Floarida (Ingelsk: Florida; útspr.: ['flɒɹɪdə], likernôch "flor-idde"), offisjeel de Steat Floarida (Ingelsk: State of Florida), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Floarida, fanwegen syn subtropysk klimaat byneamd de Sunshine State, bestiet fierhinne út it Floarida-skiereilân, dat yn it uterste súdeasten fan 'e kontinintale Feriene Steaten leit. Dêropta omfiemet de steat ek de Florida Panhandle, oan 'e noardeastkust fan 'e Golf fan Meksiko, en de eilannegroep de Florida Keys. Floarida heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Tallahassee, mar de grutste stêd is Jacksonvile, wylst de grutste stêdekloft dy fan Miami is. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 19,9 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 3e steat fan 'e Feriene Steaten is, nei Kalifornje en Teksas. Oangeande oerflak is Floarida mei rom 170.000 km² de 22e steat. Floarida stiet bekend om syn moaie waar, ferdivedaasjeparken, lange kustline, sompen, orkanen en romtefeart.
Etymology De namme fan Floarida komt fan 'e sechstjinde-iuwske Spaanske ûntdekkingsreizger Juan Ponce de León, dy't it gebiet by syn earste besyk yn 1513 la Florida neamde, dat Spaansk is foar "bloeiend lân". De offisjele bynamme fan Floarida is de Sunshine State ("Sinneskynsteat"), fanwegen it moaie waar.
Geografy Floarida hat in oerflak fan 170.304 km², wêrfan't 17,9% út wetter bestiet, sadat der 139.820 km² drûch lân oerbliuwt. De steat beslacht foar it grutste part it Floarida-skiereilân, dat fan it fêstelân fan Noard-Amearika ôf nei it suden ta útstiket en dêrby de Atlantyske Oseaan, yn it easten, skiedt fan 'e Golf fan Meksiko, yn it westen. It skiereilân mjit 721 km fan noard nei súd. Yn it suden wurdt Floarida begrinzge troch de Strjitte fan Floarida, dy't de skieding foarmet tusken it skiereilân oan 'e iene kant en it eilân Kuba en de arsjipel fan 'e Bahama's oan 'e oare kant.
Yn it noardwesten omfiemet de steat Floarida in útstekkend stik lân op it fêstelân fan Noard-Amearika by de noardlike kust fan 'e Golf fan Meksiko lâns, dat net diel útmakket fan it Floarida-skiereilân. Dat gebiet wurdt de Florida Panhandle neamd, it "panhânsel fan Floarida". Dat diel fan 'e steat hat in noardgrins mei de Amerikaanske steaten Alabama en Georgia, wylst it skiereilân yn it noarden oan Georgia grinzget. Floarida leit foar it meastepart yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4), mar it westlike diel fan 'e Panhandle heart ta de Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5).
Floarida is ien fan 'e grutste Amerikaanske steaten beëasten de Mississippy. It hat mei 2.170 km de langste kustline fan alle Amerikaanske steaten, en allinnich Alaska en Michigan omfiemje in grutter wetteroerflak. Oan 'e Atlantyske kant heart de see oant 3 seemyl (5,6 km) út 'e kust by Floarida en oan 'e kant fan 'e Golf fan Meksiko oant 9 seemyl (17 km). Floarida hat gjin bergen en amper heuvels, en is de platste steat fan 'e Feriene Steaten. It heechste punt fan 'e steat is Britton Hill, dat op 105 m boppe seenivo leit. It leechste punt is it strân oan 'e Atlantyske kust.
De súdwestlike útein fan it skiereilân bestiet út in ûnbidich gebiet fan sompen, de Everglades, wêrfan't likernôch 20% it Nasjonaal Park De Everglades foarmet. Yn it súdlike part fan it skiereilân leit ek de Okeechobee-mar, ien fan 'e grutste marren yn 'e eastlike Feriene Steaten. Oan 'e súdlike útein fan it skiereilân strekt him in keatling fan lytse eilantsjes út nei it westsúdwesten ta; dat binne de Florida Keys. It wetter dat de eilannen fan 'e súdpunt fan it skiereilân skiedt is de Floaridabaai.
