De stikstofkrisis yn Nederlân is in krisis yn Nederlân, dy't ûntste nei in útspraak fan de Rie fan Steat dêr't fergunningsoanfragen fan sa'n 18.000 bou- en ynfrastruktuerprojekten platlein waarden. Neffens de boubedriuwen koene der wol 27.000 banen faai steanStikstofcrisis raakt veel meer bedrijven, onze frustratie is enorm NOS. Dêrom wurdt de krisis bytiden ek wol de boukrisis neamdBouwcrisis op de loer door stikstof Telegraaf.
De krisis ûntstie doe't op 29 maaie 2019 de ôfdieling bestjoersrjochtspraak fan de Rie an Steat útspraken dy oer it Programma Oanpak Stikstof (PAS)Rie fan Steat: PAS útspraak. It PAS mocht neffens dy útspraak net mear brûkt wurde foar it jaan fan fergunnings dy't ekstra delslach fan stikstof yn Natura 2000-gebieten feroarsaken. In streekrjocht gefolch wie dat boufergunnings net mear jûn wurde koene neffens it grûnwurk fan PAS.
De eftergrûn fan de krisis is it stikstofprobleem dat oer gâns de wrâld spilet, en dus ek yn Nederlân. Stikstof komt yn in soad ferbinings foar en komt fan dierlike dong as nitraat yn de boaiem en ammoniak yn 'e loft. Ek wurde stikstofoksiden (NOx) útstjitten troch ferbrâningsmotors sa as yn motorreauwen en yn de yndustry. Minsklik hanneljen dêr't stikstofferbinings frijkomme liede ta problemen mei de ekosystemen op lân, yn wetter en yn 'e see.
Boarnen fan stikstofferbinings De atmosfear bestiet út likernôch 78 % út stikstofgas (N2) en kin gjin kwea foar minske en miljeu. Wat de stikstofkrisis oanbelanget is it frijkommen fan ferbinings fan stikstof, bygelyks dy fan ammoniak (NH3), nitraten en ferskate stikstofoksiden, oantsjutten mei NOxWaarom liggen bouwprojecten stil en 13 andere vragen over stikstof AD.
By ferbrâningsprosessen yn automotoaren en yndustry ûntsteane dy stikstofoksiden, dy't skea feroarsaakje, sa as NO en NO2, tegearre oantsjutten as NOx. NO oksidearret yn 'e loft troch de oanwêzigens fan soerstof, en bytiden oazon, en wurdt dan NO2, dat in brún gas is en net in noflike geur hat en dat stekke kin oan de luchtwegen, noas en kielhttp://www.gezondheidenmilieu.be/nl/subthemas/stikstofoxiden-478.html oproppen 29/10/2019. Yn de lânbou wurdt stikstof útstjitten as ammoniak (NH3), dat in kleurleas gas mei in sterke geur isRIVM: Stikstof en ammoniak oproppen 29/10/2019. Ammoniak ûntstiet benammen mei it útriden fan dong op it lân.
Neffens it RIVM binne de grutste boarnen fan stikstof yn Nederlân de lânbou (46%), it bûtenlân (32%), it dykferkear (6%)https://www.rivm.nl/stikstof en it iepenbier ferfier, skipfeart en loftfeart wiene neffens it RIVM ferantwurdlik foar sa'n 1,6%Stikstofadvies: veehouderij saneren en snelheid bij natuurgebieden omlaag NRC. Fan 1991 ôf is it útstjitten fan stikstof yn Nederlân mei mear as de helte fermindere, dêr't de sterkste reduksje yn de lânbou wiehttps://www.rivm.nl/stikstof. Ek binne der grutte regionale ferskillenCLO: Stikstofdeposysje
Dat sakjen fan it útstjitten fan stikstof waard wiermakke troch ûnder oaren troch katalysatoaren foar auto's, maatregels yn de yndustry, en yn de lânbou troch dongynjeksje, dêr't dongjarre yn de boaiem ynjektearre wurdt, en luchtwaskers by bargepleatsen, dy't ammoniak fuort filterje. Ek waard der minder keunstdong brûktWaarom liggen bouwprojecten stil en 13 andere vragen over stikstof AD.
Yn oktober 2019 makke TNO buorkundich dat Nederlân yn Jeropa fierwei de grutste hoemannichte stikstof de hektare produsearret. Op it twadde plak stiet Belgje en op it tredde plak stiet Dútslân. Nederlân fiert boppedat folle mear stikstof út nei de buorlannen as dat der út it bûtenlân ynkomtTNO: Nederland relatief grootste producent stikstof van Europa NOS.
