It heksadesimaal systeem is in getalstelsel wêrby't net, lykas yn 'e Westerske wrâld gebrûklik is, útgien wurdt fan in basisienheid fan 10 sifers (it desimaal systeem), mar fan in basisienheid fan 16 sifers. 'Heksadesimaal', fan it Frânske hexadécimal, betsjut nammentlik "sechstjintallich". Yn dit systeem wurde de sifers 0 o/m 9 útwreide mei de haadletters A (=10) o/m F (=15). Soms wurde dy oanfollings mei lytse letters skreaun (a o/m f). Yn dizze kontekst moatte de oanfoljende lettertekens lykwols net as letters beskôge wurde, mar as sifers. Benammen yn 'e ynformatika wurdt in protte wurke mei de heksadesimale foarstelling fan getallen, om't dy goed oanslút by de binêre (twatallige) programmeartaal. It wurd 'heksadesimaal', yn it Ingelsk hexadecimal, wurdt dêrby faak ôfkoarte ta hex, ek al betsjut dat eins 'seis' ynstee fan 'sechstjin'.

Kodearring Mei in binêr getal fan fjouwer bits kinne de getallen fan 0 o/m 15 werjûn wurde, dus krekt as in heksadesimaal getal besteande út ien (heksadesimaal) sifer. Troch hieltyd groepen fan fjouwer opinoar folgjende bits yn in binêr getal as ien heksadesimaal sifer te skriuwen, ûntstiet in heksadesimaal getal dat foar it minsklik each oersichtliker is as de (binêre) rige 0-en en 1-en. In binêr getal as 11000101011000100101110101110010 is bygelyks foar minsken frijwol ûnlêsber. Dêrom wurde de sifers yn groepkes fan fjouwer (saneamde nibbles) groepearre. De werjefte fan itselde getal wurdt dan: 1100-0101-0110-0010-0101-1101-0111-0010. Elts fjouwertal wurdt dêrnei yn in heksadesimaal sifer omset: C5625D72. Dat is folle oersichtliker. heksdesoktbin0000000000 00000110010000 00010220020000 00100330030000 00110440040000 01000550050000 01010660060000 01100770070000 01110880100000 10000990110000 10010A100120000 10100B110130000 10110C120140000 11000D130150000 11010E140160000 11100F150170000 111110160200001 000011170210001 0001641001440110 0100FF2553771111 11111002564001 0000 0000

Programmeartalen Om dúdlik te meitsjen dat men in heksadesimale wearde bedoelt, wurde faak inkele tekens tafoege. Boppedat jildt yn hast eltse programmeartaal de eask dat in wearde mei in 'echt' sifer begjinne moat (en dus net mei A o/m F). It heksadesimale getal 35 kin skreaun wurde as "35x" of "35h", en yn in programmeartaal as "0x35". Soe men it yn in programmeartaal as "35" stean litte, dan waard it troch de kompjûter opfet as in desimaal getal.

In pear foarbylden: ABCDh (begjint mei in letter; dêrom net mooglik yn in protte programmeartalen) 0ABCDh (troch in 0 ta te foegjen, dy't oan 'e wearde fan it getal neat tafoeget, wurdt it probleem ferholpen) 0xABCD $ABCD x'ABCD'

Tapassings fan it heksadesimaal systeem It heksadesimale systeem wurdt frijwol allinne mar brûkt troch dejingen dy't op leech nivo mei kompjûters wurkje. Dat is in gefolch fan 'e binêre (twatallige) wurking fan 'e kompjûter en de opbou en wurking fan it kompjûterûnthâld. Troch de tapassing fan hegere programmeartalen is kennis fan it heksadesimale systeem almeast gjin direkte needsaak mear.

It heksadesimaal systeem wurdt û.m. brûkt foar: it oantsjutten fan kleuren yn 'e foarm fan in RGB-wearde yn HTML. Sa is FFFFFF de wearde foar wyt, en 000000 de wearde foar swart de 1e byte is de readwearde (RGB): FF 00 00, ornaris skreaun as #FF0000 = read de 2e byte is de grienwearde (RGB): 00 FF 00, ornaris skreaun as #00FF00 = grien de 3e byte is de blauwearde (RGB): 00 00 FF, ornaris skreaun as #0000FF = blau it werjaan fan in MAC-adres, lykas 00:0C:6E:D2:11:E6 it werjaan fan in IP-adres (IPv6) it besjen fan binêre bestannen (yn hex-editors)

Notaasje fan binêre en heksadesimale getallen Om't men by in binêre notaasje de status fan eltse bit dúdlik meitsje wol, wurde binêre getallen toand yn in formaat mei foarrinnullen. By heksadesimale notaasjes binne foarrinnullen ek hiel gebrûklik. It giet dêr dan om in koade dy't minder dúdlik wurde soe as der gjin nullen oan foarôfgeane. In foarbyld dêrfan is de RGB-wearde.

Kategory:Getalsysteem