De Sipel is in keunstwurk yn Deinum fan de keunstner Ids Willemsma.

It keunstwurk ferwiist nei de sipelfoarmige toerspits fan de tsjerke fan Deinum. De sipel is bekend troch it Fryske lietsje "Yn Deinum stiet in sipel op ‘e toer". Dy saneamde sipel is yn 1589 op de toer setten. It byld waard as oantinken oan it 100-jierrich bestean fan doarpsbelang De Iendracht kado dien oan it doarp.

Neidat in ynwenner fan Deinum beswier makke tsjin de lokaasje fan it keunstwurk oan de hoeke Spoarstrjitte / St.Janswei wie it byld ynienen ferdwûn. Sipel Deinum weer van zijn plek yn: Ljouwerter Krante, 19 july 2018

Yn 2019 is de skulptuer fersetten nei it begjin fan it doarp.

Kategory:Deinum Kategory:Keunstwurk út 2014 Kategory:Keunstwurk yn De Waadhoeke Kategory:Keunstwurk fan Ids Willemsma