Gefolgen fan stikstofferbinings thumb|NO2 yn de atmosfear boppe Nederlân en it Ruhrgebiet Stikstofferbinings binne wichtich foar it waaksen fan in soad planten. Hja wurde ornaris op natuerlike manier troch middel fan boaiembaktearjes, sa as bygelyks de stikstofwoartelknollen, yn de woartels fan planten makke. By in stikstofbrekme waakse in soad planten minder goed en krije se gauris giele blêden. Keunstdong befettet de stikstofferbinings op it grûnwurk fan nitraat of ammoniak, sa as bygelyks ammoaniumnitraat(NH4NO3), ammoaniumdiwetterstoffosfaat (NH4H2PO4) of diammoaniumwetterstoffosfaat ((NH4)2HPO4).
At keunstdong mei grutte hoemannichten brûkt wurd, rekket de boaiem en it grûnwetter sêde mei stikstof, dêr't de planten, dy't it goed dogge op in fiedselearme boaiem, it ferlieze fan planten dy't it goed dogge op in fiedselrike boaiem, lykas brânnettels, gêrzen en toarnbeistrûkenNatuermonuminten: Stânpunt stikstof. Dat liedt ta it oantaasten fan de biodiversiteitRyksoerheid: Programma Oanpak Stikstof: Eftergrûn en ynhâld.
Tefolle stikstof yn wetterlichems kin oerstallich waaksen fan grienwier feroarsaakje, dat ta in brekme oan soerstof yn it wetter liede kin. Dat proses wurdt eutrofiearring neamd.
Yn guon natuergebieten is de boaiem tige earm oan stikstof. Yn dy geaen, lykas heidelân en dunen waakse de planten dy't ornaris oan lege stikstofgehalten oanpast binne. At it stikstofgehalte yn de boaiem omheech giet, wurde soksoarte planten ferkrongen troch de neamde hurdwaaksende planten. Guon bisten en ynsekten, dy't libje fan de stadichoan waaksende planten, nimme dan yn oantal ôf.
At stikstofoksiden yn de boaiem telâne komme, kin de boaiem fersoere reitsje. Njonken stikstof, feroarsaakje ek oare stoffen soere rein. De stikstofoksiden ferbine inoar mei wetter, sa't salpetersoer (HNO3) ûntstiet. Ien fan de gefolgen fan dat soer is, dat it oanwêzige kalsium (Ca) oplost en útspielt. Ek wurdt troch it soer de soertegraad (pH) leger, mei fan alle gefolgen foar it ekosysteem. Ek kin it grûnwetter fersmoarge reitsje.
Te hege stikstofwearden yn de lucht kinne by minsken ta problemen mei de sûnens liede, benammen foar de longen.
Stikstofmjittings Neffens it RIVM wie de trochsneed stikstofdeposysje yn Nederlân yn 2018 1730 mol de hektare (mol N/ha). De stikstofdeposysje is sûnt 1990 mei likernôch 36 prosint ôfnaam. Fan 2005 ôf is it sakjen lyk bleaun om't de ammoniakdeposysje net fierder mear ôfnaam en fan 2009 ôf sels wer in bytsje tanaam.
Yn 1990 wie de stikstofdeposysje likernôch 2700 mol N/ha. De stikstofdeposysje sakke op syn leechst ta 1600 mol N/ha, dochs is njonkelytsen wer omheech gien ta it hjoeddeiske nivo fan 1730 mol N/ha. It justjes omheech gean fan de stikstofdeposysjes wurdt taskreaun oan de útwreiding fan it feebeslach nei it opheffen fan it molkkwotum yn 2015.
It útstjitten fan de stikstofoksiden is sûnt 1990 mei 64 prosint ôfnaam, om't der maatregels naam waarden by it ferkear (ynfiering katalysator), yndustry en enerzjysektor. Ek it útstjitten fan ammoniak is sûnt 1990 mei 64 prosint ôfnaam troch ferbettere foergearstalling, it brûken fan emisje-earme stâlen, it ôfdekken fan dongsilo's en dongynjeksje yn it lânhttps://www.clo.nl/indicatoren/nl0189-stikstofdepositie?ond=20885.
Mjitark Foar it yn kaart bringen fan de stikstofdeposysje yn Nederlân brûkt it RIVM it Operationele Prioritaire Stoffen-model (OPS). It OPS is in rekkenprogramma om it fersprieden fan fersmoargjende stoffen yn 'e loft foar te jaan. Dêrnjonken berekkenet it model hoefolle fan dy stoffen de hektare op de boaiem of gewaaks del komme (deposysje). It model wurdt sûnt 1989 brûkt om de relaasje tusken it útstjitten fan stoffen yn Jeropa oan 'e iene kant en de gehalten of deposysje fan dy stoffen oan de oare kant op de skaal fan Nederlân te bepalenRIVM: Berekkenjen en modellen. Sûnt septimber 2019 wurdt it AERIUS-model ek brûkt foar mjittingsStikstofclaim eist opheldering van RIVM Boerenbusiness
Maatregels tsjin te hege stikstofbelêsting Yn 1991 gie de Jeropeeske Nitraatrjochtline fan krêft. Yn 2001 waarden yn de Jeropeeske Uny najonale emisjeplafonds ynfierd. Beide maatregels wiene ornearre foar it oanpakken fan it stikstofprobleem. Neffens Jeropeeske noarmen mei der trochsneed it jier net mear as 40 µg/m3 NO2 yn de bûtenlucht oanwêzich wêze, ornearre foar de sûnens fan de minsken.
