De sidesturt, pestfûgel of lakfûgel (wittenskiplike namme: Bombycilla garrulus) is in moskeftige fûgel út de famylje fan de sidesturten (Bombycillidae). Der komme twa of trije ûndersoarten fan de fûgel foar, dy't fierder mar in bytsje fan inoar ferskille. De fûgel briedt yn de bjirke- en nuddelbosken op it noardlike healrûn (Skandinaavje, Ruslân, Alaska en Kanada) en komt somtiden winterdeis yn wikseljende tallen ek yn Fryslân foar.

Beskriuwing De sidesturt wurdt likernôch 18 sintimeter grut. De fûgel hat yn de loft wol wat fan in protter mar ûnderskiedt him tichterby mei in opfallend túfke en is foar it grutste part brúnroze fan kleur mei grize, swarte, wite, reade en giele aksinten op de fleugels en sturt. Under de snavel hat de sidesturt in befke. It mantsje ferskilt net in soad fan it wyfke yn grutte en kleur. De sidesturt is in sosjale fûgel en komt meastentiids yn groepen foar. In sidesturt wurdt likernôch 13 jier en is maklik te naderjen.

Namme Yn it Nederlânsk waard de fûgel nei de pest ferneamd om't de soart der fan fertocht waard de sykte te fersprieden. De fûgel hat de Fryske namme te tankjen oan syn giele glânzjende punten fan de sturtfearren. Fûgels, ISBN 90-804220-3-7

Fersprieding

De sidesturt briedt yn it hegen noarden en komt as briedfûgel net yn Fryslân en ek net yn de rest fan Nederlân foar. Winterdeis lûkt de fûgel op syk nei iten yn wikseljende oantallen somtiden nei súdliker gebieten. As de tekoarten yn it briedgebiet grut binne kinne de oantallen grut wêze. By sokke ynfaazjes binne de fûgels ek by ús yn parken yn gruttere of lytsere groepen te sjen.

Nêst De sidesturt leit yn de moannen maaie-juny fjouwer oant seis blaugrize aaikes mei swarte punten. It nêst wurdt makke fan moas en tûkjes fan nulle- en bjirkebeammen yn de hegere dielen fan beammen oan boskrânen. Fakentiden briede sidesturten tegearre mei oare pearkes yn 'e omjouwing. De aaikes wurde yn twa wiken tiid troch it wyfke útbret en nei likernôch 16 dagen ferlitte de jonge fûgels it nêst. De sidesturt siket alle jierren in nije partner.

Iten Simmerdeis bestiet it iten fan de sidesturt út ynsekten. Nei de winter ta skeakelet de fûgel oer op beien fan bygelyks de hagebeam en de koetsjekraal. Dêrnjonken ite se ek wol apels en fruit.

Undersoarten Der wurdt twa of trije ûndersoarten ûnderskieden. Minder dúdlik ûnderskiedend is de B. g. central-asiae.

B. g. garrulus (Linnaeus, 1758), nominaatfoarm: Sidesturten fan Noard-Europa fan Noard-Sweden oant de Oeral. B. g. pallidiceps (Reichenow, 1908): Sidesturten op it Amearikaanske kontinint B. g. central-asiae (Poliakov, 1915): Sidesturten eastlike fan de Oeral yn it noarden fan Aazje.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Sidesturt Kategory:Pestfûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan