De Naut’sa mawt Stammeried (Ingelsk: Naut’sa mawt Tribal Council; soms ôfkoarte ta NmTC) is in regionale Yndiaanske koepelorganisaasje yn it súdlike part fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, rjochte op gearwurking tusken de ûnderskate stamme-organisaasjes fan 'e Kust-Salisjanen. De organisaasje is oprjochte yn 1983 en hat 11 lidstammen. It haadkertier stiet yn Nanaimo, op Vancouvereilân, mar der is ek in kantoar op it fêstelân, yn Tsawwassen, by de stêd Delta. De Naut’sa mawt Stammeried publisearret in onlinekrante mei as titel Klahowya. __TOC__ Doel De Naut’sa mawt Stammeried hat ta doel om 'e lidstammen te advisearjen oer en helpen by saken as ekonomyske ûntwikkeling, finansjeel management en mienskipsplanning (ynkl. romtlike oardering en de oanlis fan fasiliteiten lykas skoallen en kliniken). Fierders biedt de ried eventueel help op it mêd fan bestjoer, de oanlis fan ynfrastruktuer (lykas wegen en brêgen), huzebou, ynspeksjes fan wenten om te sjen oft dy oan alle boufoarskriften foldogge, it ferbetterjen fan 'e drinkwetterkwaliteit, en tarieding foar needgefallen. Dêrnjonken besiket de Naut’sa mawt Stammeried in dialooch op gong te bringen en oan 'e gong te hâlden mei oanbuorjende mienskippen, lykfol oft dy ta oare Yndiaanske stammen hearre of út net-Yndianen besteane.

Lidstammen De lidstammen fan 'e Naut’sa mawt Stammeried beslane dielen fan súdeastlik en eastlik Vancouvereilân en dielen fan it súdwestlike fêstelân fan Britsk-Kolumbia. Alle lidstammen hearre ta de gruttere folkekloft fan 'e Kust-Salisjanen. Hja wenje oan 'e kusten fan 'e Strjitte fan Georgia, de Strjitte fan Juan de Fuca en fjorden lykas de Burrard-ynham. De lidstammen binne: de Halalt Earste Naasje, fêstige yn Crofton de Homalko Earste Naasje, fêstige yn Campbell River de Klahoose Earste Naasje, fêstige yn Cortes Island de Malahat Earste Naasje, fêstige yn Mill Bay de Nanoose Earste Naasje, fêstige yn Lantzville de Sliammon Earste Naasje, fêstige yn Powell River de Snuneymuxw Earste Naasje, fêstige yn Nanaimo de Stz'uminus Earste Naasje, fêstige yn Ladysmith de Tsawwassen Earste Naasje, fêstige yn Tsawwassen de Tsleil-Wautût Naasje, fêstige yn North Vancouver de T'sou-ke Earste Naasje, fêstige yn Sooke

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Naut’sa mawt Stammeried

Kategory:Kust-Salisjanen Kategory:Regionale Yndiaanske organisaasje yn Kanada Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1983 Kategory:Tsleil-Wautût