Blood Rites is in roman fan it fantasysjenre skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Bloedrituëlen", mar it is in wurdboarterij, mei't it itselde klinkt as Blood Rights, "Bloedrjochten". Dy beide betsjuttings wize op 'e ûnderwerpen fan it boek: fampieren en famyljebannen. De roman, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it sechsde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Death Masks. Yn Blood Rites wurdt de help fan Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, ynroppen troch de wite fampier Thomas Raith yn in saak dy't Harry belûkt by de pornoyndustry en Thomas syn oersekste famylje. Fan gefolgen komt Harry in geheim op it spoar dat syn libben foar altyd feroarje sil. Blood Rites waard yn 2004 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2006 waard it boek troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard at Large, mei Dead Beat, it sânde diel fan The Dresden Files. __TOC__ Ynhâld Blood Rites iepenet as Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, in doaze jonghûntsjes rêdt. De bisten binne hillige Tibetaanske mastifen, dy't ôfstamje fan in godlike beskermgeast en in stjerlike hûn. Se binne troch in warlock stellen út in kleaster heech yn 'e Himalaya, en Harry hat der klauwen oan om oan 'e demoanen te ûntkommen dy't troch de warlock oproppen binne om 'e jonghûntsjes te bewekjen. Hy leveret de bisten op 'e Ynternasjonale Lofthaven O'Hare ôf by in tankbere boedistyske mûnts, dy't daliks ôfset werom nei Tibet. As neitiid blykt dat ien fan 'e jonghûntsjes yn Harry syn âld auto út 'e doaze klommen is en him ûnder de sjauffeursstoel deljûn hat, is de mûnts al fuort, en mei't it kleaster net oer tillefoan beskikt, kin Harry gjin kontakt mei de eigners opnimme. It gefolch is dat Harry in nij húsdier krigen hat, al wit er it op dat stuit sels noch net.

Underwilens wurdt Harry om help frege troch Thomas Raith, in fampier fan it Wite Hôf. Wite fampieren binne de meast op minsken lykjende fampieren, dy't net op bloed tarre, mar har fiede mei minsklike emoasjes, benammen ûnder it hawwen fan seks. (Eins binne it dus mear ynkuby en sukkuby as wiere fampieren.) Se binne net sa boppenatuerlike sterk of hierargysk organisearre as de fampieren fan it Reade Hôf, noch hawwe se de njoere magyske krêften fan 'e 'klassike' fampieren fan it Swarte Hôf. Oan 'e oare kant hawwe se likemin de swakten fan dy oare beide soarten fampieren, en kinne se bygelyks gewoan yn direkt sinneljocht omkuierje of knyflok ite of by wize fan sprekken yn wijwetter baaie sûnder dat har dêr wat fan oerkomt. Dat makket it maklik om te ferjitten dat wite fampieren ek meunsters binne. Thomas Raith is in rike playboy en de soan fan 'e kening fan it Wite Hôf. Harry en hy hawwe yn it ferline in kear gearwurke (sjoch: Grave Peril), en letter hat er hat Harry in kear holpen tsjin it Reade Hôf (sjoch: Death Masks). Thomas sels hold doe út dat syn help berne wie út langst nei wraak op 'e reade fampieren, mar hy hie ek op in oare wize wraak nimme kinnen. Dat no't Thomas Harry om in tsjingeunst freget, betinget Harry dat Thomas him yn ruil dêrfoar fertelle moat wêrom't er him earder holpen hat.

