<font size="+1"> DOC Kaas Logo Basis ynformaasjeNamme DOC KaasOprjochte 1895Haadfestiging HoogeveenProdukten tsiisOmset €558 miljoen (2014)Webside www.dockaas.nl DOC Kaas (Drents-Overijsselse Coöperatie) is in koöperative tsiisfabryk yn Hoogeveen yn de Nederlânske provinsje Drinte. DOC Kaas hat twa lokaasjes yn Hoogeveen, wêrûnder op it Suvelpark Hoogeveen, bylâns de A37. Ynternasjonaal wurdt de ôfkoarting DOC brûkt foar Dutch Original Cheese.
Warberens DOC Kaas is in ûnôfhinklike suvelkoöperaasje ornearre foar de tsiisproduksje. Yn 't jier ferwurket it bedriuw goed 1 miljard kilogram molke, dy't fan sa'n 1200 leden molkfeehâlders komt, ta sa'n 130.000 ton tsiis. DOC Kaas leveret tsiis oan supermerken, restaurants en yndustriële ôfnimmers ûnder priveemerk of ûnder it merk Dutch Original Ceese. Mei in omset fan sa'n € 550 miljoen is DOC Kaas in grutte Nederlânske tsiismakker. Sa'n 70 persint fan de omset wurdt yn Nederlân makke en de rest yn it bûtenlân, wêrfan't it grutste part yn Dútslân. De koöperaasje stribbet net nei eigen winst, mar nei in sa heech mooglike molkpriis foar de leden-molkfeehâlders. Op 1 jannewaris 2014 waard Marc Ligthart de nije direkteur en folge dêrmei Jannes Oosterveld opBoerderij Marc Ligthart nieuwe directeur DOC Kaas, 25 novimber 2013, rieplachte op 30 april 2015.
Skiednis Yn 1895 waard yn Hoogeveen de koöperative Stoomsuvelfabryk oprjochte, dêr't feehâlders út de omkriten fan Hoogeveen yn meiïnoar gearwurkjen giene by de produksje fan bûter. Al yn it earste jier sleaten der mear as 100 molkfeehâlders oan en doe waard de stoomsuvelfabryk boud. Yn de jierren dernei waard hieltyd mear bûter produsearre en dat late der yn 1928 ta dat der in nije gruttere fabryk iepene waard, dêr't njonken bûter, ek kondinsmolke makke waard.
Yn 1962 fusearre de Hoogeveenske koöperaasje mei dy fan Slagharen, Ruinen en Zuidwolde en doe ûntstie de Drents-Overijsselse Coöperatie. Njonkelytsen wiene der 3000 feehâlders dy't molke leveren. Yn 1986 ferhûze DOC nei de Alteveerstraat yn Hoogeveen en yn 2003 waard de grutte tsiisfabryk op it Suvelpark yn Hoogeveen iepene.
Yn maart 2012 naam de suvelkoöperaasje tegearre mei Vergeer Holland de snijer en ferpakker fan folytsiis Kraats Kaas oer.https://web.archive.org/web/20140202195531/http://www.regiohoogeveen.nl/news/20532/Kraats-Kaas-overgenomen-door-DOC.html Yn july 2012 naam DOC Kaas Cheese Partners Holland folslein oer fan Rouveen en Westlân.Boerenbusiness DOC gaat voor 100% belang in Cheese Partners, 18 juli 2012, iepene op 30 april 2015 Yn oktober 2013 waard de namme fan dochterûndernimming Cheese Partners Holland feroare ta Dutch Original Cheese (DOC) Melkvee Cheese Partners wordt DOC
Fúzje mei DMK Yn oktober 2011 waarden der plannen buorkundich makke om te fusearjen mei it Dútske Deutsches Milchkontor GmbH (DMK).Boerenbusiness.nl (2012-10-24) De fúzjedatum, dy't ynearsten op 1 jannewaris 2012 ferwachte waard, waard ôfkitst.Boerenbusiness.nl (2012-10-24)
Yn maart 2015 makken DOC Kaas en DMK fannijs buorkundich dat se wer besochten te fusearjen, dêr't fan ferwachte waard dat DOC Kaas selsstannich bestean bliuwe soe.Boerenbusiness DOC Kaas en DMK op weg naar bedrijfsfusie, 19 maart 2015, iepene op 30 april 2015 DOC Kaas hat net in breed produksje-oanbod en wol troch it oparbeidzjen mei DMK in breder oanbod meitsje. Op1 april 2016 is DOC Kaas mei DMK fusearre.http://www.dockaas.nl/nl/
Keppeling om utens Offisjele webstee
Kategory:Nederlânske itenswareprodusint Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1962 Kategory:Bedriuw opheft yn 2016