Op grûn fan de nitraatrjochtline jilde der maksimale wearden foar it bedongjen fan lânbougrûn. Yn 2019 wie dat maksimum 170 kilo stikstof de hektareRVO: gebrûksnoarmen dierlike dong. Der binne lykwols al in stikmannich útsûnderings makke, dêr't de boer nei oanfraach gebrûk fan meitsje kin: Stikstofdifferinsjaasje: foar it waaksen fan guon gewaaksen op klaaigûn, lykas sûkerbiten en frytjirpels, dêr't mear opbringst út helle wurde kin, mei ôfhinklik fan it gewaaks 15, 20 of 30 kilo de hektare mear brûkt wurdeRVO: stikstofdifferinsjaasje. Stikstofophelpbedongjen: nei in grutte hoemannichte reinfal mei 25 prosint mear keunstdong op boulân brûkt wurde. Dêr steane al guon betingsten foar oerRVO: stikstofophelpbedongjen. Ekwifalinte maatregels: lânbouwers dy't yn de ôfrûne 3 jier hegere opbringsten of rigebedongjen by maïs tapasten op sân- en lössgrûn, meie mei guon betingsten ekstra stikstof brûkeRVO: ekwifalinte maatregels. Derogaasje: Yn 2018 en 2019 kin mei betingsten oant 230 of 250 kilo stikstof brûkt wurde op lânbougrûn. Dy derogaasje jildt foar Nederlân en in pear oare lannen en is tasein troch de Jeropeeske KommisjeRVO: derogaasje.
Yn natuergebieten moat de stikstofdeposysje werombrocht wurde ta de saneamde "krityske deposysjewearde" (KDW). Dy KDW ferskilt de type natuer. De trochsneed stikstofdeposysje yn Nederlânske natuergebieten is om 1500 mol N de hectare hinne, itjinge oerienkomt mei sa'n 21 kg N. De KDW's binne sa'n 5-25 kg N. De leechste wearden, 5-10 kg N jilde foar petten en dúngebietenWUR: Dossier: stikstof.
Stikstofkrisis Oanrin It tanimmen fan de stikstofbelêsting kaam troch it tanimmen fan it ferkear en de yndustry en troch de skaalfergrutting en it yntensivearjen fan de feehâlderij, dat ta in dongoerskot late, oan de iene kant, en it tekoart kommen fan de Nederlânske oerheid en kom mei maatregels en kring dy belêsting werom, oan de oare kant.
Yn 2003 waard Natura 2000 yn gâns de Jeropeeske Uny fan krêft. Natura 2000-gebieten waarden oanwiisd om kearngebieten te beskermjen foar in ûndergroep fan soarten habitattypen dy't opnaam binne yn de habitatrjochtline en de fûgelrjochtline. De Natura 2000-gebieten beslaan sa'n 18% fan it Jeropeeske lângebiet en 6% fan it wetter. Yn Nederlân waarden sa'n goed 160 gebieten oanwiisdMinistearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit: Natura 2000Jeropeeske Kommisje: Natura 2000.
Doe't miljeugroepen juridyske stappen tsjin de oerheid oanspanden, ûntstie de stikstofkrisis. Neffens harren waarden fergunnings te fluch jûn. Hja wisten lykwols gauris oerwinnings te heljen.
Programma Oanpak Stikstof De Nederlânske oerheid kaam mei in plan as oplossing foar it ferliezen fan prosedueres mei it Programma Oanpak Stikstof (PAS). Dat wie in amindemint út 2009 op de Krisis- en Ophelpwet, oansetten troch Twadde Keamerleden Diederik Samson en Ger KoopmansYnterview PAS-arsjitekt Ger Koopmans: Der moat wol jild fertsjinne wurde Cobouw. It PAS waard, nei in lange tiid fan tarieden, yn wurking steld op 1 july 2015, hoewol't der ûnder oaren troch SGP-Keamerlid Elbert Dijkgraaf en de Ofdieling Advisearring fan de Rie fan Steat op juridyske swakkens wiisde. Utsein GrienLinks en de Partij foar de Dieren, stimden alle partijen foar it PASDe stikstofcrisis: hoe heeft de politiek het zo ver laten komen NOS.