De saak dêr't Thomas Harry by belûkt, is dy fan regisseur Arturo Genosa. Dyselde hat koartby in eigen filmstudio oprjochte, mar der binne yn koarte tiid al twa froulju dy't foar him wurkje op aparte wize omkommen. Ien fan harren die de kofferbak fan in auto iepen, dêr't in swaarm bijen yn bliek te sitten dy't har deastieken, wylst de oare omkaam doe't se rekke waard troch in auto (dy't fan in brêge slingere waard) wylst se oan it wetterskyen wie. Genosa, dy't frijwat byleauwend is, mient dat der in flok oer him útsprutsen is, en Thomas wol dat Harry ris besjocht oft dêr wat fanoan is. Harry is skeptysk, mar jout ta dat it om in gaosbetsjoening gean kin. Hy giet mei Thomas nei in feestje yn in appartemintekompleks dêr't ek Genosa oanwêzich is, om 'e saak mei de man sels te bepraten. Op it parkearterrein foar it flatgebou wurde se oanfallen troch in swarte fampier, en inkeld it grânzgjen fan it lytse jonghûntsje, dat de fampier blykber fan in ôfstân al fernimt, jout Harry genôch tiid om it wêzen fan him ôf te slaan mei in wetterballon fol wijwetter dêr't er altyd in stikmannich fan yn 'e auto lizzen hat. Op it feestje komt Harry yn 'e kunde mei Genosa, en de beide mannen prate ôf dat Harry ûndersyk dwaan sil nei de mooglike flok. Dêrfoar sil er mei yngong fan 'e folgjende dei undercover gean as produksje-assistint en hantsjemuoisfeint op 'e set fan Genosa syn film. Pas neitiid fertelt Thomas him dat Genosa pornofilms makket.

De swarte fampier dy't him earder dy jûns oanfoel, koe Harry werom as ien fan Mavra har kloft. Mavra is in âlde, machtige swarte fampier dêr't Harry alris earder in konfrontaasje mei hân hat (sjoch: Grave Peril). Dat sy wer yn Chicago is, betsjut dat se wraak nimme wol op Harry. Dy beslút dêrom diskear om ris yn it offinsyf te gean ynstee fan ôf te wachtsjen, en Mavra en har hiele kloft út te skeakeljen ear't se himsels út 'e ljochten helpe kinne. Dêrta moat er sjen te ûntdekken wêr't Mavra-en-dy har beskûlhâlden, en dan by ljochtskyndei dat plak binnenkringe om in houten staak troch it hert fan 'e fampieren te stekken en harren de holle ôf te slaan. Sadwaande stjoert Harry de moarns earst Bob derop út. Bob is in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn geheime laboratoarium. Hoewol't er net goed oer sinneljocht kin, is er by steat om Harry syn kat Mister te besetten. Harry hopet dat Bob ûntdekke kin wêr't Mavra-en-dy har ophâlde.

Om't sokken as Mavra oer it algemien minsklike trewanten hawwe dy't harren oerdeis, as se kwetsber binne, bewekje, hat Harry ferlet fan help. Sadwaande lit er, ear't er fan hûs ôfset, boadskippen efter op 'e antwurdapparaten fan in pear bekenden fan him. In trêde persoan dy't er om help freget, is syn freondinne Karrin Murphy, it haad fan 'e Spesjale Undersyksiendheid fan 'e Plysje fan Chicago, dy't er opsiket op har wurk. Se seit ta him te helpen mei de fampieren, en fierders jout se ta Harry syn ferheardens oan dat sneon foar har it bêst útkomme soe, om't de Murphys dan famyljedei hâlde, en se ferlet hat fan in jildich ferlechje om dêr net hinne te hoegen. Nei't er Murphy troaid hat om 'e rest fan 'e dei foar it jonghûntsje te soargjen, bejout Harry him nei de set fan Genosa syn film.

Dêr komt Harry yn 'e kunde mei Jake Guffie (alias Jack Rockhardt), in freonlike pornoakteur, en dy syn opfokte, agressive kollega Bobby. Ek moetet er Joan Dallas, de produsinte fan 'e film, fan wa't Harry yn namme de assistint is. Al rillegau nei syn oankomst merkt Harry in weach fan swarte magy op, dy't by him en Joan lâns giet yn 'e rjochting fan 'e klaaikeamers fan 'e akteurs. Hy hastiget him dy kant út en wit troch fluch en kordaat yngripen it libben te rêden fan ien fan 'e aktrises, Giselle. Hja stie ûnder de dûs doe't it wetter ynienen gleonhjit waard. Doe't se dêrfoar tebekwykte, foel se troch de glêzen wand fan 'e dûssel, wêrby't se har sels op in hier nei de kiel trochsnie. Wylst se de bliedend op 'e flier bedarre, foel de lampe út it plafon, sadat se elektrokutearre wurden hie yn har eigen bloed as Harry net fanwegen kommen wie. Wylst Giselle yn 'e ambulânse nei it sikehûs brocht wurdt, en Joan dêr ek hinne giet mei Jake, dy't ek in elektryske skok hân hat, wurdt de produksje oant healwei de middei stillein.

