Cassandra is in koart ferhaal fan it fantasysjenre fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel ferwiist nei it personaazje Kassandra út 'e Ilias fan Homearus, dy't de jefte fan profetearjen hie, mar op wa't de flok rêste dat nimmen har warskôgings ea leauwe woe. Cassandra wie it twadde koarte ferhaal dat Cherryh ea skreau. It waard yn 1978 publisearre yn it tydskrift The Magazine of Fantasy & Science Fiction en wûn yn 1979 de prestizjeuze Hugo Award yn 'e kategory bêste koarte ferhaal. Cassandra is neitiid ferskate kearen werpublisearre. It ferhaal is oerset yn it Dútsk, Frânsk, Poalsk, Italjaansk en Roemeensk.
Eftergrûn C.J. Cherryh is it bekendst om har romans op it mêd fan fantasy en science fiction, dy't fierwei it meastepart fan har oeuvre beslane. Koarte ferhalen skriuwt se oer it algemien inkeld as se dêr troch in útjouwer of in redakteur fan in blomlêzing om frege wurdt, of as se ynspiraasje hat foar it útwurkjen fan in idee dat himsels net lient foar de langere foarm fan in roman. Dat se mei Cassandra de Hugo Award wûn, kaam foar har sadwaande as in folsleine ferrassing.
Ynhâld
De jefte fan foarwittenskip is in flok foar Alis dêr't se gjin behearsking oer hat. Hja sjocht oanhâldend de takomst as in dúdliker wurklikheid as de tinne, dizenige sitewaasje fan no dêr't de bylden oerhinne lizze. Se kin dêr neat tsjin dwaan, en de takomst is skriklik. Eltse moarn ferlit se har baarnende appartemint en rint troch de ruïne fan in stêd nei it iennichste kafee dat alteast noch foar in diel oerein stiet. Oeral dêr't se giet, komt Alis minsken tsjin dy't der foar har as ferkoalde liken útsjogge. Se wit dat de bylden dy't se sjocht, wurklikheid wurde sille, mar se besiket net mear om dêrfoar te warskôgjen, want de lju beskôgje har as sljochtsinnich. As de bommen úteinlik falle, wit se har eigen libben te rêden troch beskûl te sykjen yn 'e kelder ûnder it kafee. Neitiid falle de bylden fan 'e ferwoastge stêd en de deade ynwenners gear mei de wurklikheid, en kin Alis einlings en te'n lêsten in 'normaal' bestean liede middenmank de ruïnes en de liken.
Publikaasjeskiednis jier titel soarte taal 1978The Magazine of Fantasy & Science FictiontydskriftIngelsk 1979The 1979 Annual World's Best SFIngelskblomlêzing 1980Science Fiction Story Reader 13blomlêzingDútskFictiontydskriftFrânskUnivers 1980blomlêzingFrânskNebula Winners FourteenblomlêzingIngelsk 1981Anthologie de la Littérature de Science-FictionblomlêzingFrânsk 1983Fantastyka 3tydskriftPoalsk 1984Wollheim's World's Best SF: Series EightblomlêzingIngelskI Premi Hugo: 1976-1983blomlêzingItaljaansk 1985Science Fiction Jubiläums Band: 25 Jahre Heyne Science Fiction & Fantasy 1960-1985blomlêzingDútskThe Hugo Winners, Volume 4: 1976-1979blomlêzingIngelsk 1986Visible LightferhalebondelIngelsk 1987The Dark VoidblomlêzingIngelskCosmos XXI: Întîmplări Dintr-un Univers al PăciiblomlêzingRoemeensk 1994The SF CollectionblomlêzingIngelsk 1995Women of Wonder, the Contemporary Years: Science Fiction by Women from the 1970s to the 1990sblomlêzingIngelsk 1998The Unexplained: Stories of the ParanormalblomlêzingIngelsk 2000Une Histoire de la Science-Fiction 3: 1958-1981, L'ExpansionblomlêzingFrânsk 2004The Collected Short Fiction of C.J. CherryhferhalebondelIngelsk 2010The Last Man Anthology: Tales of Catastrophe, Disaster and WoeblomlêzingIngelsk 2014Galaxy's Edge MagazinetydskriftIngelsk 2016Women of Futures PastblomlêzingIngelsk
Prizen en nominaasjes jier priis resultaat kategory 1979 Locus Awardtwadde priisbêste koarte ferhaal Nebula Awardtwadde priisbêste koarte ferhaal Hugo Awardwûnbêste koarte ferhaal Yn 1999 waard Cassandra fierders troch it tydskrift Locus beneamd ta ien fan 'e 50 bêste koarte ferhalen aller tiden op it mêd fan fantasy en science fiction.
Kategory:Literêr wurk fan C.J. Cherryh Kategory:Fantasyferhaal Kategory:Ingelsktalich koart ferhaal Kategory:Koart ferhaal út 1978 Kategory:Literatuer oer heldersjendheid