thumb|Topografyske gemeentekaart fan Hellefuotslûs, per 1-1-2018, ynkl. Oudenhoorn Hellefuotslûs of Hellefuotslús (Nederlânsk en offisjeel: Hellevoetsluis) is in plak en eardere gemeente op Foarne-Putten, yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De eardere gemeente hat 40.403 ynwenners (1 jannewaris 2018) it wie doe groeid troch de tafoeging fan Oudenhoorn. De Botlek, Oudenhoorn is welkom bij Hellevoetsluis, 2 jannewaris 2018) en hat in oerflak fan 46,14 km² (dêrfan is 14,6 km² wetter). Eardere gemeenten binnen Hellefuotslûs binne ûnder oare Nieuw-Helvoet en Nieuwenhoorn. De eardere gemeente is ûnderdiel fan it gearwurkinsgferbân Stedsregio Rotterdam en de Metropoalregio Rotterdam De Haach.
Sûnt 2023 is Hellefuotslûs part fan de nije gemeente Foarne oan See.
Etymology De Helle, dat Romeinen koene as "Helius" of "Helinium", in beneaming dy’t oant yn de midsiuwen brûkt waard foar it hjoeddeiske Haringvliet en de Maas. De namme Hel(le)voet, of "(lân by) it leechste punt fan it Helius", komt dêrnei foar it earst foar yn dokuminten út de 13e iuw, as Oud-Hellevoet, de Hellevoetse Werfhoek, Nieuw Hellevoeterland en yn 1395 at de polder Nieuw-Helvoet ta bediking útjûn wurdt. Dy polder hie in útwetteringsslûs yn de Súddyk: de 'Hellefoetske slûs'.Komôf namme Hellefuotslûs diel 1 - Stedsmuseum Hellefuotslûs
Kategory:Plak yn Foarne oan See Kategory:Eardere gemeente yn Súd-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2023