Death Masks is in roman fan it fantasysjenre skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel is in wurdboarterij mei twa bestjuttings: "Deademaskers" en "De Dea Maskearret". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it fyfde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Summer Knight. Yn Death Masks wurdt Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, troch de Roomsk-Katolike Tsjerke frege om it stellen Lykklaad fan Turyn werom te finen. Dat liket in frij ienfâldige opdracht te wêzen, mar Harry rekket troch syn ûndersyk behelle yn in kat-en-mûsspul mei de dieven, de maffia en in groep fallen ingels dy't nearne foar tebek skrilje, wylst er tagelyk ek noch twongen wurdt om it yn in duël op te nimmen tsjin in fampier. It boek waard yn 2003 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2006 waard Death Masks troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard for Hire, yn 'e mande mei Summer Knight, it fjirde diel fan The Dresden Files. __TOC__ Ynhâld Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, docht mei oan in praatprogramma op in lokale tillefyzjestjoerder, mei as ûnderwerp it boppenatuerlike. Syn dielname oan it programma fan Larry Fowler is de iennichste manear dat er mei it medium Mortimer Lindquist prate kin, in âlde bekende fan Harry dy't op it stuit net mei him sjoen wurde wol. Harry hat nammentlik yn 'e boppenatuerlike wrâld in oarloch feroarsake tusken it Reade Hôf fan 'e fampieren en de Wite Ried fan Tsjoenderij (sjoch: Grave Peril), en Lindquist wol dêr út noch yn net by belutsen reitsje. Dat doe't Harry him frege om in geunst, stelde Lindquist foar dat se tegearre oan it praatprogramma meidwaan soene; net ien dy't it lju ommers kwea-ôf nimme kin as se in pear wurden wikselje wylst se beide yn sa'n programma te gast binne. Yn in reklameblok fertelt Lindquist dat er oangeande Harry syn fraach syn ljocht opstutsen hat by lju dêr't er kunde oan hat, en hy kin him dit fertelle: Susan Rodriguez libbet noch en befynt har yn Perû.
Susan Rodriguez is in sjoernaliste foar de Arcane, in sensaasjeblêd dat publisearret oer it boppenatuerlike, lykas waarnimmings fan in sasquatch en besiken fan bûtenierdske wêzens. Se krige jierren lyn belangstelling foar Harry doe't dy yn Chicago syn detektiveburo iepene, wêrby't er yn in advertinsje yn 'e Gouden Gids fermelde dat er tsjoender wie. Nei ferrin fan tiid krigen se in relaasje (sjoch: Storm Front), mar in oardel jier dêrnei sloech Susan al Harry syn warskôgings yn 'e wyn en folge se him nei in feestlike gearkomste fan it Reade Hôf, dy't útrûn op in konfrontaasje tusken Harry en syn freonen en de fampieren (sjoch: Grave Peril). Susan foel dêrby yn 'e hannen fan 'e fampieren fan it Reade Hôf, dy't har heal feroaren yn in fampier. De metamorfoaze soe foltôge wurde as se it bloed fan in minske dronk oant dy it bestoar. Harry befrijde Susan út har finzenskip (en begûn om dat te berikken in oarloch tusken de reade fampieren en de tsjoenders), mar neitiid beëinige Susan har relaasje mei him. Se fielde doe nammentlik oanhâldend in gnaujende honger nei bloed, dêr't se beslist net oan tajaan mocht. Om't se sa fan him hold, koe se wat him oangie de ferskillende soarten hongers net útinoar hâlde, en soe it mar in kwestje fan tiid wêze foar't se him deade. Sûnt hat Harry om 'e nocht besocht en fyn in genêswize foar Susan, wylst er har yn 'e rekken hold fia har kollumn yn 'e Arcane. Fjirtjin dagen foar syn dielname oan it praatprogramma fan Larry Fowler waard Harry opskille troch de haadredaktrise fan it krantsje, dy't sei dat se al in skoft neat mear fan har heard hie en frege oft Harry ek wist hoe't se mei har yn kontakt komme moast. It antwurd wie 'nee', mar Harry waard dêr sa ûngerêst fan dat er de help fan Mortimer Lindquist ynrôp.
