Bob Hawke (folút: Robert James Lee Hawke; Bordertown, 9 desimber 1929 – Northbridge, 16 maaie 2019) wie in Australysk politikus, dy't fan 1983 oant 1991 premier fan Austraalje wie. Hy studearre û.m. oan 'e Universiteit fan Oxford en begûn syn karriêre yn 1957 as ûndersiker foar de Australyske Ried fan Fakbûnen (ACTU), dêr't er yn 1969 foarsitter fan waard. Yn 1980 waard er yn it Australyske Hûs fan Offurdigen keazen foar de Australyske Arbeiderspartij (ALP), en yn 1983 klom er op ta it premierskip. Hawke wûn yn 1984, 1987 en 1990 de Australyske ferkiezings. As premier herfoarme er de syktekostefersekering en it pinsjoenstelsel, deregulearre er de finansjele sektor en fierde er de Australia Act troch, dy't Austraalje einlings en te'n lêsten bestjoerlik hielendal losmakke fan it Feriene Keninkryk. Ek yntrodusearre er Advance Australia Fair as offisjeel folksliet en wied er ien fan 'e grûnlizzers fan 'e APEC. Yn 1991 ferlear er it liederskip fan 'e Arbeiderspartij oan Paul Keating, wêrnei't er him yn 1992 út 'e aktive polityk weromloek.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Hawke waard yn 1929 berne yn Bordertown, yn 'e Australyske steat Súd-Austraalje, as it twadde bern yn 'e húshâlding fan Arthur "Clem" Hawke (1898-1989), in kongregasjonalistysk predikant út in fan oarsprong Kornyske famylje, en dy syn frou Edith Emily "Ellie" Lee (1897-1979), in skoaljuffer. Hawke syn omke, Albert Hawke, wie fan 1953 oant 1959 premier fan West-Austraalje. Hawke syn âldere broer, Neil (1922-1939), kaam mei santjin jier te ferstjerren oan harsensfluesûntstekking, dêr't doedestiden gjin genêzing foar bestie. Neitiid ûntjoech syn mem in suver messiaansk leauwe dat har oare soan foarbestimd wie om it fier te bringen yn it libben, eat dat Hawke syn jonkheid en opfieding sterk beynfloede.
Hawke groeide op yn 'e Australyske steat West-Austraalje, dêr't syn âldelju koart nei syn berte hinne ferfearn wiene. Hy genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Perth Modern School yn Perth. Yn 1946, doe't er santjin jier wie en deselde leeftyd hie as syn broer Neil doe't dy stoar, krige Hawke in slim ûngemak mei in motorfyts. Hy lei ferskate dagen yn kritike tastân yn it sikehûs en helle it by de dea om 't ôf. Dat op in hier nei fatale barren soarge derfoar dat er neitiid dreaun wie om syn talinten ta it uterste te brûken en alles út it libben te heljen. Yn 1947, doe't er achttjin jier wie, waard er lid fan 'e Australyske Arbeiderspartij (Australian Labor Party, ALP). Hy folge in stúdzje rjochten oan 'e Universiteit fan West-Austraalje en studearre yn 1952 mei goed gefolch ôf. It jiers dêrop wûn er in Rhodesbeurs om fierder te learen oan 'e Universiteit fan Oxford, yn Ingelân. Hy studearre dêr filosofy, politikology en ekonomy (PPE), mar ûntdiek al rillegau dat er de learstof foar in grut part al earder hân hie. Dêrom wiksele er fan oplieding en sette ynstee útein mei in stúdzje Ingelske taal- en letterkunde. Dêrfoar behelle er yn jannewaris 1956 in bachelortitel.
Werom yn Austraalje naam Hawke in stúdzjebeurs oan om oan 'e Australyske Nasjonale Universiteit (ANU) yn Canberra fierder te learen foar in doktoraat. Koart nei't er him dêr as studint ynskriuwe litten hie, waard er as fertsjintwurdiger fan it studintekorps opnommen yn 'e Universiteitsried. Yn 1957 kaam der by de Australyske Ried fan Fakbûnen (Australian Council of Trade Unions, ACTU) in posysje frij as ûndersiker dy't earder ferfolle wie troch Harold Stouter. Dyselde wie lykwols sekretaris fan 'e ACTU wurden. Hawke syn mentor oan 'e Australyske Nasjonale Universiteit, heechlearaar H.P. Brown, dy't it fakbûn al ferskate jierren bystie as saakkundige op it mêd fan ynkommensferbettering, rette doe Hawke oan om 'e frijkommen funksje te ferfoljen. Doe't him de baan oanbean waard, besleat Hawke om syn doktoraalstúdzje deroan te jaan, en ferhuze er mei syn frou nei Melbourne, dêr't it haadkantoar fan 'e ACTU fêstige wie.
