thumb|175px|Krijn van den Helm thumb|175px|Keninginne Juliana ûntbleatet in plakette ta oantins fan Van den Helm. Ljouwert, 15 april 1970 Krijn van den Helm Namme neffens syn grêfstien(Amersfoart, 1912 - dêre, 25 augustus 1944): De oorlog van Esmée van Eeghen, Sijthoff - Amsterdam, 1988 s. 19 wie in kommys by de Belêstingtsjinst fan efterinoar Amersfoart, De Haach en Ljouwert en fersetsman yn de Twadde Wrâldkriich.

Foar de oarloch wie Van den Helm antymilitarist. Yn de maaiedagen fan 1940 hat er fochten oan de Grebbeliny. Hy hie letter yn 'e oarloch ûnder oaren te meitsjen mei it wurk fan de L.O.. Van den Helm wie sûnt healwei 1943 lieder fan de KP Fryslân oant july 1944, tegearre mei Pieter Wijbenga. Beide mannen waarden opfolge troch Piet Oberman.

Van den Helm is op 25 augustus 1944 op syn ûnderdûkadres yn Amersfoart deasketten troch de Nederlânske SD-er Pieter Johan Faber, dy't ûnder oaren dêrfoar op 10 july 1948 de kûgel krige.

Yn Ljouwert hawwe in strjitte en in skoalle ta syn oantins syn namme krigen.

Literatuer , De Mannen van de Overval, Dokkum, 2019 (Wijdemeer), ISBN 9789492052599. , Piet Oberman. De man en de mythe, Dokkum, 2022 (Wijdemeer), ISBN 9789492052872. , Vrouwen van het Friese verzet: gevecht op vele fronten, Dokkum, 2024 (Wijdemeer), ISBN 9789083344843.

Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk soldaat Kategory:Nederlânsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk misdieslachtoffer Kategory:Moardslachtoffer Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 1944