It Germaansk heidendom wie de oarspronklike religy fan 'e Germaanske folken sa't dy praktisearre waard fan 'e Izertiid (of earder) oant de Midsiuwen, doe't de Germanen, faak ûnder twang, kerstene waarden. It wie in foarm fan heidendom en kin as in soarte fan natoerreligy beskôge wurde. De Germaanske mytology makket der in wichtich diel fan út. It is mooglik om út sawol argeologyske fynsten as oerlevere teksten in stikmannich mienskiplike of nau besibbe eleminten fan dit leauwe te trasearjen. It Germaansk heidendom kaam fuort út 'e Proto-Yndo-Jeropeeske religy, en foarme yn 't earstoan ien nau gearhingjend gehiel. Under it Grutte Folkeferfarren wreide it him út oer in grutter gebiet, en fan dy tiid ôf begûnen ferskate tûken fan it leauwe byinoarwei te groeien, lykas it Noardske heidendom yn Skandinaavje, it Fryske heidendom yn Grut-Fryslân en it Angelsaksyske heidendom op 'e Britske Eilannen. It Germaanske heidendom is it bêst dokumintearre yn ferskate teksten út Skandinaavje en Iislân dy't út 'e tsiende en de alfde iuw datearje.

Geografyske fersprieding Germaanje (Latyn: Germania) wie de Romeinske term foar alle gebiet east fan 'e Ryn en noard fan 'e Donau oan 'e eilannen yn 'e Eastsee ta. De namme waard foar it earst brûkt troch Julius Caesar yn syn traktaat oer de Gallyske Oarloggen, Commentarii de Bello Gallico. It Germaanske kearngebiet, dat de Romeinen Magna Germania ("Grut-Germaanje") neamden, wie in regio dy't rûchwei it hjoeddeistige Nederlân, Dútslân, Tsjechje en Jutlân omfieme. Soms waard it suden fan it Skandinavysk Skiereilân der ek ta rekkene. De ôffredings fan Germaanje wiene lykwols net dúdlik definiëarre, mei't grutte Germaanske befolkingsgroepen súdlik fan 'e Ryn en de Donau binnen de grinzen fan it Romeinske Ryk wennen, wylst in diel fan it 'frije' Germaanje dúdlik binnen de Romeinske ynfloedssfear lei. Fierders oerhearske yn it suden fan Midden-Jeropa de Keltyske kultuer al ear't guon Germaanske folken har dêrhinne ferspraten. Sadwaande rekken yn dy krite iere Germaanske religieuze praktiken fermongen mei it Keltysk heidendom. Troch de iuwen hinne namen de Germanen dy't binnen of deunby de grinzen fan it Romeinske Ryk wennen ek eleminten fan it Romeinsk heidendom oer.

Boarnen Der besteane net in soad skreaune boarnen op it mêd fan it Germaanske heidendom, en fan it beheinde oantal dat wol bestiet, binne net folle skreaun troch Germaanske heidens sels. En de mûnlinge oerlevering dy't ferbûn west hawwe moat mei heidenske tradysjes, waard geandewei de Midsiuwen nei alle gedachten opsetlik ûnderdrukt troch de kristlike autoriteiten yn gearwurking mei de Roomsk-Katolike Tsjerke. Beskriuwings fan iere Germaanske religieuze gebrûken binne lykwols al oerlevere yn 'e wurken fan Romeinske skriuwers, lykas Tasitus.

Inkeld yn it Midsiuwske Iislân waarden in soad geskriften oer de heidenske tradysjes yn in Germaanske taal skreaun, yn 't bysûnder de goade- en heldedichten fan 'e Poëtyske Edda, de Proaza-Edda en de skaldyske dichters. Dy boarnen binne fan it alderheechste belang foar it hjoeddeistige begryp fan it Germaanske heidendom. It probleem is lykwols dat alle neamde wurken makke of yn elts gefal foar it earst opskreaun waarden nei't it kristendom yn Iislân dominant wurden wie, en dat de skriuwers sels kristenen wiene. Saakkundigen geane der dêrom algemien fan út dat de Aldiislânske boarnen in beskate kristlike ynfloed fertoane, mar yn hoe'n hege mjitte oft dat it gefal is, kin net mear neigien wurde.

Guon spoaren fan it Germaanske heidendom binne fierders oerlevere yn oare wurken fan Midsiuwske kristenen, lykas it Midheechdútske Nibelungenlied en it Aldingelske Beowulf. De folkloare fan 'e Germaanske folken út 'e Midsiuwen is ek wol brûkt as boarne, mar ek dêryn is in sterke kristlike ynfloed werom te finen.

