'De Stap' is in keunstwurk yn Frjentsjer fan keunstner Ids Willemsma.

De Stap stiet foar it nije gemeentehûs fan De Waadhoeke. It geometrysk abstrakte byld fan twa pylders stiet yn de folksmûle ek bekend as 'De Broek'. Willemsma wol mei it byld in stap nei foaren útbyldzje. De Stap is in gebeart dat útnoeget om it gemeentehûs yn te rinnen en symbolisearret de bining tusken gemeente en boargers.

Kategory:Frjentsjer Kategory:Keunstwurk út 1996 Kategory:Keunstwurk yn De Waadhoeke Kategory:Keunstwurk fan Ids Willemsma