Vlad III (* tusken 1428 en 1431 – † yn desimber 1476 of jannewaris 1477), byneamd Vlad de Speetser (Roemeensk: Vlad Ţepeş, útspr.: [vlad 'ʦepeʃ], likernôch: "vlad tsee-peesj") of Vlad Dracula (Roemeensk: Vlad Drăculea, útspr.: [vlad 'drəkulja], likernôch: "vlad druh-kûl-ja"), wie yn 1448, fan 1456 oant 1462 en nochris yn 1476 woiwode ("hartoch" of "foarst") fan it Foarstedom Walachije, in steat dy't it súdlike part fan it hjoeddeistige Roemeenje besloech. Hy wie de twadde soan fan Vlad II Dracul, dy't yn 1436 op 'e Walachyske troan kaam. Nei't syn heit en âldere broer Mircea II yn 1447 omkamen by in Hongaarske ynvaazje, brocht Vlad de Speetser jierren yn ballingskip troch.
Doe't er yn 1456 ienris fêst op 'e troan kommen wie, fierde er in bloedige suvering troch ûnder de Walachyske adel. Hy kaam yn konflikt mei de Transsylvaanske Saksers, in rike Dútsktalige minderheid, dy't ferskate oare troanpretendinten tsjin him stipen. Yn 1462 foel Vlad it Osmaanske Ryk binnen en brocht er de Turken swiere nederlagen ta. Doe't er nei Transsylvaanje reizge om dêr om Hongaarske stipe te freegjen, waard er ferret en finzenset. Nei't er yn 1475 frijlitten wie, wist er ein 1476 syn hearskippij wer oer Walachije te fêstigjen, mar syn tsjinstanner, Basarab III, kaam werom mei in Osmaansk leger en Vlad sneuvele yn 'e striid. Tsjin dy tiid wie syn wreedheid legindarysk wurden, en boeken oer dat ûnderwerp hearden ta de earste bestsellers fan it Dútske taalgebiet. Dy reputaasje en syn patronym ynspirearren yn 1897 de Ierske skriuwer Bram Stoker ta it personaazje greve Dracula yn syn roman Dracula. Nettsjinsteande dat wurdt Vlad de Speetser yn Roemeenje beskôge as in nasjonale held.
Namme De namme 'Dracula', dy't no benammen bekend is as de namme fan 'e fiktive fampier greve Dracula, út Bram Stoker syn roman Dracula, wie iuwenlang bekend as in patronym fan Vlad de Speetser. De namme kaam fan 'e bynamme fan syn heit, Vlad Dracul, dy't yn it Roemeensk letterlik 'Vlad de Draak' betsjut (fan drac, "draak" + -ul, "de"). Hy kaam oan dy bynamme trochdat er yn 1431 opnommen wie yn 'e Oarder fan 'e Draak, in ridderoarder stifte troch Sigismund fan Lúksemboarch, de kening fan Hongarije, mei as doel om it kristendom te beskermjen en de opmars fan 'e (islamityske) Osmaanske Turken op 'e Balkan tsjin te kearen. Syn soan Vlad III waard neitiid oantsjut as "soan fan 'e Draak": Drăculea, fan Drakûla, de Slavyske genityf (twadde namfal of besitlike namfal). Sels ûndertekene Vlad de Speetser oan 'e ein fan syn libben syn brieven mei "Dragulja" of "Drakulja".
Libben Jonkheid Vlad wie de twadde wettige soan fan Vlad II Dracul (dy't sels in oerwûne soan wie fan foarst Mircea I fan Walachije). Syn mem wie nei gedachten duomna Eupraxia, in dochter fan foarst Aleksander I fan Moldaavje. Mei't bekend is dat Vlad yn 1448 âld genôch wie om oanspraak op 'e Walachyske troan te meitsjen, moat er tusken 1428 en 1431 berne wêze. Histoarisy achtsje it oannimlik (mar net wis), dat er berne waard yn Sighişoara, nei't syn heit him yn 1429 yn dy Transsylvaanske stêd (yn ballingskip) nei wenjen set hie. (Transsylvaanje makke oant de ein fan 'e Earste Wrâldoarloch, yn 1919, diel út fan it Keninkryk Hongarije.)
Vlad II Dracul griep yn 1436 de troan fan it Foarstedom Walachije, nei't syn healbroer Aleksander I oan in sykte beswykt wie. Yn in oarkunde út 1437 wurde Vlad de Speetser en syn âldere broer Mircea neamd as har heite "earstberne soannen". Tusken 1437 en 1439 wurde se nochris neamd yn fjouwer oare oarkunden, wêrfan't de lêste ek gewach makket fan in trêde broer, Radu de Skiene.