Der binne yn Floarida 7 Yndianereservaten. Dat binne: it Big Cypress Yndianereservaat it Brighton Yndianereservaat it Fort Pierce Yndianereservaat it Hollywood Yndianereservaat it Immokalee Yndianereservaat it Mikosûky Yndianereservaat it Tampa Yndianereservaat
Skiednis Prekoloniale perioade Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan Floarida troch de Jeropeänen waard it gebiet bewenne troch Yndiaanske folken dy't no grutdiels ferdwûn binne. Dêrûnder wiene de Apalatsjy yn 'e Florida Panhandle; de Timûkûa yn noardlik en sintraal Floarida; de Aïs oan 'e Middenatlantyske kust; de Tokobaga yn 'e omkriten fan 'e Tampabaai; de Kalûsa yn súdwestlik Floarida; en de Tekwesta yn it súdeasten. Hjoed de dei is fan dy oarspronklike befolking inkeld noch in lyts groepke Apalatsjy oer, dat trouwens net mear yn Floarida, mar yn Louisiana wennet.
De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't Floarida oandie (en dy't it gebiet syn namme joech) wie de Spanjert Juan Ponce de León, dy't it skiereilân op 2 april 1513 ûntdiek. Der bestiet in nearne op basearre, mar hartstikkene taai ferhaal dat syn ûntdekking fan Floarida ferbân holden hawwe soe mei in syktocht nei de Boarne fan 'e Ivige Jonkheid. Yn 1559 fêstige de Spanjert Tristán de Luna y Arellano de earste blanke delsetting yn Floarida op 'e kust fan 'e Florida Panhandle, mar twa jier letter wie dy delsetting alwer ferlitten. Yn 1565 fêstige Pedro Menéndez de Avilés in nije delsetting te St. Augustine, oan 'e Atlantyske kust, dat sadwaande de âldste stêd fan Floarida is.
Koloniale perioade Fan dy tiid ôf begûnen de Spanjerts de lânseigen folken fan Floarida ta it kristendom te bekearen, mar hja brochten sykten mei dêr't de Yndianen gjin ymmuniteit tsjin hiene, sadat de befolking fan it skiereilân meitiid slim belune. Underwilens hiene de Ingelsen en de Frânsen harren eigen koloanjes yn it noarden stifte, sadat de Spaanske macht op it fêstelân fan Noard-Amearika beheind waard ta it skiereilân en de Panhandle. Yn 1763 wiksele Spanje syn koloanje Floarida út tsjin weromjefte fan 'e havenstêd Havana, op Kuba, dy't yn 'e Sânjierrige Oarloch troch de Britten ferovere wie. Mei de Spanjerts ferlieten ek de measte oerbleaune Yndianen it skiereilân; hja soene úteinlik opgean yn 'e Kubaanske befolking.
De Britten krigen yn 1763 sadwaande in suver leech lân yn 'e hannen. It bleau lykwols net lang leech, mei't de Seminoalen, dy't yn Georgia ûnder druk stiene fan 'e opmars fan blanke kolonisten, har yn it lêste fearn fan 'e achttjinde iuw nei it suden ta ôfsakje lieten en besit namen fan it skiereilân. De Britten dielden Floarida ûnderwilens op yn twa aparte koloanjes: Britsk East-Floarida, dat it skiereilân besloech, en Britsk West-Floarida, besteande út de Florida Panhandle en it gebiet dat no de Hakke fan Alabama en de Hakke fan Mississippy is. De earste Britske kolonisten wiene ofsieren en soldaten dy't yn 'e Frânske en Yndiaanske Oarloch (it Noardamerikaanske front fan 'e Sânjierrige Oarloch) fochten hiene. Under oanfitering fan it Britske regear setten har neitiid ek kolonisten út Súd-Karolina, Georgia, Bermuda en Ingelân sels yn 'e beide koloanjes nei wenjen.
Benammen fanwegen de jonkheid fan 'e beide Floarida-koloanjes en troch it feit dat in grut part fan 'e kolonisten út earder Britsk militêr personeel bestie, hiene East- en West-Floarida part noch diel oan 'e Amerikaanske Revolúsje en de dêropfolgjende Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783). Ynstee bleaune de beide koloanjes yn dy snuorje in bolwurk fan Britske loyalisten. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch, mei in Amerikaanske oerwinning yn it foarútsjoch, krige de kolonisaasje fan it gebiet in nije ympuls doe't grutte oantallen loyalisten út 'e súdlike dielen fan 'e Trettjin Koloanjes nei East- en West-Floarida ta flechten.
