Oosterhout is in doarp yn de Nederlânske gemeente Overbetuwe provinsje Gelderlân, dat grinzet oan 'e Nymweechske wyk Oosterhout. Skiednis thumb|left|Hûs Oosterhout by de wettersneed fan 1820. It (oarspronklike) doarp Oosterhout is ûntstien yn de iere midsiuwen op in streamrêch, in âlde rivierouwer fan de Waal. Yn 1809 en 1820 waard Oosterhout troffen troch dyktrochbraken, wêrnei’t de hjoeddeiske buorren op 'e nij, diskear yn 'e noardlike rjochting oanelein waard dêr't no de hjoeddeiske Doarpsstrjitte leit.M. Kocken & A. Cruysheer, Sleutel tot de schatkist – Erfgoedplan Overbetuwe, Rapport H001, ADC Heritage: Amersfoort 2004
Oosterhout is in typysk Betuwsk boeredoarp. De fruchtbare hegerlizzende streamrêchgrûnen binne fanâlds gaadlik foar bou, greide en fruittylt. De leechlizzende, wiete komgebieten waarden brûkt as krûderike healannen en as greide. Yn de 17e iuw kaam tabakstylt yn Nederlân yn 'e moade.
Yn de twadde helte fan de 19e iuw naam de fruittylt yn de Betuwe en dus ek yn Oosterhout in hege flecht. In protte ikkers op de fruchtbere streamrêgen makken romte foar heechstammehôvings. De yndustry spile dêrop yn. Yn Oosterhout ferskynde yn 1868 tichtby de Altena in krûdefabryk (appelsjerp) fan Van Woerkom. Dêrnei kaam oan de Doarpsstrjitte efter de Ceciliahof (Doarpsstrjitte 19) in sjemfabryk (BATO).Frans Spaan, 'Oosterhout', Historische Kring Oosterhout, Slijk-Ewijk e.o., argivearre It fabryk bleau oant 1975 yn bedriuw'Over ons', Theo van Woerkom. Dêrnei is op dit terrein nijbou komd.
Oosterhout hearde fan 1871 oant 2002 by de gemeente Valburg. Nei de weryndieling is it doarp opgien yn de weryndielde gemeente Overbetuwe.
Dyktrochbraken Yn de 15e iuw begûn de saneamde Lytse Iistiid (± 1430), dy’t oant sirka 1820 duorje soe. Strange winters makken de kâns op dyktrochbraken grutter. Op 15 jannewaris 1809 bruts de Oosterhoutse Waaldyk as gefolch fan iisgong yn de rivier by hûs Waaijenstein troch. It iis sette him fêst by Dodewaard, wêrnei’t it wetterpeil boppestreams yn koarte tiid hurd oprûn. De trochbrek feroarsake in gat yn de dyk fan sirka 140 meter mei dêrefter in mânske kolk, dêr’t hûs Waaijenstein hielendal yn ferdwûn. Ek it wiel út 1651 waard yn de Waaijensteinkolk opnomd. Dêrefter kaam in dikke laach oerslachgrûnen ta stân. Fan it eardere Hûs Oosterhout is hast neat oer.
Kategory:Plak yn Overbetuwe Kategory:Plak yn Gelderlân