Wylst ferhalen in grut ferspriedingsgebiet hawwe kinne en meitiid maklik feroarje kinne, mei as gefolch dat lette teksten oant op beskate hichte as ûnbetrouber beskôge wurde moatte as it giet om 'e iere Germaanske religy, feroarje talen op mear foarsisbere wize. Troch taalkundich ûndersyk te dwaan is it mooglik om wurden út besibbe talen te ferlykjen en op rasjonele wize te rekonstruëarjen wat de ferlern giene, eardere wurdfoarmen west hawwe moatte. Dêrút kin oant op in hichte ek ôflaat wurde wat dy ierdere wurdfoarmen bestjut hawwe moatte. Sa kinne ek de nammen fan goaden, mytyske wêzens en rituelen weromfûn wurde. Om in foarbyld te jaan: alle âlde Germaanske talen brûkten in selde ûnsidich haadwurd om nei heidenske goaden te ferwizen: yn it Goatysk guþ, yn it Aldheechdútsk got, yn it Aldingelsk god en yn it Aldnoarsk guð. It Oergermaansk moat dêrom perfoarst ek sa'n selde wurd hân hawwe mei in selde betsjutting.

Skiednis Proto-Germaansk heidendom It Germaansk heidendom kaam fuort út 'e Proto-Yndo-Jeropeeske religy. Oer de prehistoaryske foarm fan it Germaanske heidendom is frijwol neat bekend.

Romeinske Tiid Algemiene beskriuwing Iere foarmen fan it Germaansk heidendom binne útslutend bekend troch argeologyske oerbliuwsels en kinne dêrom inkeld ynterpretearre wurde op basis fan ferlykjend ûndersyk mei oare religyen of troch evaluaasje fan 'e lettere Skandinavyske literatuer. Njonken de rike argeologyske fynsten, dêr't û.m. de wiidfersprate ferearing fan in god fan it fjoer út blykt, bestiet der ek taalkundich bewiis op it mêd fan iere Germaanske religieuze praktiken. Nettsjinsteande dat is de beskriuwing fan 'e âldste foarmen fan it Germaanske heidendom basearre op ûnwisse rekonstruksjes, dy't sels fierhinne basearre binne op ferlikings mei oar religyen.

Argeologyske fynsten wize der sterk op dat iere Germaanske folken guon rituelen fan deselde soarten hiene as de âlde Kelten, lykas offerrituelen en divinaasjerituelen. Ek leauden se nei alle gedachten, op 'e nij krekt as de Kelten, yn in spirituële bân tusken harrensels en de natoer om harren hinne. Dy oerienkomsten binne net sa nuver, mei't Germanen en Kelten fan deselde Proto-Yndo-Jeropeeske oarsprong kamen. Völva's, Germaanske preesteressen, wiene freze ûnder de Romeinen, om't dy lange ljochte froulju, klaaid yn wite kladen, gauris it mês hantearren by de útfiering fan rituelen, dy't ek minske-offers omfetsje koene. Kriichsfinzenen waard út en troch by offerrituelen de kiel trochsnien, sadat se deabletten yn grutte tsjettels, of oars koe by in divinaasjeritueel harren de búk iepensnien wurde, dat út har op 'e grûn útspraat yngewant de profesijen lêzen wurde koene. Sokke rituelen waarden faak útfierd yn hillige wâlden op eilantsjes yn marren, dêr't ivige fjurren brânende holden waarden.

Ferskate goaden út 'e Germaanske mytology kamen rûnom by Germaanske folken foar. It bêste foarbyld dêrfan is Weda (sa't er mank de Friezen bekend stie), dy't op it Jeropeeske fêstelân ek wol Wodan, Wotan of Wuotan neamd waard, by de Angelsaksen Woden hiet en troch de Noardgermanen Óðinn of Odin neamd waard. In oar tige bekend foarbyld wie de god Tonger, op it Jeropeeske fêstelân ek bekend as Donar, mank de Angelsaksern as Þunor en ûnder de Noardgermanen as Þórr of Thor. It kristendom hie foar de pre-kristlike Germaanske folken neat te betsjutten oant se yn kontakt kamen mei it Romeinske Ryk.

