Kornelis Jakobus (Kees) Vrijling (Kerkdriel, 18 oktober 1914 – Akkrum, 10 febrewaris 2004) wie in Nederlânske politikus fan de PvdA.
Syn heit ferstoar foar syn berte en syn mem doe't hy twa jier âld wie. Hy waard grutbrocht troch syn beppe en wie as njoggenjierrige bûten skoaltiid al bakkersfeint om wat by te fertsjinjen foar syn libbensûnderhâld. Nei de ambachtsskoalle waard hy masinebankwurker en hat hy wurke by Werkspoor en Fokker. Hy wie aktyf binnen de Vrijzinnig Democratische Jongeren Organisatie (VDJO); de jongereinorganisaasje fan de Vrijzinnig Demoratische Bond (VDB) dy't yn 1946 opgie yn de PvdA. Vrijling wie ôfdielingssekretaris by de VDJO en woe de sjoernalistyk yn, mar moast yn 1943 ûnderdûke. Nei de Twadde Wrâldoarloch wurke hy as redakteur by Het Parool. Yn 1962 waard Vrijling beneamd as boargemaster fan Idaerderadiel en bleau dat oant syn pinsjoen ein 1979.
Hy ferstoar yn 2004 op 89-jierrige leeftiid.
Kategory:Nederlânsk bakker Kategory:Nederlânsk fabryksarbeider Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Underdûker yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk kranteredakteur Kategory:Frysk bakker Kategory:Frysk fabryksarbeider Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk liberaal Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk kranteredakteur Kategory:Boargemaster fan Idaerderadiel Kategory:PvdA-politikus Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Akkrum Kategory:Persoan berne yn 1914 Kategory:Persoan stoarn yn 2004