Fiifhearelannen (Nederlânsk: Vijfheerenlanden) is in gemeente yn it suden fan 'e provinsje Utert.

De gemeente hat ynwenners (), boarne: CBS) en hat in oerflakte fan 153,31 km² (wêrfan 6,9 km² wetter).

De gemeente is yn 2019 oprjochte en is ûntstien troch it gearfoegjen fan trije gemeenten: Fianen, Leardam en Zederik. Haadplak is it plak Meerkerk. De gemeente Fiifhearelannen komt rûchwei oerien mei de lânstreek Fiifhearelannen.

Plakken Stêden Ynwenners Doarpen Ynwenners Ameide 3.955 Everdingen 1.205 Leerdam 19.615 Hagestein 1.515 Vianen 16.670 Hei- en Boeicop 1.015 Hoef en Haag 2.945 Kedichem 835 Leerbroek 1.545 Lexmond 2.970 Meerkerk 3.950 Nieuwland 1.035 Schoonrewoerd 1.680 Tienhoven aan de Lek 805 Zijderveld 870

Skiednis Op 10 novimber 2015 waard bekend dat de gemeenten Fianen, Leerdam en Zederik gearfoege wurde soene ta ien nije gemeente. De weryndieling waard op 1 jannewaris 2019 in feit. Al in jier earder, op 1 jannewaris 2018, waarden de amtlike organisaasjes fan 'e trije gemeenten gearfoege.

By dy weryndieling waard ek de provinsjegrins feroare. Fianen hearde sûnt 2002 by de provinsje Utert, wylst Leerdam en Zederik by Súd-Hollân hearden. Yn it proses waard dêrom lang diskusjearre oer de fraach by hokker provinsje de nije gemeente hearre moast. Lang om let waard keazen foar Utert, nettsjinsteande beswieren út Súd-Hollân.

De provinsjes koene it net iens wurde oer de kar. In ûnôfhinklik adviseur, de CDA-er Geert Jansen, advisearre by eintsjebeslút om de nije gemeente by Utert yn te dielen. De ministerried naam dat advys oer. De Twadde Keamer stimde yn april 2018 yn mei it wetsfoarstel en de Earste Keamer die dat yn july fan dat jier. Op 1 jannewaris 2019 ûntstie sa de hjoeddeiske gemeente Fiifhearelannen.

Rjochtsaak Niemans De eardere gemeente Fianen wie al sûnt de jierren 1970 belutsen by in langrinnende rjochtsaak mei betonbedriuw Niemans oer in roalling fan grûn. Yn 2020 waard de gemeente Fianen troch it Gerjochtshôf De Haach oanspraaklik steld foar de skea. De gemeente Fiifhearelannen moast dêrom noch €52 miljoen oan it bedriuw betelje. De saak wurdt as de langstrinnende rjochtsaak fan Nederlân beskôge.

Polityk By de earste gemeenteriedsferkiezingen foar de nije gemeente, op 21 novimber 2018, kaam it CDA as grutste partij út 'e bus. By de foarming fan it earste kolleezje spile de keapsnein in wichtige rol. De SGP, dy't fiif sitten helle en sterk hechtet oan de sneinsrêst, waard dêrom al foar de koälysjeûnderhannelings troch de VVD útsletten as koälysjepartner. Uteinlik waard in brede koälysje foarme fan CDA, KristenUny, PvdA, D66 en VVD, mei 20 fan 'e 31 sitten.

Yn maart 2019 mochten ynwenners fan elts doarp har útsprekke oer de fraach oft winkels alle sneinen iepen mochten fan 12.00 oant 17.00 oere. De útslach ferskilde sterk per plak. Yn ûnder mear Leerdam, Fianen en Lexmond waarden keapsneinen tastien, wylst yn Ameide, Meerkerk en ferskate oare plakken de sneinsrêst hanthavene waard. Yn Kedichem en Schoonrewoerd waard in tuskenfoarm keazen.

Kategory:Gemeente yn Utert Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2019