Schoonoord is in doarp yn de gemeente Coevorden (foar 1998 gemeente Sleen) yn de Nederlânske provinsje Drinte. It hie op ynwenners.

Skiednis It plak waard yn 1854 stifte nei it oanlizzen fan it Oranjekanaal. De namme waard betocht troch feanter Klijn, dêr't schoon ferwiist nei "kreas" of "moai". It neiere Schoonloo sil ek wol in rôl by de kar fan de namme spile hawwe.

It doarp waard boud op de kop fan in sânrêch, dy't heger as it omkringjende lân is. De earste bewenners wiene kanaalgravers dy't fan Smilde weikamen. Letter, doe't it neiere Odoornerveen oanmakke waard, kamen der ek feanters nei Schoonoord, dat ta in rom doarp útwoeks, trochsnien troch it Oranjekanaal.

Yn juny 1854 hie it doarp al 30 hûshâldings mei 148 ynwenners.

It besjen wurdich Yn it ramt fan it hûndertjierrich bestean fan it doarp, waarden der in stikmannich spitketen en feanhûskes op in stik heidelân neimakke. Dat is njonkelytsen woeksen ta in iepenloftmuseum: it Iepenloftmuseum Ellert en Brammert.

Besuden it doarp leit it ferneamde hunebêd: de Papeloze kerk.

Nijsgjirrich In ferneamd ferhaal út de omkriten fan Schoonoord is dy fan Ellert en Brammert, twa grutte rûge reuzen. It ien en oar spilet him ôf op wat no't it Ellertsfjild hjit.

Galery

Keppeling om utens Ynformaasje oer Schoonoord (webstee fan de Gemeente Coevorden) Schoonoord en De Kiel (webstee fan it doarp Schoonoord - De Kiel)

Kategory:Plak yn Coevorden