De Johan Kaartpriis is neamd nei de Nederlânske akteur Johan Kaart (1897 -1976) en wurdt alle jierren takend oan in persoan dy't in opmerklike prestaasjes op it mêd fan teateramusemint levere hat. De priis kin ek sjoen wurde as in 'sjenrepriis'.

Skiednis Yn de santiger jierren hawwe en teatermakker, regisseur en akteur John Lanting, skouboarchdirekteur Wim Bary, ympressario Jacques Senf en Guus Oster, de eardere direkteur fan Teater Carré it inisjatyf nommen om de Johan Kaartpriis yn te stellen. Hja wiene fan betinken dat dêr der by grutte publyk wol in protte belangstelling wie foar blijspullen en kluchten, mar dat it sjenre te min oan bar kaam by de offisjele beoardielingen en priisútrikkingen.

De priis waard foar it earst yn 1975 útrikt. De priis bestiet út in brûnzen byldsje dat Johan Kaart foarstelt. It byldsje makke is troch Piter de Monchy. Yn de perioade oant 1990 waard de priis alle jierren útrikt, mar yn de perioade dêrnei noch mar twa kear.

Yn 2005 waard de priis nij libben ynblaasd en is de jierlikse takenning weromkommen.

Winners thumb|Mary Dresselhuys (1982)

thumb|John Lanting (1987) 1976 - Doris Van CaneghemHet Vrije Volk 23-12-1976 1977 - John de CraneHet Vrije Volk 18-3-1978 1978 - Willem NijholtHet Vrije Volk 10-11-1978 1979 - Beppie Nooij jr.Het Vrije Volk 18-10-1979 1980 - Leen JongewaardHet Vrije Volk 5-11-1980 1981 - Trudy LabijHet Vrije Volk 21-10-1981 1982 - Mary DresselhuysHet Vrije Volk 2-12-1982 1983 - Adèle BloemendaalHet Vrije Volk 29-9-1983 1984 - Martine BijlHet Vrije Volk 7-3-1985 1985 - André van DuinHet Vrije Volk 2-12-1985 1986 - Jenny AreanDe Telegraaf 26-2-1987 1987 - John LantingHet Vrije Volk 9-2-1988 1988 - John Kraaijkamp sr.Het Vrije Volk 17-9-1988 1989 - Youp van 't HekHet Vrije Volk 21-12-1989 1990 - Toneelproductie JalouzieënHet Vrije Volk 1-2-1991 1991 - Haye van der Heyden 1999 - Mini & Maxi 2001 - Gijs Scholten van Aschat 2005 - Ashton Brothers 2006 - Herman Finkers 2007 - Leny Breederveld 2008 - Kees Hulst 2009 - Tjitske Reidinga 2010 - Loes Luca 2011 - Jon van Eerd 2012 - Tineke Schouten 2013 - Paul Groot 2014 - Huub Stapel 2015 - Simone KleinsmaFok.nl 2016 - Alex Klaasen 2017 - Bianca Krijgsman en Plien van BennekomJohan Kaart Prijs voor Plien en Bianca, NU.nl, 23 maaie 2017 2018 - WëreldbändWëreldbänd volgt Plien & Bianca op als winnaar Johan Kaart Prijs, de Stentor, 2 maaie 2018 2019 - Pierre BokmaPierre Bokma krijgt Johan Kaartprijs 2019 NU.nl, 26 maaie 2019 2022 - Brigitte Kaandorp 2023 - Steef de Jong

Keppeling om utens Webstee fan de Johan Kaartpriis

Kategory:Nederlânske teaterpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1975