Vignette is in koart ferhaal fan it fantasysjenre, skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "Wurdskildering". It is skreaun yn it ik-perspektyf, en makket diel út fan 'e searje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. Yn 'e ynterne gronology fan dy rige spilet Vignette tusken de romans Death Masks en Blood Rites yn.

Eftergrûn Vignette is in tige koart ferhaal dat Butcher skreau op fersyk fan syn redaktrise by útjouwerij Roc Books, Jennifer Heddle, dy't it nedich hie as promoasjemateriaal foar The Dresden Files, om fergees wei te jaan op konvinsjes en sa. Yn it foarwurd by it ferhaal skriuwt Butcher dat er dy ôfspraak glêd fergetten wie en dat it him de jûns foar de deadline pas tebinnen skeat, en net om in oere as acht, mar om twa oere nachts. It ferhaal wie neffens him sadwaande fierhinne skreaun troch in koälysje fan kaffeïnemolekulen en senuwen.

Publikaasjeskiednis Butcher publisearre it ferhaal letter ûnder de titel Publicity and Advertising ("Publisiteit en Reklame") op syn eigen webside, www.jim-butcher.com. Yn 2010 makke it ûnder de nije titel Vignette ûnderdiel út fan Butcher syn ferhalebondel Side Jobs, dy't ferskynde by de New Yorkske útjouwerij Ace Books.

Ynhâld Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, hat in petear mei Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn laboratoarium. Se hawwe in mieningsferskil oer de advertinsje dy't Harry yn de Gouden Gids pleatst hat, mei de tekst:

HARRY DRESDEN – TSJOENDERFerlerne dingen weromfûn. Paranormale ûndersiken.Konsultaasje. Advizen. Ridlike prizen.Gjin leafdesdrankjes, ûneinige beurzen, feesten ofoar amusemint.

Bob fynt dy advertinsje saai en ûnynteressant, mar Harry wiist de aparte opstigings dêr't Bob mei oankomt ôf, om't er dy ferrifeljend en ûnoannimlik fynt. Uteinlik betinkt Bob in tekst dy't, ferwizend nei Harry syn eardere aventoeren, inkeld poere wierheid is, hoewol foar de measte lju noch altyd ûnoannimlik. Harry lit it yn him omgean, mar beslút úteinlik dat in feroaring him tefolle kostje soe om't Bob syn omskriuwing tefolle letters telt.

Kategory:The Dresden Files Kategory:Literêr wurk fan Jim Butcher Kategory:Fantasyferhaal Kategory:Ingelsktalich koart ferhaal Kategory:Koart ferhaal út 2002 Kategory:Literatuer oer tsjoenders

en:The Dresden Files short fiction#Publicity and Advertising