Ingrid Spijkers (Willemstêd (Noard-Brabân), 27 maaie 1970) is in Nederlânsk sjoernaliste en ferslachjouster. Hja waard yn 2019 oansteld as de nije haadredaktrise fan Omrop Fryslân.
Libben en karriêre Spijkers waard yn 1970 berne yn Willemstêd, in plak oan it Hollânsk Djip yn 'e provinsje Noard-Brabân (dêr't lykwols fan âlds in Hollânsk dialekt sprutsen wurdt, it Westhoeksk). Har âldelju kamen fan Tilburch, dêr't se beiden yn 'e (needlijende) tekstylyndustry wurke hiene oant it fabryk tichtgie en har heit yn Willemstêd in baan krije koe as slûswachter foar Rykswettersteat.
Nei't se it middelber ûnderwiis trochrûn hie oan it ateneum yn Ald-Beierlân, gie Spijkers nei de Akademy foar de Sjoernalistyk yn Tilburch (no Fontys Hegeskoalle foar Sjoernalistyk). Dêr mette se Gerrit Hofstra, in lettere presintator fan Omrop Fryslân dy't anno 2019 as wurdfierder by de Provinsje Fryslân wurket. Hja krigen ferkearing en waarden in stel. Nei't Spijkers ôfstudearre wie, wurke se in healjier by it Rotterdams Dagblad, oant se Hofstra mids 1993 nei Fryslân ta folge. Dêr setten se harren nei wenjen yn Ljouwert.
Spijkers gie as freelancer oan it wurk en rjochte yn dat ramt mei kollega Christel Pieper har eigen bedriuw op, dat earst PS Produkties hiet (fan Pieper-Spijkers), mar letter omneamd waard ta Wij van PS. Yn 'e 1990-er jierren kaam Spijkers as freelancer fan PS by Omrop Fryslân te wurkjen, dêr't se as ferslachjouster en programmamakster bydroech oan 'e earste deistige tillefyzje-útstjoerings. Op 'e redaksje fan 'e Omrop learde se Frysk te sprekken. Letter wurke Spijkers foar it Algemeen Nederlands Persbureau (ANP), it deiblêd Trouw en útjouwerij SDU Uitgevers, Hoewol't Wij van PS goed draaide, loeken Pieper en Spijkers en harren letter ynkommen trêde fennoat Gerard van der Veer yn 2015 de stekker derút, om't se wat oars woene.
Nei't se inkele jierren as selsstannich freelancer wurke hie, waard Spijkers begjin oktober 2019 oannommen as de nije haadredaktrise fan Omrop Fryslân. Hja wie dêr de opfolchster fan Klaas Geert Bakker, dy't ein 2018 ûntslach krigen hie. (Sûnt hie de Omrop him rêden mei ynterim-haadredakteurs út it eigen fermidden.) Spijkers begûn op 1 desimber yn har nije funksje. Under har lieding waard de opskuor en rebûlje delbêde dy't Omrop Fryslân inkele jierren lang teheistere hie. Ek waarden foar it earst yn jierren wer nije presintators lykas Maaike van der Hoek en Martine van der Steege oplaat, sadat de Omrop him meitiid ferjongje kin.
Keppelings om utens Ingrid Spijkers op Twitter
Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk ferslachjouwer Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk ferslachjouwer Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Omrop Fryslân-wurknimmer Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1970