thumb|150px|right|It âlde logo, brûkt oant 2015.

De Jeropeeske Frije Alliânsje is in politike organisaasje dy't stribbet nei sa grut mooglike autonomy foar de folken en regio’s yn Jeropa. De organisaasje bestiet sûnt 1981. Op it stuit binne der 35 regionale demokratyske partijen út mear as tsien lannen fan de Jeropeeske Uny lid. Yn 2004 waard de JFA offisjeel in politike partij, noch itselde jier waard de partij troch de Jeropeeske Uny erkend.

De alliânsje is oprjochte om lytse regionale partijen dy't it net sels rêde om in sit yn it Jeropeeske Parlemint te krijen in kâns te jaan om ek yn Jeropa aktyf te wêzen. Út Nederlân is de Fryske Nasjonale Partij lid fan dizze alliânsje.

De JFA foarmet tegearre mei de Jeropeeske Federaasje fan Griene Partijen ien fraksje yn it Jeropeeske parlemint.

Leden Naasje/regio (lân) Partij Flaanderen (Belgje) Sociaal-Liberale Partij Flaanderen (Belgje) Nieuw-Vlaamse Alliantie Dútsktalige Mienskip (Belgje) ProDG Fryslân (Nederlân) Fryske Nasjonale Partij (FNP) Emilia-Romagna (Itaalje) Alleanza Libera Emiliana/ Libertà Emiliana (ALE/LA) Galysje (Spanje) Bloque Nacionalista Galego (BNG) Aragón (Spanje) Chunta Aragonesista De Slovenen yn Karintje (Eastenryk) Enotna Lista Kataloanje (Spanje) Esquerra Republicana de Catalunya (ERC) Noard-Kataloanje (Frankryk) Unitat Catalana (UC) De Masedoanjers yn de Grykske provinsje Masedoanje Reinbôgepartij Baskelân (Spanje/Frankryk) Eusko Alkartasuna (EA) De Hongaren yn Slowakije Magyar Föderalista Párt (MFP) {waarnimmend lid} De Hongaren yn Roemeenje Liga Transilvania-Banat {waarnimmend lid} De regio Veneto (Itaalje) Liga Veneta Repubblica De Savoie (Frankryk en Itaalje) Ligue Savoisienne en Mouvement Région Savoie De Poalen yn Litouwen Polska Partia Ludowa Cornwall (Feriene Keninkryk) Mebyon Kernow – the Party for Cornwall Moraavje (Tsjechje) Moravská demokratická strana {waarnimmend lid} Moraavje (Tsjechje) Moravané Andalûsje (Spanje) Partido Andalucista Ossitaanje (Frankryk) Partit Occitan (PÒC) De Balearen (Spanje) PSM-Entesa Nacionalista {waarnimmend lid} Sardynje (Itaalje) Partito Sardo d'Azione (PSd'A) Korsika (Frankryk) Partitu di a Nazione Corsa (PNC) Wales (Feriene Keninkryk) Plaid Cymru – The Party of Wales Skotlân (Feriene Keninkryk) Scottish National Party (SNP) Sileezje (Poalen) Ruch Autonomii Slaska Slovenen yn de regio Triëst (Itaalje) Slovenska Skupnost De Russyske minderheid yn Letlân Latvijas Krievu savienība (LKS) Bretanje (Frankryk) Union démocratique bretonne (UDB) De Elzas (Frankryk) Union du Peuple Alsacien Súd-Tirol (Itaalje) Süd-Tiroler Freiheit {waarnimmend lid} Valle d'Aosta (Itaalje) Renouveau valdôtain (RV) ({waarnimmend lid}) Åland (Finlân) Ålands Framtid

Keppeling om utens Webstee Jeropeeske Frije Alliânsje

Kategory:Jeropeeske politike partij Kategory:Jeropa Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1981