Ljochtread is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan read, hoewol't it ek skoan trochgean kin foar in tint fan rôze. It kin omskreaun wurde as in nei salm niigjende kleur rôze. Ljochtread is likernôch 50% ljochter as (standert)read.
Kleurtechnyk By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is ljochtread in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch de primêre kleuren maginta en giel te fermingen.
Tinten ljochtread ljochtread #FF7F7F amarantrôze #F19CBB Baker-Millerrôze #FF91AF Yndysk read #CD5C5C kersebluossemrôze #FFB7C5 Kongorôze #F88379 koraalrôze #F88379 New York-rôze #D7837F paradysrôze #E63E62 pastelrôze #DEA5A4 rânerôze (brink pink) #FB607F rôze #FFC0CB rôzepompadour #ED7A9B salm #FA8072 salmrôze #FF91A4 Sileensk rôze #E8C3BA tangorôze #E4717A tickle me pink #FC89AC
Sjoch ek read donkerread rôze
Kategory:Kleur
en:Shades of red#Light red