Welsum is in plak yn de gemeente Olst-Wijhe fan Oerisel en leit op de westigge fan de rivier de Isel, foar Olst oer. Yn it doarp stiet de nôtmole 'Houdt Braef Stant' út 1856.
It hinneras Welsumer hat syn oarsprong yn dit plak.
Skiednis It plak Welsum wurdt foar it earst neamd yn 1295. De toer fan de Herfoarme tsjerke is om 1475 hinne boud.
Neffens omskriuwing fan Van der Aa út 1846: Welsum' is ien fan de fjouwer buorren fan it eardere skoutamt Olst, no in doarp yn Sallân provinsje Oerisel, arr. kant en 2 oeren noardwestlik fan Dimter, gemeente en 1/4 oere westlik fan Olst, wêrfan it troch de Isel skieden is en dêrtroch ôfsûndere troch de provinsje Gelderlân omjûn leit. It hat in pont mienskiplik mei it eastlike part fan de gemeente. It is 104 ha grut en der binne 690 ynwenners, dy't meastentiids yn de lânbou oan it wurk binne en ek in stienbakkerij ha.
Nijs Yn 2001 kaam it plak yn it nijs doe't in op in oantal buorkerijen it fee romme waard fanwege it útbrekken fan MKZ. In bekende ynwenner is Sabine Uitslag, Twadde Keamerlid foar it CDA.
<center>
Folksliet
Aan de linker IJsseloever Ligt een dorpje lief en klein Hoe dat dorpje wel mag heten Zal ik ooit die naam vergeten
En dat zal Welsum, en dat zal Welsum En dat zal Welsum zeker zijn En dat zal Welsum, en dat zal Welsum En dat zal Welsum zeker zijn
Haast geheel in t groen verscholen Vinden wij het kerkgebouw En al aan de linkerzijde Pastorie en dorpsschool beide
En dat zal Welsum, en dat zal Welsum Welsum blijf ik steeds getrouw En dat zal Welsum, en dat zal Welsum Welsum blijf ik steeds getrouw
Mocht ik Welsum ooit verlaten Het vergeten nee dat nooit Blijf die lieve plek gedenken Blijf het steeds mijn liefde schenken
Nee ons Welsum, nee ons Welsum Welsum dat vergeet ik nooit Nee ons Welsum, nee ons Welsum Welsum dat vergeet ik nooit <center>
Kategory:Plak yn Olst-Wijhe