thumb|Kastiel fan Coevorden It Kastiel fan Coevorden is in fersterke wente en ryksmonumint yn de Drintske stêd Coevorden. It kastiel wie yn syn âldste foarm in motte mei in houten toer dêr't grêften en houten muorren Foorthuis, W.R., Brood, P. (2002). Drenthe. Gids voor cultuur en landschap. Bedum: De Ploeg. ISBN 9052942420 omhinne rûnen. Dêr koe men by driigjend gefaar him yn werom lûke.
Skiednis thumb|left|Slach by Ane 1227 Ets van anonieme hand (1662-1664) Op de eftergrûn de grutte boarch út de midsiuwen It kastiel hat in roerige skiednis. Troch it lizzen yn sompige gebieten op trochgongrûtes, benammen tusken de hânzestêden Grins en Múnster, en fanwegen de tolrjochten, wie de fêsting fan grut strategysk belang. It besit fan it kastiel wiksele hiel wat kearen, dat gauris mei geweld ôfhannele waard. It kastiel hat in wichtige rôl spile yn de Slach by Ane (1227) en it Belis fan Coevorden (1592). It kastiel waard gauris plondere, ferneatige en fannijs opboud. Yn 1402 boude biskop Freark fan Blankenheim it kastiel fannijs.
Yn 1938 hat de gemeente Coevorden it kastiel oankocht, wêrnei't yn 1968 mei de restauraasje úteinset waard. By in restauraasje yn 2010 waard de reade ferve fuorthelle.
It kastiel hat sûnt 1965 de beskerme status fan Ryksmonumint.
Boarchgreven Fan de tolfde oant de fyftjinde iuw waard de boarch troch de boarchgreven fan Coevorden bewenne. De weard fan it kastiel wie tagelyk ek Drost fan it Lânskip Drinte. Yn 1522 waard it kastiel troch hartoch Karel fan Gelre ferboud en krige it nij alle gedachten de grutte fjouwerkante foarm dy't yn sketsen fan lettere tiden te sjen binne. Ek dy boarch is neitiids foar it grutste part ferfallen. De ruïnes, dy't oerbleaune, binne, net sûnder opskuorCorneille F. Janssen www.coevorden.nl , yn 1967-1972 restaurearre ta syn hjoeddeiske steat.
Nijsgjirrich Yn it Kanadeeske Vancouver stie in replika fan it kastiel. De replika waard boud ta gelegenheid fan it hûndertjierrich bestean fan Vancouver en de Expo '86. It kastiel waard dêr op 80% fan de grutte fan it wiere kastiel delsetten, as kado fan de bevolking fan Coevorden. Coevorden hat in bysûndere bân mei Vancouver fanwegen de Britske marine-ofsier George Vancouver, dy't ûnder James Cook yn 1792 de westkust fan Kanada (Britsk-Kolumbia) ferkende. Hy joech syn namme oan it eilân foar de kust, Vancouver Island. It troch de 'goldrush' ûntwikkeljende Granville Island krige yn 1886 de namme Vancouver. De foarfaars fan George Vancouver kamen út Coevorden en hieten dêr Van Coeverden (Fan Coevorden). Van Coeverden waard Vancoeverden en Vancoever ferfoarme ta Vancouver. De replika waard ferhûze nei it attraksjepark Fantasy Gardens yn Richmond, dat in foarstêd fan Vancouver is.
It kastiel op de flagge fan Drinte tsjut it kastiel fan Coevorden oan. It kastiel fan Coevorden is it iennichste kastiel yn Drinte.
Galery
Keppeling om utens www.kasteelcoevorden.nl
Kategory:Bouwurk yn Coevorden (gemeente) Kategory:Kastiel yn Drinte Kategory:Ryksmonumint yn Coevorden (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1025