thumb|De mole fan Borger thumb|Lokaasje fan de mole De Mole fan Borger wie in houtseachmole op De Jouwer.
De schoone houtseachmole waard yn 1774 boud yn opdracht fan mei-rjochter Pier Jelles Borger en skûtmakker Geert Gerrits.Bestimmingsplan Joure Kom-2 fan de gemeente Haskerlân, novimber 1977 By it kadaster waard tusken 1811-1832 de keapman Johannes Heeres Borger as mei-eigener neamd. De stellingmole bleau noch lang yn eigendom fan de famylje Borger, mar yn 1911 waard de mole ôfbrutsen.
De beamstammen foar de houtseagerij waarden oanfierd oer it Hurdspytsje en leine dan earst is skoft yn de kolk foardat se ferseage waarden. De mole wie in achtkante boppekruier dy't oan de ein fan de Houtmounestege stie. Dy stege rûn tusken de lêste wenningen oan de Midstrjitte en de Oerspitting. De Houtmounesteech wie in smel strjitsje tusken it Hurspytsje en de Inkele Rigel.
De Jouster strjitte Mounekamp en de flat Houtmoune oan dy dyk, binne letter nei de mole fan Borger neamd.
Foargonger De houtseachmole waard boud op it steed dêr't neffens de Schotanusatlas fan 1718 in (standert)nôtmole stie.
Kategory:Skiednis fan De Jouwer Kategory:Mole yn Skarsterlân Kategory:Mole yn De Fryske Marren Kategory:Earder bouwurk yn De Fryske Marren Kategory:Stellingmole Kategory:Seachmole Kategory:Bouwurk út 1774 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1911