It Frankyske Ryk of Frankeryk (Latyn: Regnum Francorum) of Frânsje (Latyn: Francia) wie in Jeropeeske grutmacht tusken de 5e en de 9e iuw, dy't stadichoan foarme waard troch de Frankyske keningen, nei't de Franken en oare Germaanske folken harren yn de Romeinske provinsjes fan Galje en oangrinzgjende Germaanske delsettingsgebieten oan de rjochterouwer fan de Ryn fêstige hienen. It waard de wichtichste opfolgerssteat fan it Westromeinske Ryk dat yn 476 n.Kr. yninoar foel.
It Frankyske Ryk ûntstie by it Grutte Folkeferfarren nei de ûndergong fan it Westromeinske Ryk yn de Lette Aldheid en woeks yn de Iere Midsiuwen út ûnder de dynastyen fan de Merovingen en Karolingen yn trije iuwen ta in grutmacht dy yn West- en Mid-Jeropa hearske. As hofmeiers fan de Merovingyske keningen hiene de Karolingen de winliken macht al sûnt de ein fan de 7e iuw, foa't se yn 751 sels de keninklike titel oernamen. It Frankyske Ryk kaam ta it hichtepunt fan syn macht ûnder it bewâld fan Karel de Grutte (768-814). Nei't it ryk yn d e9e iuw ferparte waard, ûntjoech him út it eastlik part it Hillige Roomske Ryk en út it westlik part it lettere Keninkryk Frankryk. De hjoeddeistige steat Frankryk hat syn namme fan it Frankyske Ryk.
Oername fan it Romeinsk gesach Yn de 4e iuw besochten de Romeinen ferskate kearen om de ynfallende Franken, dy't as Franci yn Romeinske boarnen foar de earste kear yn de 50-er jierren fan de 3e iuw neamd waarden, wer te ferdriuwen, lykas troch de lettere keizer Julianus Apostata, mar om 'e nocht. Yn 358 krigen de Salyske Franken fan de Romeinske keizer 'tastimming' harren as foederaty ('bûnsmaten') op Romeinsk gebiet oan de Skelde en tusken de grutte rivieren te festigjen. De status fan foederaty's joech de oanwêzigens fan de Franken in legitym tintsje mar feitlik hienen de Romeinen al gauris net folle mear te sizzen wêr't de Franken harren festigen. Healwei de 5e iuw stoarte it Romeinske gesach bûten Itaalje folslein yn inoar. De Franken namen de frijheid en besetten al gauris de hiele provinsje Neder-Germaanje (it tsjintwurdige Nederlân besuden fan it rivierengebiet, Belgje en it tsjintwurdige Rynlân) wêrby't de Romeinske en romanisearre bewenners op 'e flecht sloegen of harren ûnderwurpen oan de nije Frankyske elite. Harren ekspânsje rjochte har dêrnei fierder nei it wolfarrende suden ta en sa stadichoan oermasteren sy Galje oant de Seine ta. , De Merovingen
thumb|left|Galje yn 481, justjes foar't Klovis oan de macht kaam; syn machtsgebiet omfieme ynearsten allinnich in part fan de Frankyske gebieten Nei't it Westromeinske Ryk sûnt de dea fan legeroanfierder Aetius yn 454 hieltyd mear de kontrôle oer Galje ferlear, folden de Franken it machtsfakuüm nei de ûndergong fan it Westromeinske Ryk yn 476 en wreiden se op eigen manneboet har grûngebiet út, lykas de Fisigoaten yn it suden fan Galje. Yn it noarden fan Galje hie in oerbliuwsel fan it Westromeinske Ryk him ûnder de Romeinske kommandant Syagrius, de soan fan legeroanfierder Aegidius, hanthavenje kinnen yn in gebiet om Soissons hinne, sûnt 464 ôfskaat fan 'e rest fan it ryk, en stifte dêre it Gallo-Romeinske Ryk of Keninkryk fan Soissons.
Tjien jier nei it ôfsetten fan Romulus Augustulus as lêste Romeinske keizer yn West-Jeropa fersloech yn 486 de Merovingyske kening Klovis de Galloromeinske hearsker Syagrius by Soissons, sa't hiel Noard-Galje, oant de Loire, yn syn lân foel. Klovis, dy't earder ien fan de folle Frankyske kriichshearen (warlords) wie, grypte dêrnei de kâns en skeakelje de oare Frankyske dielkeninkrykjes fan ûnder oaren Sigebert fan Keulen en Ragnagar út en stiftsje in Germaansk-Romeinsk Ryk. Klovis brocht syn hofhâlding oer nei Parys en makke de stêd ta sintrum fan syn macht. Yn 496 en 506 fierde er suksesfolle krigen tsjin de Alemannen. Yn 507 slagge er dêryn oer hiel Galje te hearskjen doe't er de Fisigoaten fersloech yn de slach fan Fouillé.
