Swim- en Poloclub Avéna is de swimferiening fan De Jouwer. De feriening hie yn 2018 hast 200 leden. Avena is de Latynse namme foar it gerseftige hjouwer, (Avena sativa)
Avéna waard oprjochte op 6 maaie 1967 en brûkt it subtropysk swimbad 'Swimfun’ as ûnderkommen.Wetterpoloside De feriening hat trije ôfdielings:
Rekreatyf swimmen Wedstrydswimmen Wetterpolo
Swimmen Neist rekreatyf swimmen wurdt der ek swommen yn kompetysjeferbân. Avéna hat klupkampioenskippen en docht mei oan de Fryselcup. Dy wedstrydrige spesjaal foar begjinnende talinten bestiet út fiif rondes tsjin oare Fryske swimferienings.
Wetterpolo De ôfdieling wetterpolo fan Avéna hat sûnt 2004 in gearwurkingsferbân mei swim- en poloklup HZ&PC út It Hearrenfean. De namme SGHA stiet foar Start Gemeenschap Heerenveen Avena). De gearwurking makket it mooglik om mear wetterpoloteams te meitsjen sadat it nivo heger wurde kin.
Kategory:Fryske swimferiening Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1967 Kategory:Sportferiening op De Jouwer Kategory:Fryske wetterpoloklup