Sânhuzen (Stellingwerfsk: Zaandhuzen) is in lyts iesdoarp yn de gemeente Weststellingwerf. It doarp leit ten noarden fan Noardwâlde oan de N353 nei Aldeberkeap. Under Sânhûzen falt ek de buorskip it Reade Doarp.
Sânhuzen hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis Mei de buorskippen Rysberkampen en Boekelte is Sânhuzen ien fan de iesdoarpen fan de gemeente Weststellingwerf. Oant 1989 wie Sânhuzen in buorskip fan Noardwâlde en it hjoeddeiske doarp is it plak dêr't Noardwâlde ea ûntstien is.
Yn 1920 fûnen ûndersikers by de tarieding fan de bougrûn foar sosjale wenningbou fan it streekje Reade Doarp it plak, dêr't de earste tsjerke fan Noardwâlde stien hat, in sealtsjerkje fan dowestien mei in healrûn koer mei dêromhinne in troch in grêft omfieme hôf mei in soad grêven. Dêrmei heart it tsjintwurdige Sânhuzen ta de âldste delsettings fan de gemeente. De tsjerke waard letter, mooglik tsjin it ein fan 'e 14e iuw, op in súdliker plak op 'e nij boud. De reden dêrfan is net bekend.Ljouwerter Krante, 11 maaie 2022
Yn in dokumint fan 1422 dy't ferbân hâldt mei it Klaarkampster kleaster waard skreaun dat Douwe Onnema hôfmaster yn 'Sandhuse' is. Mooglik dat de Klaarkampsers muontsen dêr in úthôf hiene foar de feanterij fan it kleaster.Fryslân Wûnderlân, Peter Karstkarel
Oan de noardeastlike grins fan 'e himrik leit de Bekhoftille. Dat wie it plak dêr't oer De Linde in ferbining fan Fryslân (oer Boyl, Boekelte en Aldeberkeap) mei Drinte lei. Yn de 17e iuw wie dêr in lytse skâns tsjin de troepen fan de biskop fan Munster, de romrofte Bommen Bearend. De Bekhofskâns is in natoergebiet fan it Fryske Gea en de skâns is yn 2007 wer sichtber makke.
Mienskip De feriening Pleatslik Belang Sânhuzen-de Meente waard yn 1919 oprjochte.
Skoalle Sânhuzen krige yn 1918 in eigen iepenbiere basisskoalle, dy't yn 2006 sletten waard.
Ferienings Fuotbalferiening Sânhuzen
Eveneminten Doarpsfeest (juny)
Gea thumb|Uitzicht over de Bekhofplas. Locatie, natuurterrein Beekdal|left|Bekhofdobbe Yn it doarpsgebiet lizze de natoergebieten it Sânhûster Fjild, dêr't de lêste Fryske populaasje fan it Gintsiaanblaujurkje libbe(t), en de Meentebosken, beide fan Steatsboskbehear. Yn de noardeastlike hoeke fan 'e himrik is by in djip sânwinningsgat bosk oanplante dat ek troch Steatsboskbehear beheard wurdt. Nearne oars yn de gemeente Weststellingwerf bloeit yn 'e maitiid op sa'n soad plakken yn 'e bermen fan de himrik de boskanemoan.
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Sânhuzen rinne de folgjende buslinen:
Line 26: Akkrum - Noardwâlde fia De Gordyk Line 217: Wolvegea - Stienwyk fia Noardwâlde
De buslinen troch Sânhuzen wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Aldeberkeaperwei, Bekhofwei, Frijheidswei, Ikenwei, It Reade Doarp, Liemwei, Meuleveldwei, Sânhuzerwei, Skâns, Skieppedrift.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Keppeling om utens Skiednis Sânhuzen
Kategory:Doarp of stêd yn Weststellingwerf