Taan is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It kin omskreaun wurde as in ljochtbrunige oant brún-oranjige kleur. Der bestiet gjin sekuere definysje fan taan, en sadwaande binne der ferskate tinten dy't dizze namme brûke. As wurd is taan fan Frânske oarsprong. It is bekender as in namme foar bedjer tsjingeande fervestof fan ferlykbere kleur. Yn 'e heraldyk is taan in heraldyske kleur dêr't ek wol de namme tenné foar brûkt wurdt, mar dy't net troch alle autoriteiten erkend wurdt.
Etymology It wurd 'taan' komt fan it Aldfrânske tané, dat letterlik 'toud' betsjut, yn 'e sin fan it bewurke hawwen fan hûden ta lear yn 'e leartouwerij. Tané giet op syn beurt werom op it Latynske tannare ("touwe"), fan tannum, in beneaming foar de ferbrokkele skors fan ikebeammen dy't yn 'e leartouwerij brûkt wurdt of waard. Uteinlik is it wurd nei alle gedachten it Latyn ynkrongen út in Keltyske taal (ferlykje it Bretonske tann, dat "ikebeam" betsjut).
Kleurtechnyk By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is taan in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch de ferminging fan 'e primêre kleuren read en grien. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols ynstee fan syaan swart tafoege, om't dat bettere resultaten jout.
Taantinten Hjirûnder in stikmannich kleurtinten dy't wol omskreaun wurde as 'taan': taan #CD5700 baarnd oranje #CC5500 bjirketaanbrún #A67B5B bjirketaangriis #958070 bjirketaangriisbrún #A87C6D camel #C19A6B dûnkerliuwetaan #826644 dûnkerokertaan #996515 feal taan #CC7F3B foks #E48400 karamel #CC7F3B liuwetaan #C19A6B ljochtokertaan #BE8A3D ljochtsûkelarjebrún #cc7f33 oranjetaan #CB6D51 porttaangriis #643A48 porttaanread #692545 taangriisbrún #A67B5B taanbrún #AE6938 taangriisoliifbrún #826644 taanoliifgrien #967117 tan #D2B48C wyntaanbrún #B4745E
Kategory:Kleur Kategory:Lienwurd út it Frânsk