| boargemaster = | haadplak = Sellingen en Wedde | grutste plak = | ynwennertal = () | befolkingstichtens = 89 / km² | oerflak = 280,65 km² | wêrfan lân = 275,77 km² | wêrfan wetter = 4,88 km² | tal stêden = | tal doarpen = 21 | ferkearsieren = N365 N367 N368 N969 N973 N976 | oprjochte = 2018 | perioade 1 = | namme perioade 1 = | perioade 2 = | namme perioade 2 = | perioade 3 = | namme perioade 3 = | perioade 4 = | namme perioade 4 = | perioade 5 = Oant 2018 | namme perioade 5 = Bellingwedde Vlagtwedde | opheft = | opgien yn = | no part fan = | netnûmer = 0597, 0599 | postkoades = 9541, 9545, 9551, 9561, 9563, 9566, 9695–9699 | tiidsône = UTC +1 | simmertiid = UTC +2 | webside = www.westerwolde.nl }} Westerwâlde (Grinslannersk: Westerwoolde; offisjeel Westerwolde) is in gemeente yn it easten fan Grinslân. De gemeente ûntstie yn 2018 troch gearfoeging fan de gemeentes Bellingwedde en Vlagtwedde. De twa gemeentehuzen dogge noch jimmeroan tsjinst foar de hjoeddeiske gemeente Westerwâlde. De gemeente hie op in ynwennertal fan (boarne: CBS).

Namme De namme fan de gemeente is ûntliend oan it gea Westerwâlde, dat yn de gemeente leit en wêrfan't de grins foar in part mei dy fan de gemeente gearfalt.

Plakken De gemeente Westerwâlde hat 21 doarpen:

Agodorp Barnflair Bellingwolde Blijham Bourtange Jipsingboertange Lyts-Ulsda Morige Aldeskâns Over de Dijk Rhederbrug Sellingen Ter Apel Ter ApelkanaalVeelerveen Vlagtwedde Vriescheloo Wedde Wedderheide Wedderveer Zandberg (foar in part)

It besjen wurdich Yn Ter Apel stiet it iennige noch besteande midsiuwske plattelânskleaster fan de provinsje Grinslân, it Kleaster Ter Apel. It is tsjintwurdich in museum en it leit yn in 200 hektare grut bosk.

It Hûs fan Wedde stiet yn Wedde. It is in boarch, wêrfan't de skiednis op de 14e iuw werom giet.

Aldeskâns waard yn de Tachtichjierrige Kriich boud troch Willem Loadewyk fan Nassau. Eartiids lei Aldeskâns oan 'e see, mar nei't it opslike lân werom fan de Doalert fannijs ynpoldere waard, ferlear it syn funksje oan Nijeskâns

Yn Bellingwolde stiet it Museum de Oude Wolden. It museum jout omtinken oan keunst, folkloare en skiednis. Ek wurde der wurken útstald fan de magyske realist Lodewijk Bruckman en fan De Ploeg.

Bourtange is in restaurearre fêsting dy't oanlein is yn de tiid fan de opstân tsjin Filips II fan Spanje.

Gemeenterie De gearstalling fan de gemeenterie sûnt 2018 Sitten yn de gemeenteriePartij20182022Gemeentebelangen Westerwolde66PvdA55CDA34PVV03VVD21GrienLinks21 Ecologisch Alternatief01PvdD10Totaal1921

Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2018