De sprinkhoannemûzen (wittenskiplike namme: Onychomys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e mûzen en jerboä's (Myomorpha), de boppefamylje fan 'e mûzen en rotten (Muroidea), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ynformele groep fan 'e mûzen en rotten fan de Nije Wrâld, de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae) en de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini). Ta dit skaai hearre trije soarten wrotmûzen, dy't foarkomme yn 'e Feriene Steaten en Meksiko. Sprinkhoannemûzen steane derom bekend dat se lidpoatigen lykas skorpioenen en tûzenpoaten ite dy't tige giftich binne. __TOC__ Skaaimerken Sprinkhoannemûzen binne mar út 'e fierte besibbe oan 'e gewoane hûsmûs, en hawwe mear gemien mei oare wrotmûseftigen, lykas de fjildmûs en de rottekop. Se hawwe in kop-romplingte fan sa'n 8½-12 sm en in sturt fan trochinoar 2½-6 sm, dy't frij koart is yn ferhâlding ta it lichem. Sprinkhoannemûzen binne territoriaal en ferdigenje harren domein troch te spûkgûlen, krekt sa't wolven dat dogge. Harren territoaria hawwe trochinoar in oerflak fan 11 ha.

Sprinkhoannemûzen ûnderskiede har fan oare mûzen troch har iten; se frette nammentlik behalven ynsekten (lykas sprinkhoannen, dêrfandinne de namme), wjirms en oar lyts dierte, ek in soad giftige bisten, lykas fûgelspinnen, skorpioenen, tûzenpoaten en sels lytse slangen. Ek frette se wol oare soarten mûzen. Se beslûpe harren proai op deselde wize as dat in kat dat docht en skeakelje de skorpioenen út troch de sturt ôf te biten en spinnen en tûzenpoaten troch de senuwen nei de kaken troch te biten. Ek binne sprinkhoannemûzen ymmún foar ferskate soarten gif.

Skaai-opbou

skaai sprinkhoannemûzen (Onychomys) mearnssprinkhoannemûs, Mearns' sprinkhoannemûs of Chihuahuasprinkhoannemûs (Onychomys arenicola) noardlike sprinkhoannemûs (Onychomys leucogaster) súdlike sprinkhoannemûs (Onychomys torridus)

Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Wrotmûseftige