It besit fan de Romeinske lânhearen dy't by de Frankyske feroveringskrigen deade of ferdreaun waarden, kamen yn it besit fan de kening. Dêr koe Klovis syn fierdere fjildtochten mei finansierje en koe er syn macht fersterkje. Hy woeks stadichoan út ta de grutste grûnbesitter. Troch lânskinkings brocht er oare eallju direkt ôfhinklik, dêr't mooglik it lienstelsel him ûntjoech. Yn de rin fan de tiid feroare de posysje fan de Frankyske kening hieltyd mear ta dy fan in echte kening.
Klovis, dy't him bekommerje moast om it befoarriedzjen fan syn kriichslju, naam, foar safier mooglik wie, it funksjonearjende let-antike Romeinske bestjoers- en finansjele systeem oer, dêr't de kearn benammen yn it suden út de civitates bestie. Dêr spile de macht fan de pleatslike biskoppen, dy't gauris de bestjoerlike taken yn de civitates op har namen, ek in wichtige rol by. De tsjerke soe him dêrnei ta in fierdere machtsstipepylder fan de kening ûntjaan, dy't dêryn slagge en bring de biskoppen foar it grutste part ûnder syn kontrôle. Mooglik ûnder ynfloed fan Klotildis, dochter fan de Boergondyske kening Gilperik II, bekearde Klovis, foarhinne in heiden of arianist, him ta it Roomsk-katolike kristendom. Mei syn doop yn 508 ferwissige er de stipe fan de Romeinske kristenen en makke er it paad frij foar in maatskippij fan Frankyske kriichslju en de Galloromaanske boargerbefolking. Om 'e mid-6e iuw hinne kaam dêr dan ek in ein oan 'e let-antike oergongsperioade yn Galje en sette sa stadichoan de Iere Midsiuwen útein. De pleastlike autoriteiten, lykas de greven en de biskoppen, hiene ta taak en fier de befellen fan Klovis út. Dêrnjonken koe Klovis yn 511 by de earste Frankyske Rykskonsylje in trochgeande ynfloed fan de Frankyske keningen op it beneamen fan biskoppen ôftwinge en besocht er in unifoarme tsjerklike wetjouwing foar it Frankyske Ryk ta stân te bringen. Dêrnei ûntstie mei de Lex Salica in samling fan it Frankysk rjocht, dy't troch resint ûndersyk lykwols net op it âld-Germaansk stamrjocht, mar op it let-Romeinsk soldaterjocht weromfiert.
Opkomst fan de Arnulfingen en Pepiniden right|thumb|300px
Nei de dea fan Klovis waard it Frankyske Ryk nei it foarbyld fan it let-Romeinsk Keizerryk, en net, lykas eartiids oannommen waard, op grûnwurk fan it Germaansk rjocht, ferdield ûnder syn fjouwer soannen. Dêrnei waard de ryksienheid, dy't offisjeel nea opheft wie, by stuit ferhelpe, mar hieltyd late de útlis fan it Salyske rjocht op 'e nij ta skeel. Teudebert I fierde in ekspansyf belied yn it noarden fan Itaalje tsjin de Byzantinen en Ostrogoaten. Fan 558 oant 561 slagge Klotarius I de ienheid wer op te helpen, dochs liet er it ryk op syn bar wer nei oan syn fjouwer soannen. Fan 623 ôf ûntstie yn it eastlik part fan it ryk, dat doe Austraasje neamd waard, in emansipaasjebeweging fan de adel dy't fan Klotarius II in ûnderkening easke yn 'e persoan fan syn soan Dagobert I. Dy waard de lêste wichtige Merovingyske kening, dochs de werklike macht dêrnei lei by de hofmeier Aegas en de widdo fan Dagobert.
Stadichoan woeks de macht fan de hofmeiers. Yn de jierren 657-662 kaam de soan fan de hofmeier Grimoald, dy't ûnder de namme Gildebert de Adoptearre foar de noch minderjierrige kening Sigibert III regearre. Nei de Slach by Tertry (687) waard de Austrasyske hofmeier Pepyn II de facto hearsker oer it gânse Frankyske Ryk. Yn 689 fersloech Pepyn de Friezen ûnder kening Redbad yn de Slach by Doarestêd en oermastere er alle gebieten súdlik fan de Ryn (Frisia Citerior). Oan de sindeling Willibrord joech er in âld Romeinsk fort, Trajectum hjoed-de-dei de stêd Utert, as stipepunt foar syn sindelingwurk ûnder de Friezen.