Nei ôfrin fan 'e Unôfhinklikheidsoarloch koene de Feriene Steaten foar in grut part de betingsten foar in fredesferdrach diktearje, en de nije republyk woe gjin Britske koloanjes oan syn súdflank hawwe. Dêrfandinne waard by de Frede fan Versailles, fan 1783, regele dat East- en West-Floarida weromjûn wurde moasten oan Spanje. Under it nije Spaanske bewâld waard de ferdieling fan it gebiet yn twa aparte koloanjes fuortset. Feitliks seagen de Spanjerts yn dit twadde Spaanske tiidrek mar amper nei Floarida om, en harren ynfloed yn it gebiet wie tige beheind. Sadwaande ûntjoech Floarida him yn dy tiid ta in taflechtsoard foar ûntsnapte negerslaven en in basis dêr't de Seminoalen oanfallen wei útfierden op 'e Amerikaanske kolonisten yn Georgia. Dat sinnige it Amerikaanske regear alhiel net, dat Spanje waard op yngripen ferge.
Yn dyselde snuorje setten har ek almar mear Amerikaanske kolonisten yn it noarden fan East- en West-Floarida nei wenjen, ek al stie it Spaanske regear dat offisjeel net ta. De Amerikanen fermongen har mei de eardere Britske kolonisten en sa ûntjoech him in 'oarspronklike' blanke befolking dy't bekend kaam te stean as de Florida Crackers. Dy lju hiene in bruorke dea oan it Spaanske bestjoer fan it gebiet, wat yn 1810 yn West-Floarida late ta in rebûlje en de fêstiging fan 'e saneamde Republyk West-Floarida, dy't njoggentich dagen bestie foar't de Spanjerts de opstân delsloegen. Datselde jiers noch waard it westlike part fan Spaansk West-Floarida troch de Amerikaanske presidint James Madison by dekreet anneksearre as ûnderdiel fan 'e Louisiana-oankeap. Yn 1812 waard ek it Mobile-distrikt fan West-Floarida troch de Feriene Steaten anneksearre, wêrmei't de Florida Panhandle syn hjoeddeistige grinzen krige. Hoewol't de Spanjerts protest oantekenen, wie it it harren skynber net wurdich om der in oarloch om te begjinnen.
Under Amerikaansk bestjoer Doe't de oanfallen fan 'e Seminoalen út Floarida wei op Amerikaanske delsettings yn Georgia oanholden, en der boppedat almar mear negerslaven oer de grins ûntsnapten, begûn it Amerikaanske Leger hieltyd faker sels ek ynfallen te dwaan op Spaansk grûngebiet. Yn 'e jierren 1817-1818 fierde it leger ûnder lieding fan generaal Andrew Jackson (dy't letter presidint wurde soe) in lang oanhâldende kampanje yn Floarida út dy't bekend kaam te stean as de Earste Seminoalske Oarloch. Tsjin dy tiid behearsken de Amerikanen yn 'e praktyk it noardlike part fan East-Floarida. De beide koloanjes wiene in lêst wurden foar Spanje, dat der finansjeel it frij net ta hie om kolonisten of troepen te stjoeren. Sadwaande besleat it regear yn Madrid om 'e beide koloanjes te ferkeapjen oan 'e Feriene Steaten, in transaksje dy't syn beslach krige yn it Adams-Onis Ferdrach. Op 3 maart 1821 waard Floarida sadwaande Amerikaansk grûngebiet. Op 30 maart 1822 foege it Amerikaanske regear de beide koloanjes bestjoerlik gear ta it Territoarium Floarida, dat oant 1845 bestean soe.
Tsjin 'e 1820-er jierren wiene de measte blanke Amerikanen fan miening dat der ferlet wie fan in deportaasje fan 'e lânseigen Yndiaanske befolking fan it súdeasten om romte te meitsjen foar kolonisaasje fan harren lân troch de blanken. Dy "Yndiaanske Ferwidering" betrof de saneamde Fiif Beskaafde Stammen fan 'e Sjeroky (Cherokee), Tsjoktou (Choctaw), Tsjikkesou (Chickasaw), Kriik (Creek) en Seminoalen (Seminole). Yn it ramt fan Floarida gie it inkeld om 'e Seminoalen, dy't hieltyd faker mei blanke kolonisten yn botsing kamen om't dy har samar op Yndiaansk lân nei wenjen setten, en dy't boppedat trochgiene mei it opnimmen yn harren fermidden fan útnaaide negerslaven, de saneamde Afro-Seminoalen. Troch de ynfluks fan nije kolonisten nei't Floarida ûnder Amerikaansk bestjoer kommen wie, boazen sokke swierrichheden allinnich noch mar fierder oan.