De Rotstergaaster Wâlen is in natoergebiet by Rotstergaast. It gebiet wurdt beheard troch Steatsboskbehear. De Rotstergaaster Wâlen lizze oan de Tsjonger dy’t súdeastlik fan Rotstergaast rint. It eardere reliëf, mei rivierdúntsjes, deltes en âlde rivierrinnen binne bewarre bleaun. De grûn bestiet út fean, sân en balstienliem. Yn it gebiet lizze plassen, puoltsjes en houtwâlen. De wiete, skrale greiden binne gaadlik foar bysûndere plantesoarten as trijekantgers en skieppeklokje.

It gebiet bestiet út healannen, skraallannen en houtwâlen. Om 1900 wiene der noch in soad fan sokke lannen dy’t amper bedonge waarden. Mei it ferdwinen fan de amper bedonge greidlannen ferdwûnen ek de greidepoddestuollen. Yn de Rotstergaaster Wâlen komme 25 fan de 47 soarten greidepoddestuollen foar.de Volkskrant, 12 novimber 2013 It gebiet wurdt dan ek sjoen as it rykste ‘wasplaatterrein’ (in bepaald soarte poddestuollen) yn Nederlân. Wasplaten dije meastentiids goed yn skrale greiden. Seldsume en bedrige soarten as de klaproaswasplaat en de giele wasplaat komme hjir foar, krektas de beskerme rôzereade wasplaat. Yn 2013 waard sa’n 50 hektare fan de Rotstergaaster Wâlen oanwiisd as wasplaatreservaat.

Kategory:Rotstergaast Kategory:Natoergebiet yn Fryslân Kategory:Geografy fan Skarsterlân Kategory:Geografy fan De Fryske Marren