Nei in moeting yn oktober of novimber 1441 mei Jan Hunyadi, de Hongaarske woiwode fan Transsylvaanje, besleat Vlad Dracul om 'e Osmaanske ynvaazje fan Transsylvaanje fan maart 1442 net te stypjen, ek al wied er yn namme in fazal fan 'e Osmaanske sultan Moerad II. Dêrop oardere de sultan him om oan syn hôf yn Adrianopel te ferskinen om syn trou te bewizen. Vlad Dracul droech dêrop it regear oer Walachije oer oan syn âldste soan Mircea, en sette mei syn soannen Vlad en Radu ôf nei Adrianopel. Dêr waarden se yn 'e hechten nommen en finzenset yn Gallipoli. Vlad Dracul waard foar de ein fan it jier wer frijlitten, en wist begjin 1443 op 'e nij syn hearskippij oer Walachije te fêstigjen.
De jonge Vlad en Radu bleaune as gizelders foar syn goed gedrach efter yn it Osmaanske Ryk, dêr't se fêstholden waarden yn 'e fêsting Eğrigöz (no Doğrugöz). Harren libbens wiene yn grut gefaar doe't Vlad Dracul yn 'e simmer fan 1445 in ferbûn sleat mei in legerke krúsfarders út it Hartochdom Boergonje en mei harren in oanfal op it Osmaanske Ryk begûn. Letter sleaten ek Hongaarske troepen ûnder Jan Hunyadi har dêrby oan. It gie lykwols al rillegau berchôf mei de relaasjes tusken de Walachen en de Hongaren. Yn in brief dat er ein 1445 oan 'e boargemasters fan Braşov (yn Transsylvaanje) skreau, beklage Vlad him oer it feit dat Walachyske keaplju dêr arrestearre waarden, ek al hie hy syn "lytse bern ôfslachtsje litten foar de kristlike frede, sadat [hy] en [syn] lân ûnderdienen" fan 'e kening fan Hongarije wurde koene. Ut dy wurden bliek dat er himsels derfan oertsjûge hie dat syn beide jonge soannen yn it Osmaanske Ryk fermoarde wiene, hoewol't de sultan harren yn wurklikheid neat dien hie.
Yn 1446 of 1447 erkende Vlad Dracul op 'e nij de Osmaanske sultan as yn lienhear en stimde er deryn ta om in jierlikse skatting te beteljen. Yn novimber 1447 foel Jan Hunyadi, dy't tsjin dy tiid lânfâd oer Hongarije wurde wie foar de Poalske kening Wladislaus, Walachije binnen. Vlad Dracul en syn âldste soan Mircea waarden kriichsfinzen nommen en fermoarde, wêrnei't Hunyadi Vladislav II op 'e troan sette, dat in soan fan Vlad Dracul syn folle neef Dan II wie. De Byzantynske kronykskriuwer Michael Kritobulus skreau dat de jonge Vlad en syn broer Radu dêrnei de wyk namen nei it Osmaanske Ryk, wat ymplisearret dat sultan Moerad harren earder tastien hie om nei Walachije werom te kearen.
Earste regear Troch de dea fan syn heit en âldere broer waard Vlad de wichtichste Walachyske troanpretendint foar it Hûs Drăculeşti, de ôfstammelingen fan Vlad Dracul. Nei't Vladislav II yn septimber 1448 mei Jan Hunyadi op fjildtocht gie tsjin it Osmaanske Ryk, triek Vlad begjin oktober oan it haad fan in Osmaansk leger Walachije yn mei de bedoeling om himsels ta foarst te meitsjen. Dêrby moast er tastean dat de Osmanen it fêstingeilantsje Giurgiu, yn 'e Donau, weromnamen, dat syn heit yn 1445 mei muoite op harren ferovere hie. De Osmanen fersloegen it leger fan Hunyadi op 17 en 18 oktober yn 'e Slach op it Lysterfjild. Hunyadi syn ûnderbefelhawwer, Nikolaas Vízaknai, stie der by Vlad op oan om nei Transsylvaanje te reizgjen foar besprekkings, mar Vlad, dy't al berjocht hân hie fan 'e Osmaanske oerwinning, stegere him ôf. Doe't Vladislav II oan it haad fan wat der oer wie fan it Walachyske leger nei hûs weromkearde, wie Vlad twongen om op 'e nij yn ballingskip te gean yn it Osmaanske Ryk. Dat barde foàr 7 desimber 1448.
Ballingskip Vlad fêstige him earst yn Adrianopel, dêr't sultan Moerad II syn hofhâlding wie. Net folle letter ferfear er nei it Foarstedom Moldaavje, dêr't Bogdan II (nei alle gedachten syn omke oan memmekant) yn 'e hjerst fan 1449 mei stipe fan Hunyadi op 'e troan kommen wie. Doe't Bogdan yn oktober 1451 fermoarde waard troch Peter III Aäron, naam Vlad mei Bogdan syn soan Steffen de wyk nei Transsylvaanje, dêr't se stipe hopen te krijen fan Hunyadi. Dyselde sleat lykwols yn novimber 1451 in trijejierrich bestân mei de Osmanen, wêrby't fêstlein waard dat de Walachyske bojaren (eallju) it rjocht hiene om in opfolger foar Vladislav II te kiezen, mocht dy komme te ferstjerren.