Nei't Harry en Lindquist yn it praatprogramma har sechje dien hawwe, makket presintator Larry Fowler bekend dat er noch twa oare gasten útnûge hat om 'e oare kant fan 'e saak te beljochtsjen. Dat binne de preester Vittorio Vincent, in fertsjintwurdiger fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke dy't hielendal oerkommen is út it Fatikaan, en Paolo Ortega, in bekend ûndersiker en ûntkrêfter fan boppenatuerlike ferskynsels, fan wa't Harry wit dat er eins in fampier is en ien fan 'e eallju fan it Reade Hôf. No binne tsjoenderij en technyk net te kombinearjen, dat om oan it praatprogramma meidwaan te kinnen hat Harry himsels in betsjoening oplizze moatten dy't syn magy ûnderdrukt. De ferskining fan Ortega makket him sa kjel, dat er de behearsking fan dy betsjoening suver ferliest. Wylst Fowler en syn crew de stikkene kamera's ferfange dy't dêr it gefolch fan binne, fertelt Ortega Harry glêdsjes dat er allinnich mar oan it programma meidocht om mei Harry prate te kinnen. Hy wol dat de oarloch tusken de reade fampieren en de tsjoenders besljochte wurdt mei in duël oant de dea tusken himsels en Harry. As Harry dêr net mei ynstimt, sille de reade fampieren Harry al syn freonen en kliïnten oanfalle en ombringe. Dat lit Harry fansels net folle kar, dat hy giet akkoart mei in duël. It idee dat de fampieren syn freonen tenei komme, makket dat er syn selsbehearsking hielendal ferliest, wat desastreuze gefolgen foar de tillefyzjestudio hat, dêr't alle apparatuer it ôfwitte lit, en dy't evakuëarre wurde moat as der ek noch brân útbrekt.
Bûtendoar sprekt preester Vincent Harry oan, en fertelt him dat er net foar de show fan Larry Fowler alhiel út it Fatikaan oerkommen is, mar dat er inkeld oan it programma meidie om mei Harry te praten. De Roomsk-Katolike Tsjerke wol nammentlik in privee-detektive mei kennis fan it boppenatuerlike yn 'e earm nimme, en pastoar Anthony Forthill fan 'e Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels, in bekende fan Harry, hat Vincent oanret om Harry dêrfoar te freegjen. Foar't se fierder prate kinne, wurde se yn 'e parkearkelder oanfallen troch in slûpmoardner dy't it op Harry foarsjoen hat. Se witte te ûntkommen, mar Harry ken by de yngong fan 'e parkearkelder Hendricks werom, de liifwacht fan "Gentleman Johnny" Marcone, de maffiabaas fan Chicago. It is him ûndúdlik wêrom't dy him dea hawwe wolle soe.
Oankommen yn Vincent syn motel, prate hy en Harry fierder oer it putsje dêr't de Tsjerke Harry foar ynhiere wol. Der is in foarwerp stellen út 'e Katedraal fan 'e Hillige Jehannes de Doper yn noardlik Itaalje, dat de Roomsk-Katolike Tsjerke weromhawwe wol. Interpol hat útfûn dat in binde dy't bekendstiet as 'de Tsjerkemûzen' efter de dieverij sit. Ien fan 'e bindeleden, in Gaston LaRouche, is weromfûn mei djippe snijwûnen yn syn gesicht en hals, wylst twa oaren, Anna Valmont en Francisca García, noch op frije fuotten binne. LaRouche hie ferfalske papierren by him dy't derop wiisden dat er nei de Feriene Steaten flechtsje woe, en Valmont is neitiid sjoen op 'e Ynternasjonale Lofthaven O'Hare, yn Chicago. It tinken is dat Valmont en García LaRouche út 'e ljochten holpen hawwe en dêrnei mei de bút útpykt binne. De Tsjerke wol no dat Harry de restearjende Tsjerkemûzen opspoart en it stellen foarwerp weromhellet. De plysje fan Chicago sit ek op 'e saak, mar de Tsjerke hat, sa seit Vincent, troch skea en skande leard om nea alles op ien kaart te setten. Harry stelt, oan 'e hân fan 'e foto's fan it plak delikt dy't Vincent him jout, daliks fêst dat LaRouche net fermoarde is op it plak dêr't er fûn is, om't dêr simpelwei te min bloed leit. Hy betwifelet oft Valmont en García derefter sitte, mei't it neffens him in profesjonele moard wie. Mei de dokuminten dy't yn it besit fan 'e man oantroffen binne, liket it him ta dat immen graach wol de ûndersikers leauwe dat LaRouche de wyk nimme soe nei Chicago. Nettsjinsteande dat nimt Harry de saak oan. Restearret allinnich noch om te freegjen hokker foarwerp oft stellen is. Dat blykt it Lykklaad fan Turyn te wêzen.
