thumb|Sierk Coolsma Sierk Coolsma (Ljouwert, 26 jannewaris 1840 - Apeldoarn, 20 maart 1926) wie in Frysk sindeling op Java yn it destiidske Nederlânsk-Ynje.

Libben en wurk Hy wie in soan fan de arbeider Foppe Coolsma en Maaike Nauta, út in herfoarme fermidden. Al mei alve jier gie er fan skoalle en waard learling-kûper en lettersetter.

Yn 1858 sluet er him, beynfloede troch ds. J de Liefde, oan by de Frije Evangelyske Gemeente. Fan 1861 oant 1864 krige er in oplieding oan it Zendingshuis der Nederlandse Zendingsvereniging Rotterdam. Yn 1865 waard er útstjoerd as sindeling-learaar nei Cianjur yn de provinsje West-Java dêr't er de earste Sûndaneeske kristenen doopte. Fan 1869 oant 1873 wie er sindeling-learaar yn Bogor (Buitenzorg); 1873-1876 yn tsjinst fan Nederlands Bijbelgenootschap Sumedang (repatriearring).

Werom yn Nederlân (1876) wie Coolsma fan 1878 oant 1908 direkteur fan it Zendingshuis der Nederlandse Zendingsvereniging, wêrfan fan 1886 oant 1889 op Java. Teffens joech er yn dy tiid les oan learling-sindelingen. Ut dy lessen ûntstie in standertwurk oer de sinding: De Zendingseeuw voor Nederlandsch-Indië (1901).

Coolsma ûntjoech him ta in grut kenner fan de Sûndaneeske taal dy't yn West-Java praat waard. Hy sette de Bibel yn it Sûndaneesk oer, stalde in Sûndaneesk wurdboek gear, in lietebondel, skoalboekjes yn dy taal, in medyske hantlieding en noch folle mear.

Krekt foar syn fersjerren waard Coolsma beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Algemeen Handelsblad 1926, S. Coolsma †.

Priveelibben Op 5 april 1866 boaske er oan Maria Johanna Gerretson (1846-1917). It pear krige njoggen bern dêr't fjouwer fan stoaren ûnder harren ferbliuw op Java. Harren soan Constant Willem (1877-1955) waard predikant yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, krekt as de soannen Herman (1), Sierk (1905-1969 en Frederik (1883-1919). De dochter Anna Louise (1878-1956) boaske an Johannes Riemens jr (1875-1974), predikant yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke.

Bibliografy

1877: Pĕrdjangdjian anjar, hartosna sadajana kitab noe kasĕbat indjil goesti oerang Jesoes Kristoes 1880: De Soendaneesche bijbelvertaling 1881: West-Java: het land, de bewoners en de arbeid der Nederlandsche Zendingsvereeniging 1884: Soendaneesch-Hollandsch woordenboek 1891: De Heilige Schrift, of al de boeken des Ouden en Nieuwen Testaments in het Soendaneesch 1895: Ismael en Moerti, de eerstelingen uit de Soendaneezen 1900: De beteekenis van de hulppredikers voor de zending in Nederl. Oost-Indië 1901: De zendingseeuw voor Nederlandsch Oost-Indië 1904: Soendaneesche spraakkunst 1911: Hollandsch-Soendaneesch woordenboek 1911: Ant. A. Pennings in Bantam 1914: Het boek Job: populaire vertaling uit het oorspronkelijke 1917: J. de Liefde in zijn leven en werken geschetst 1924: Terugblik op mijn levensweg (1840-1924) 1928: Pantjawangsa

Kategory:Frysk sindeling Kategory:Frysk publisist Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1840 Kategory:Persoan stoarn yn 1926