thumb|Thierry Baudet (2018) Thierry Henri Philippe Baudet (Hiemstee, 28 jannewaris 1983) is in Nederlânsk politikus, skiedkundige, skriuwer en jurist. Hy is de oprjochter en foarman fan de politike partij Foarum foar Demokrasy. Fan 2017 oant 2026 (mei in ûnderbrekking yn 2025) wie Baudet lid fan de Twadde Keamer.
Baudet rjochte yn 2015 FVD as tinktank op. Hy wie yn 2016 ien fan de inisjatyfnimmers fan it Oekraïne-referindum en jilde as in driuwende krêft fan it tsjinkamp, dat it referindum wûn. FVD waard dêrnei omfoarme ta politike partij, mei Baudet as polityk lieder. It gedachtegoed fan de partij wurdt ûnder oaren as nasjonaal-konservatyf, radikaal-rjochts en populistysk definiearre.
Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:FvD-politikus Kategory:Nederlânsk partijfoarsitter Kategory:Nederlânsk rjochtsgelearde Kategory:Nederlânsk pianist Kategory:Nederlânsk persoan fan Yndonezysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Waalsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1983