Henk Zoetendal (De Jouwer, 11 augustus 1941 - De Jouwer, 5 jannewaris 2024roubrief) wie in Fryske fuotballer dy't foaral as mid-mid op it middenfjild spile.Feanonline.nl

Mei syn lingte fan 1.90 meter wie hy faak gefaarlik foar de goal. Henk Zoetendal fuotballe earst by De Jouwer en fan 1962 oant 1966 by GVAV út Grins. Yn it seizoen 1971 - 1972 spile hy foar fuotbalklup It Hearrenfean. Doe't AZ'67 nei de earedivyzje promovearre kocht dy feriening Henk Zoetendal, en tagelyk ek Kees Kist. It seizoen 1972-1973 waard yn Alkmaar lykwols gjin súkses, trochdat hy slim blesseard rekke mei útskuorde knibbelbannen. Yn 1973-1974 spile hy dan ek wer foar It Hearrenfean.transfermarkt.nl Nei syn karriêre yn it betelle fuotbal spile Zoetendal noch seis jier foar De Jouwer. Dêr wie hy ek jeugdtrener.SCJOure.nl

Mei syn frou Tineke hied er mear as tweintich jier in sportsaak op De Jouwer. Henk Zoetendal ferstoar begjin jannewaris 2024 yn yn 'e aldens fan 82 jier.Omrop Fryslân, 5 jannewaris 2024, Ald-fuotballer fan Hearrenfean Henk Zoetendal (82) ferstoarn

Kategory:Frysk fuotballer Kategory:Persoan berne yn 1941 Kategory:Persoan berne op De Jouwer Kategory:Persoan stoarn yn 2024