Lang om let kamen de Arnulfingen en Pepiniden op en letter de dynasty fan de Karolingen. Dochs nei de mislearre steatsgreep fan Grimoald doarde Pepyn him noch net ta kening út te roppen, om't it dynastyk tinken, noch fan de let-antike tiid, allinnich mar oan ien famylje it rjocht op de hearskippij takende.
Yn 714, nei de dea fan Pepyn, briek der in machtstriid út, de Frankyske Boargerkriich (715-718). Ek de Fryske kening Redbad rekke dêr belutsen by. Hy koe de ferlerne gebieten fan 689 werom feroverje en fersloech Pepyn syn bastertsoan Karel Martel yn de Slach by Keulen yn 716. Redbad ferstoar yn 719 en Karel Martel koe him lang om let hanthavenje en fersloech syn Frankyske tsjinstanners en de Friezen westlik fan it Fly. Karel stie bekend om syn hurdens en trochsettingsfermogen en stie foar swiere yn- en bûtenlânske politike problemen. Hieltyd wer besochten guon lieders fan de âlde aadlike elite yn it Frankyske Ryk har tsjin syn hearskippij te fersetten. It jier 732 betsjutte in kearpunt doe't er by de Slach by Poitiers de Arabieren fersloech. Dêr waard er eare as de rêder fan it Jûnlân. Ek syn fjochterijen tsjin de Friezen, Saksen, Bajuwaren en Alemannen fersterken syn hearskippij. Dêrnjonken stipe er it sindelingwurk fan biskop Bonifatius yn dy gebieten. Fan 737 ôf regearre er nei de dea fan de Merovingyske kening Teuderik IV allinnich oer it Frankyske Ryk, mar lykas syn heit sûnder keninklike titel. Neffens Frankyske tradysje ferparte er it ryk justjes foar syn dea ûnder syn soannen Karloman en Pepyn III
De Karolingen thumb|right|300px|Ekspânsje fan it Frankyske Ryk
Pepyn III waard de allinnehearsker nei't syn broer Karloman it kleaster ygie. Yn 751 sette er, in oerlis mei paus Sacharías, de lêste Merovingyske kening, Childerik III, ôf, en liet him nei it foarbyld yn it Alde Testamint ta kening salvje. Trije jier letter salve paus Stefanus II him foar de twadde kear. Yn it Ferdrach fan Quierzy yn 754 sei Pepyn ta it eardere Eastromeinske eksarchaat Ravenna oan de paus oer te dragen as wrâldlik hearskippij (de Skinking fan Pepyn). Yn ruil dêrfoar legitimearre de paus de karolingen as keningen fan it Frankyske Ryk. Yn 755 krige de Frankyske kening it fersyk en kom it ferdrach nei. Oant oan syn dea fierde Pepyn twa suksesfolle fjildtochten tsjin de Longobarden en skonk er de ferovere gebieten oan de paus. Pepyn waard sa beskôge as de stifter fan de Tsjerklike Steat (Patrimonium Petri). By syn dea yn 768 liet er syn soannen Karel de Grutte en Karloman in ryk nei dat polityk allyk ekonomysk yn opbou wie.
Yn 771 ferstoar Karloman dêr't Karel de iennige hearsker troch waard. Troch it ferdrach dat syn heit mei de paus sletten hie, wie Karel oan him ferplichte. Nettsjinsteande dat de Longobarden de skinkings fan Pepyn net erkinden, sette Karel de kriich tsjin harren fuort en ferovere er har ryk yn 774. Njonken de fjildtochten tsjin de Longobarden makken de Franken ûnder Karel de Grutte in ein oan de ûnofhinklikens fan de Friezen en Saksen yn 772-775. Benammen de Saksekriich makken de polityk fan Karel út. Yn 784/785 kamen de Friezen tusken Fly en Weser en de Saksen ûnder Widukind yn opstân. Hja ferjagen de sindelingen en ferneatigen de stifte tsjerken. Karel seach dat as ferried en sloech dy opstân del dêr't Widukind him yn 785 by oerjoech. Karel ûntnaam de Friezen en Saksen as straf dêrby it heite-eigendomsrjocht., Friese graafschappen tussen Zwin en Wezer, Assen: van Gorcum, side 20, ISBN 9789023249788 Yn 804 waard de lêste Saksyske opstân delslein en waard Noardalbingje oermastere. Yn 811 waard de Eider fêststeld as grins tusken it Frankyske Ryk en Denemark.