As Harry letter thúskomt, stiet him noch in grutte ferrassing te wachtsjen: hy wurdt opwachte troch Susan Rodriguez. Se wikselje in tút út dy't hàst ta mear as dat liedt, mar trochdat se steurd wurde troch Harry syn kat Mister komt dat der net fan. Susan fertelt Harry dat se weromkommen is nei Chicago om ûntslach te nimmen by de Arcane. Wat se no fierder sil, docht se frijwat geheimsinnich oer. Mar se hat Harry opsocht om him te warskôgjen foar Ortega. Se fertelt him dat se ûndersyk dien hat nei it Reade Hôf en leit him út dat Ortega de lieder fan in faksje binnen it Reade Hôf is dy't de oarloch mei de Wite Ried fan Tsjoenderij beëinigje wol. Om't de Wite Ried tsjin wil en tank troch Harry syn dieden yn 'e oarloch behelle rekke is, giet Ortega derfan út dat der frede sletten wurde kin as hy Harry ferslacht en deadet yn in duël. Der bestiet lykwols in ynfloedrikere faksje binnen it Reade Hôf dy't de oarloch oan 'e gong hâlde wol om foar iens en foar altyd mei de Wite Ried ôf te weven. Susan fermoedet sterk dat dy faksje yn it duël yngripe sil om't der, salang't Harry yn libben is, in reden bestiet om 'e oarloch mei de Wite Ried troch te setten. Nei't se har warskôging oerbrocht hat, wurdt Susan by Harry syn foardoar ôfhelle troch in ûnbekende man dy't se Martin neamd. Harry bliuwt yn ûnwissichheid efter oer wat de relaasje tusken Susan en dy Martin krekt is, en ek oer wat de relaasje tusken himsels en Susan krekt is.
As Harry letter op bêd sil, wurdt er opskille troch Karrin Murphy, it haad fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago en in freondinne fan him. Se freget him om ris nei in lyk te sjen dat yn it mortuarium leit. As er dêr arrivearret, stelt Murphy him foar oan Waldo Butters, in krigele lytse patolooch-anatoom mei in foarleafde foar polkamuzyk, dy't him it oangeande lyk sjen lit. It is it stoflik omskot fan in ûnbekende man, dat mei djippe snijwûnen oerdutsen is en sawol de hannen as de holle mist. Dat is lykwols it nuverste noch net, sa fertelt Butters, want de snijwûnen wiene net slim genôch om oan dea te gean en it ôfhakjen fan hannen en holle is pas nei de dea dien. De reden dat Murphy Harry derby roppen hat, is dat de man stoarn is oan in kombinaasje fan alderhanne sykten, fan 'e pest en de pokken oant seare kiel, dy't allegear hommels en tagelyk by him opkamen en him binnen in pear oeren fataal wurden binne. De kâns dat soks natuerlik foarkomt, is nul. Harry freget en kriget in foto fan in tatoeaazje dy't op it lyk oantroffen wurdt. De snijwûnen bringe him daliks tebinnen wat er op 'e foto fan it lyk fan Gaston LaRouche sjoen hat, mar om't Vincent him in geheimhâldingsklausule ûndertekenje litten hat, kin er dêr neat oer sizze. Likegoed jout er Murphy de net sa subtile hint om ris by Interpol te ynformearjen nei in LaRouche.