk liet fan Three-ality út 2002.

De tekst fan Ekie Hoeksma waard op muzyk setten troch Rhody Matthijs. De song waard útfierd troch Flat Out, letter omdoopt ta Three-ality. Yn it liet wurdt de ûntstiene frijheid besongen nei it ferbrekken fan in relaasje. Fûgelfrij wûn foar de earste priis fan de faksjuery en de publykspriis fan it Fryske Sjongfestival Liet 2002. folkforum.nl Dêrnei wûn Three-ality de earste priis op it Streek Songfestival yn Hengelo.Omrop Fryslân, 15 septimber 2002 Yn 2002 ferskynde it nûmer as single. Sjonger Syb van der Ploeg fan De Kast krige it earste eksimplaar. Hy wurke mei oan de single.Omrop Fryslân, 12 novimber 2002 It nûmer kaam yn 2002 binnen op it tsiende plak fan de Fryske Top 100.

Te hearren op CD 't Minne (2009)Muziekweb.nl Fûgelfrij (2002)

Kategory:Single út 2002 Kategory:Frysktalich liet