Julius Caesar Ien fan 'e âldste geskriften oangeande it Germaanske heidendom is Julius Caesar syn beskriuwing fan 'e Romeinske ferovering fan Galje, de Commentarii de Bello Gallico. Dêryn jout de Romeinske fjildhear nammentlik in ferliking tusken de religieuze gebrûken fan 'e Kelten, dy't er as tige ferfine omskriuwt, mei de neffens him primitive tradysjes fan 'e Germanen. "It deistich libben fan 'e Germanen is hiel oars. Sy hawwe gjin druïden dy't tafersjoch hâlde oer saken op it mêd fan it godlike, en likemin bestiet der mank harren in protte entûsjasme foar it bringen fan offers. Se erkenne as goaden inkeld dy ferskynsels dy't se waarnimme kinne en troch de ynfloed wêrfan't se wolfarre, de Sinne, Fjoer en de Moanne; oaren hawwe se sels noch nea fan heard. Harren hiele libben bringe se troch mei de jacht en mei oarlochfieren. (Commentarii de Bello Gallico 6.21.1–6.21.3) De beskriuwings fan 'e godstsjinst fan 'e Germaanske folken sa't Caesar dy jout, wykt sterk ôf fan wat oare iere boarnen sizze, en dêrom wurdt oan syn ferhaal troch moderne histoarisy net altefolle wearde hechte. Oer it algemien beskriuwt er Germaanje as in barbaarsk wûnderlân, dat folslein oars is as it Itaalje dêr't er sels wei kaam. Dêrtroch leit er benammen de klam op dingen dy't troch de Germanen oars dien wurde as troch de Romeinen. In ynteressant detail is lykwols syn identifikaasje fan 'e wichtichste god fan 'e Germanen (Weda) mei de Romeinske god Merkuerius. Krektsa jout er ek alle oare Germaanske goaden dy't er neamt Romeinske nammen, te witten: Apollo, Mars, Jupiter en Minerva.

Tasitus In lettere en folle mear detaillearre ferslach fan it Germaanske heidendom waard jûn troch de Romeinske histoarikus Publius Kornelius Tasitus, dy't om it jier 100 hinne syn wurk Germania skreau. Fral de etnografyske beskriuwings yn dat wurk wurde noch altyd tige heech wurdearre. Neffens Tasitus offeren de Germanen sawol bisten as minsken oan harren wichtichste goaden, dy't hy identifisearre mei Herkules en Mars. Ek skriuwt er dat teminsten ien fan 'e Germaanske folken, de Suëven, ek Romeinske kriichsfinzenen offeren oan in goadinne dy't er identifsearret mei Isis.

In oare goadinne, troch Tasitus oantsjut as Nertus, waard neffens him fereare troch in groep stammen yn it noardwesten fan Germaanje. Neffens Tasitus leauden har oanbidders dat sy streekrjocht yn minkslike saken yngriep. Har wichtichste hillichdom wie fêstige yn it wâld Castum, op in eilân yn in mar. In kapwein lutsen troch oksen wie oan 'e goadinne Nertus wijd en inkeld har hegepreester mocht it hiele reau oanreitsje. Dyselde wie ek de iennichste dy't sjen koe dat de goadinne yn 'e wein klom, wêrnei't in rûnreis folge troch de omlizzende krite. Dêrby hong in gerdyn foar de iepening fan 'e wein, sadat nimmen deryn gluorkje koe. Oeral dêr't de wein arrivearre, waard in feest ta eare fan 'e goadinne holden. De hegepreester ferklearre de rûnreis dien as de goadinne har nocht hie fan it kontakt mei de minsken. Dêrnei kearde de wein werom nei it hillichdom, dêr't sawol de wein as it gerdyn wosken waarden. De slaaf dy't dy taak ferfolle, waard neitiid yn 'e mar ferdronken. Yn 'e tiid dat de goadinne op 'en paad wie, wie it de stammen yn dat gebiet ferbean om oarloch te fieren.

Neffens Tasitus beskôgen de Germanen timpels as folslein ûngaadlike residinsjes foar goaden. Ek bylden se har goaden nea ôf yn minsklike foarm, sa't de Romeinen diene. Ynstee ferearen se har goaden yn hillige wâlden. Neffens histoarikus John Thor Ewing soe it Germaansk heidendom as religy bestien hawwe út "yndividuële leauwenden, famyljetradysjes en regionale kulten binnen in rûchwei konsekwint ramt." Hoewol't de Germaanske folken nea echt ien unifoarme groep mei in mienskiplike kultuer foarmen, is út Midsiuwske teksten bekend dat se op it mêd fan harren leauwe wol allegearre oer tinkbylden beskikten dy't fierhinne itselde of alteast nau besibbe wiene.

Fan 'e Romeinske Tiid nei de Midsiuwen