De Woodhenge fan Swolle yn de wyk Ittersumerbroek fan de Oeriselske haadstêd Swolle is in konstruksje fan twa peallesirkels, of peallekrânsen, út de brûnstiid. Neffens guonts is it in saneamde sinnekalinder.Hove, ten J. (2005). Geschiedenis van Zwolle Swolle: Waanders. ISBN 9040090505Theo Holleman, 1996, Een verleden op de schop, University Press, Amsterdam, ISBN 9053561897
Spoaren fan it bouwurk waarden yn 1993 troch archeologen fûn by de oanlis fan de wenwyk Ittersumerlanden yn Swolle-Súd. De twa sirkels hawwe in trochsneed fan sa'n 10 meter. Fia in oantal peallen fan de sirkel binne út de midden wei plakken te bepalen dêr't de sinne-opgongen barre by de wikselingen fan de fjouwer seizoenen.
De Swolske pealsirkels wiene de earste dy't yn Nederlân fûn waarden. Yn 2005 binne yn Heiloo de oerbliuwsels fan in ferlykbere konstruksje opdold.
Sjoch ek Woodhenge (Amesbury) Seahenge Stonehenge Sinnekear
Kategory:Brûnstiid yn Nederlân Kategory:Archeologysk fynplak yn Nederlân