Karriêre by it fakbûn Inkele jierren nei't er by de ACTU kommen wie te wurkjen, krige Hawke de ferantwurdelikheid om it stânpunt fan it fakbûn te ferdigenjen foar de jierlikse kommisje fan 'e oerheid oer dy't foech hie oer de ferheging fan 'e leanen. De foarrige fertsjintwurdiger fan it fakbûn, R.L. Eggleston, wist yn 1958 mar in leansferheging fan fiif shilling de wike los te krijen, mar doe't Hawke it fakbûn yn 1959 foar it earst fertsjintwurdige, wist er foarinoar te krijen dat de leanen dat jiers mei fyftjin shilling omheech giene. Dat waard beskôge as in grutte oerwinning foar it fakbûn en foar Hawke persoanlik. Neitiid behelle er sa'n súkses en krige er dêrtroch sa'n bekendheid binnen de fakbeweging, dat er yn 1969 oantrune waard om him ferkiesber te stellen foar it foarsitterskip fan 'e ACTU, ek al hied er nea earder in bestjoerlike funksje hân. Hy waard keazen mei in frij krappe mearderheid fan 399 tsjin 350 stimmen, wêrby't syn stipe benammen út 'e lofterhoeke fan 'e fakbûnen kaam, û.m. fan guon groepen dy't bannen hiene mei de Kommunistyske Partij fan Austraalje (CPA).
Nettsjinsteande dat, of miskien wol dêrom, naam Hawke doe't er ien kear foarsitter wie, ôfstân fan 'e lofterfleugel fan 'e ACTU, en syn belied yn ferhâlding ta it Australyske regear wie pragmatysk ynstee fan ideologysk. Hy toande him in oanhinger fan 'e steat Israel, wat nei't it skynt late ta (nea yn 'e praktyk brochte) plannen fan it Folksfront foar de Befrijing fan Palestina om him út 'e wei te romjen. Yn 1971 besocht Hawke, as foarsitter fan 'e ACTU, omreden fan 'e Apartheid yn Austraalje in boycot fan 'e grûn te krijen tsjin it besykjende Súdafrikaanske rugbyteam. Dat slagge net, om't de fakbûnen fan horekapersoneel en fan meiwurkers fan it iepenbier ferfier wegeren mei te dwaan. Hoewol't Hawke driichbrieven en haatlike tillefoantsjes krige fan folk dat miende dat sport en polityk neat mei-inoar te krijen hiene, hold er fêst oan syn miening. Letter datselde jier koe in besyk fan it Súdafrikaanske cricketteam oan Austraalje net trochgean om't de ACTU doe wol in unanime boycot útrôp. Fan dat stuit ôf oant it ôfskaffen fan 'e Apartheid sette der nea wer in Súdafrikaanske sportteam foet op Australyske boaiem, in feit dêr't Nelson Mandela Hawke letter foar betanke.
Hawke wie in kundich ûnderhanneler en hy hie net inkeld it respekt fan syn eigen efterban en de wurkjouwers, mar omreden fan syn garismatyske persoanlikheid mocht hast eltsenien him wier lije. Yn 1972 giene der al geroften dat er de polityk yn gean soe. Yn 1973 waard er nasjonaal foarsitter fan 'e Australyske Arbeiderspartij, in funksje dy't er kombinearre mei syn foarsitterskip fan 'e ACTU. Twa foltiids banen en in alkoholferslaving namen fan him mear as dat er oankoe, mei as gefolch dat er yn 1979 fysyk ynstoarte. Yn dyselde snuorje rekke er ek noch by de frou wei. Neitiid joech er syn ferslaving op 'e tillefyzje ta yn in fraachpetear en seid er ta te besykjen om syn problemen te oerwinnen, wat him úteinlik slagge. Syn populariteit waard troch dat alles noch grutter as earder.
Karriêre yn 'e polityk As parlemintslid Hawke stelde him foar it earst ferkiesber foar in sit yn it Australyske Hûs fan Offurdigen by de federale ferkiezings fan 1963, foar it kiesdistrikt Corio, yn 'e steat Fiktoaria. Hy wist der yn ferhâlding mei eardere ferkiezings tsjin 'e lanlike trend yn 3,1% by te winnen foar de Australyske Arbeiderspartij (ALP), mar dat wie net genôch om it sittende liberale parlemintslid Hubert Opperman te ferslaan. Yn 'e 1970-er jierren liet Hawke ferskate kânsen om it nochris yn 'e polityk te prebearjen oan him foarby gean, eat dêr't er yn guon gefallen letter spyt fan krige. Uteinlik stelde er him foar de federale ferkiezings fan 1980 kandidaat foar it Hûs fan Offurdigen foar it kiesdistrikt Wills, yn Melbourne. Diskear wûn er it mei in romme mearderheid. Fuort nei de ferkiezings waard er as skaadminister fan Yndustriële Ferhâldings opnommen yn it skaadkabinet fan opposysjelieder Bill Hayden, de fraksjefoarsitter fan 'e ALP yn it Hûs fan Offurdigen.
