De Katedraal fan Sint Marije fan Oloron (Frânsk Cathédrale Sainte-Marie d'Oloron) is in tsjerke yn Oloron-Sainte-Marie yn it Frânske departemint Pyrénées-Atlantiques. De katedraal is sûnt 1939 in histoarysk monumint en waard yn 1998 ynskreaun as wrâlderfgoed fan UNESCO as ûnderdiel fan 'e pylgerrûtes nei Santiago de Compostella.

De tsjerke tsjinnet as ko-katedraal fan it bisdom Bayonne-Lescar-Oloron.

Skiednis De bou fan 'e tsjerke sette yn 'e 12e iuw útein yn opdracht fan Gaston IV, greve fan Béarn. It wie oant 1801 de sit fan it bisdom fan Oloron, doe't it bisdom mei it konkordaat fan 1801 waard opheven. thumb|left|Romaanske portaal.

De tsjerke helle it wrâldnijs yn 2019, nei't de tsjerke yn 'e iere moarn fan 4 novimber skeind waard troch in raamynbraak. De dieven ramden mei in persoane-auto in midsiuwske houten doar fan 'e monumintale katedraal en stielen in monstrâns, sulveren tsjelken, krusen en liturgyske gewaden. Dêrnjonken fernielden de dieven it hek dat de tsjerkeskat beskerme, in stânbyld en in faas.Nederlands Dagblad, 5 novimber 2019NOS, 5 novimber 2019

De oanfal op 'e katedraal yn Olongron wie ien yn in weach fan oerfallen op katolike tsjerken yn Frankryk. Yn 2018 waarden der yn it lân 129 gefallen fan tsjeafte en 877 gefallen fan fernielerij rapportearre, yn tsien jier tiid in tanimming fan 400%.Catholikc News Agency, 5 novimber 2019

Oloron Oloron