Nei't it skynt woe Vlad him nei wenjen sette yn 'e Transsylvaanske stêd Braşov, dy't in sintrumfunksje ferfolle foar de Walachyske bojaren dy't troch Vladislav II ferballe wiene, mar yn in dokumint datearre op 6 febrewaris 1452 ferbea Hunyadi de boargers fan Braşov om Vlad ûnderdak te bieden. Dêrop kearde Vlad werom nei Moldaavje, dêr't ûnderwilens Aleksander II Peter III Aäron fan 'e troan staat hie. Ut 'e folgjende jierren is oer it libben fan Vlad frijwol neat oerlevere. Ut in brief fan Hunyadi oan 'e boargers fan Braşov, datearre op 3 july 1456, skreau dyselde dat er Vlad oansteld hie om 'e lieding oer de ferdigening oan 'e Transsylvaanske grins op him te nimmen. Dat betsjut dus dat Vlad foar dy tiid weromgien wêze moat nei Transsylvaanje.
Twadde regear Konsolidaasje De omstannichheden en datum fan 'e weromkear fan Vlad nei Walachije binne net oerlevere. Hy foel syn heitelân mei Hongaarske stipe binne yn april, july of oars augustus 1456. Vladislav II kaam om yn 'e striid. Syn ierste oerlevere brief as woiwode fan Walachije ferstjoerde Vlad op 10 septimber oan 'e boargers fan Braşov. Dêryn seid er harren beskerming ta foar it gefal fan in nije Osmaanske ynvaazje fan Transsylvaanje. Ferskate boarnen, wêrûnder de kronyk fan Laonikos Chalkokondyles, melde dat Vlad oan it begjin fan syn regear hûnderten of sels tûzenen minsken terjochtstelle liet. Hy sette útein mei in grutte suvering ûnder de bojaren dy't er as mandélich beskôge oan 'e moard op syn heit en âldere broer en ek ûnder dejingen dy't er om oare redens net fertroude. Neffens Chalkokondyles "soarge [Vlad] fluch foar grutte feroaring en sette er it spul yn Walachije op 'e kop" troch "jild, ûnreplik goed en oar guod" fan syn slachtoffers te konfiskearjen en oan syn oanhingers te jaan.
Konflikten mei de Transsylvaanske Saksers Op it mêd fan ynternasjonale relaasjes stjoerde Vlad de gebrûklike jierlikse skatting nei de sultan. Nei't Jan Hunyadi yn augustus 1456 stoar, waard er as lânfâd fan Hongarije opfolge troch syn âldste soan, Ladislaus Hunyadi. Dyselde beskuldige Vlad der yn in brief oan 'e boargers fan Braşov fan dat er "gjin inkele bedoeling [hie] om trou te bliuwen" oan 'e kening fan Hongarije. Hy oardere harren dêrom om Dan III, in broer fan Vladislav II, te stypjen. De boargers fan in oare Transsylvaanske stêd, Sibiu (doe oer it algemien Hermannstadt neamd), stipen in oare Walachyske troanpretendint, "in preester fan 'e Roemenen, dy't himsels de soan fan in foarst neamt." Dat wie Vlad de Mûnts, in oerwûne broer fan Vlad de Speetser, dy't him Amlaş yn fêstige, in Transsylvaanske besitting fan 'e foarsten fan Walachije.
Kening Ladislaus V fan Hongarije liet Ladislaus Hunyadi yn maart 1457 eksekutearje, wêrnei't ûnder lieding fan Hunyadi syn mem, Erzsébet Szilágyi, en har broer, Michael Szilágyi, in iepen opstân útbriek. Vlad makke der gebrûk fan dat de Hongaren it te drok mei harsels hiene om syn neef Steffen de Grutte, de soan fan Bogdan II, yn juny 1457 op 'e troan fan Moldaavje te helpen. Ek died er in ynfal yn Transsylvaanje, wêrby't er it plattelân om Braşov en Sibiu hinne plondere. Dat wie in gebiet dat bewenne waard troch kolonisten út Dútslân wei, de saneamde Transsylvaanske Saksers. De ierste Dútsktalige ferhalen oer Vlad makken der gewach fan dat er manlju, froulju en bern as finzenen meifierde nei Walachije, dêr't er harren speetse liet, wat syn favorite wize fan terjochtstelling wie. Om't de Transsylvaanske Saksers trou bleaun wiene oan kening Ladislaus, fersterken Vlad syn oanfallen op harren de posysje fan 'e Hongaarske opstannelingen.