Dat jout Harry de tiid om ris te beprakkesearjen wa't it op 'e froulju om Arturo Genosa hinne foarsjoen hawwe kin. Want hoewol't it yndie om in flok giet, is him no wol dúdlik dat de betsjoening net tsjin Genosa sels rjochte is. No hat Genosa trije kear troud west, mar eks-frou nû. 1, Madge Shelly (alias Elizabeth Guns), dy't Harry de jûns tefoaren op it feestje moete hat, hat in soad jild yn Genosa syn nije filmstudio ynvestearre, en sil dus finansjeel ferlies lije as it bedriuw gjin súkses wurdt. Eks-frou nû. 2, Lucille Delarossa (alias Raven Velvet), hat Harry noch net moete, mar neffens Genosa is hja net yntelligint genôch om soks te betinken. En eks-frou nû. 3, Tricia Scrump (alias Trixie Vixen) is de haadrolspylster fan Genosa syn film, en hat nei gedachten ek gjin reden om 'e opnamen te sabotearjen. Miskien, tinkt Harry, moat er de dieder earder sykje by Silverlight Studios, de filmstudio dêr't Genosa koartby by wei gien is, en dêr't er syn hiele filmcrew en al syn akteurs fan 'stellen' hat.

As Harry op it kantoar fan syn detektiveburo komt, wurdt er dêr opwachte troch de hierling Jared Kincaid, dy't yn it ferline sjen litten hat dat er wol rie wit mei fampieren. Hy is ien fan 'e beide persoanen dy't Harry earder dy deis opbelle hat om him te helpen en weef ôf mei Mavra-en-dy. Hoewol't Harry net wit hoe't er it jild opbringe moat dat Kincaid foar syn tsjinsten hawwe wol, nimt er him al oan, ek al warskôget Kincaid him dat er Harry deadzje sil as dy neitiid net mei it ôfsprutsen bedrach oer de brêge komt.

Harry besiket ûndersyk te dwaan nei de pornoyndustry, mar it docht bliken dat alle ynformaasje dêr't er ferlet fan hat op it ynternet stiet. Om't magy en technology as wetter en fjoer binne, kin Harry net mei kompjûters omgean. As er sels mar yn deselde keamer is as der sa'n avansearre apparaat oanstiet, feroarsaket dat sûnder mis in crash. Dat, Harry set dat wer út nei it plysjeburo, dêr't Murphy wurket, en freget har om foar him guon dingen op it ynternet op te sykjen. Murphy is segriniger as normaal, en as Harry witte wol wat deroan is, blykt dat se problemen mei har famylje hat. De Murphys binne Ierske roomsen, en Murphy har twa skiedings hawwe ta spannings laat tusken har en har mem. Dat se gjin inkeld útsicht hat op in nije relaasje (se hat sels al yn gjin twa jier in ôfspraakje hân), makket de saak allinnich mar minder. No't har jongere suster harsels ferloofd hat, is se der wis fan dat op 'e famyljedei fan 'e Murphys, kommende sneon, alderhanne ûnderwerpen oansnien wurde sille dy't sy leaver rêste litte soe. Se sjocht der dêrom as in berch tsjinop en siket wanhopich nei in ferlechje om der net hinne te hoegen. Harry, dy't hielendal gjin famylje hat, mei't syn mem by syn berte ferstoarn is en syn heit oan in oerhaal beswykt is doe't er seis jier wie, kin him mar dreech yn Murphy har sitewaasje ferpleatse. Hy jout har de rie om der net fanút te gean dat har famylje der altyd wêze sil, mar ynstee om se te wurdearjen no't se se noch hat.