De Sint-Annatsjerke (Armeensk: Սուրբ Աննա Եկեղեցի; Surb Anna Yekeghets'i) is in Armeensk-apostoalysk tsjerkegebou yn it distrikt Kentron fan 'e Armeenske haadstêd Jerevan. De yn 2015 iepene tsjerke stiet by de 13e iuwske Katoghike-tsjerke.

Skiednis thumb|left|250px|De residinsje fan de katolikos Op 4 july 2009 waard ûnder lieding fan katolikos Karekin II de grûn wijd foar de bou fan 'e Sint-Annatsjerke en in oanbuorjend kompleks, dat tsjinje moat foar de residinsje fan 'e katolikos yn Jerevan. De plechtichheid waard bywenne troch presidint Serzj Sarkisjan en tal fan oare pommeranten. Oanwêzich wiene ek Hirair Hovnanian en syn frou Anna, Amearikanen fan Armeenske komôf dy't de bou fan 'e tsjerke mooglik makken.

De bou fan 'e tsjerke sette yn 2011 útein en waard foltôge yn 2014. Op 30 april 2015 waard de tsjerke konsekrearre troch katolikos Karekin II.

It ûntwerp foar de tsjerke is fan 'e arsjitekt Vahagn Movsisjan. Westlik fan 'e tsjerke stiet de residinsje fan 'e katolikos.

Kategory:Bouwurk yn Jerevan Kategory:Tsjerkegebou yn Armeenje Kategory:Bouwurk út 2014 Kategory:Armeensk-apostoalysk tsjerkegebou