Hazzenút is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It wurdt op ferskate manearen omskreaun, bgl. as in gielich ljochtbrún of as in dûnker bêzje. De namme komt fan 'e kleur fan 'e dop fan 'e hazzenút. As kleur wurdt hazzenút benammen brûkt om in beskate tint ljochtbrune eachkleur oan te tsjutten, de saneamde hazzenútkleurige eagen. __NOTOC__ Kleurtechnyk By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is hazzenút in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it yn teory ek in tertiêre kleur, dy't produsearre wurdt troch it mingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt dêrby lykwols gebrûk makke fan swart ynstee fan syaan.

Besibbe tinten

hazzenút #B5AE6E                          ekru #C2B280        Frânsk bêzje #A67B5B        Frânsk ljochtbêzje #C8AD7F        houtbrún #C19A6B        khaki #C3B091        tan #D2B48C        woastynsân #EDC9AF       

Sjoch ek brún bêzje eachkleur

Kategory:Kleur