Hayden stie yn dy tiid bleat oan oanboazjende krityk om't de ALP ûnder syn lieding de ferkiezings fan 1980 ferlern hie. Besykjend om syn gryp op 'e partij te ferstevigjen, skreau er foar 16 july 1982 in liederskipsferkiezing út binnen de ALP-fraksje yn it Hûs fan Offurdigen. Hawke stelde himsels dêrop ek kandidaat foar it liederskip, mar waard troch Hayden mei in lytse marzje ferslein. Nettsjinsteande dat gie Hawke efter de skermen troch mei yntriizjes tsjin Hayden, mei't út opinypeilings bliek dat hysels folle populêrder wie ûnder de Australyske befolking as Hayden of premier Malcolm Fraser fan 'e Liberale Partij fan Austraalje (LPA). Troch in ûnferwachts ferlies fan 'e ALP by in tuskentiidske ferkiezing yn it kiesdistrikt Flinders kaam Hayden noch mear ûnder druk te stean en rûnen promininte en machtige leden fan 'e ALP, lykas Graham Richardson en Barrie Unsworth, oer nei it kamp fan Hawke. De defeksje fan John Button, de fraksjefoarsitter fan 'e ALP yn 'e Australyske Senaat, joech foar Hayden úteinlik de trochslach, en op 3 febrewaris 1983 makke er syn ûntslach as fraksjefoarsitter yn it Hûs fan Offurdigen bekend.
Om't er by de dêrnei holden liederskipsferkiezings de iennichste kandidaat wie, folge Hawke Hayden op as fraksjefoarsitter fan 'e ALP yn it Hûs. Underwilens hie premier Fraser yn 't foar lucht krigen fan 'e machtswiksel by de ALP, en besykjend om dêr gebrûk fan te meitsjen, rôp er betidere federale ferkiezings út op deselde deis dat Hayden syn ûntslach bekend makke. It wie syn bedoeling om 'e ferkiezings te hâlden foar't de ALP yntern de saken wer op oarder hie, mar dêr stiek de gûverneur-generaal fan Austraalje in stokje foar om't der regels wiene foar hoefolle tiid oft der minimaal sitte moast tusken it oankundigjen en it hâlden fan ferkiezings. De federale ferkiezings fan 1983 waarden sadwaande holden op 5 maart, doe't Hawke by de ALP fêst yn it seal siet. Fan gefolgen brocht er de LPA fan Fraser in swiere nederlaach ta, wêrby't er in mearderheid yn it Hûs fan Offurdigen behelle fan 24 sitten.
As premier: belied Op 11 maart 1983 lei Hawke de eed ôf as de 23e premier fan Austraalje. Fuort dêrnei ûntdiek er dat Malcolm Fraser ferburgen holden hie dat der in grut gat yn 'e begrutting siet. Dat betsjutte dat de herfoarmings dy't de ALP fan doel west hie troch te fieren, útsteld wurde moasten om't Hawke fûn dat earst de begrutting op oarder moast. Pas dêrnei koe der herfoarme wurde.
Op ekonomysk mêd wiene Hawke syn deregulaasje fan 'e finansjele sektor en loskeppeljen fan 'e Australyske dollar fan 'e koerts fan oare muntienheden de wichtichste besluten út it hiele desennium fan 'e 1980-er jierren. It gefolch dêrfan wie dat de Australyske ekonomy oansjenlik mear yntegrearre rekke mei de wrâldekonomy, wat wer soarge foar in folslein oare hannelsrelaasje mei Aazje, Jeropa en de Feriene Steaten. Yn nauwe gearwurking mei syn minister fan Finânsjes Paul Keating ûntmantele Hawke fierders it systeem fan ymporttariven, beëinige er de subsidiëarring fan ferliesjaande sektoaren, en privatisearre er steatsbedriuwen as de Commonwealth Bank of Australia, telekombedriuw Aussat (no Optus), loftfeartmaatskippij Qantas en farmaseutysk bedriuw CSL Limited. Ek fierde syn regear in belestingherfoarming troch dy't it bedriuwslibben swierder belêste en dêr't de liberale oppossysje him fûleindich tsjin oankante. Opmerklik genôch waard dy herfoarming lykwols net weromdraaid doe't de LPA úteinlik wer oan 'e macht kaam.