De Sint-Andréasbasilyk (Ingelsk: Basilica St. Andrew) is in roomsk-katolike tsjerke yn Arthunkal yn 'e Yndiaaske steat Kerala. De oan 'e apostel Andréas wijde tsjerke hat de status fan in basilica minor en is bekend fanwegen de ferearing fan Sint-Sebastiaan.

Skiednis âlde tsjerke thumb|left|Heechalter âlde tsjerke. Sûnt likernôch de 7e iuw libje der kristenen yn Kerala. Oarspronklik wiene dat de saneamde Tomaskristenen. Doe't yn 'e 16e iuw de Portegezen yn Yndia kamen, yntrodusearren hja dêr it roomsk-katolisisme. Mei de Portegezen kamen ek de misjonarissen fan 'e jezuïten. Hja troffen yn 'e kontreien fan Arthunkal in soad Tomaskristenen oan, dy't oars as harren foarfaars net doopt wiene. Sûnt 1560 hiene de kristenen en misjonarissen oan 'e kening permisje frege om in tsjerke te bouwen. Dy hie oare saken oan 'e holle en der kaam gjin tastimming. Mar fanwegen de help dy de kening krige fan 'e kristenen, joech er yn novimber 1581 dochs tastimming om in houten tsjerke te bouwen. Noch deselde moanne waard de ienfâldige tsjerke wijd oan Sint-Andréus. De kening, dy't foar in part ek it boumaterjaal levere, kaam by de foltôging del om it gebou te ynspektearjen en hiet de fikaris om de tsjerke goed te ûnderhâlden as in hûs fan God.

Mei tastimming fan 'e kening mocht yn 1601, nei't Jacomo Fenicio yn 1584 beneamd wie as fikarus, de houten tsjerke ferfongen wurde troch in stiennen tsjerke. Jacomo Fenicio wie tige populêr ûnder de befolking, sawol ûnder kristenen as hindû's en krige de bynamme "apostel fan Arthunkal". Al by syn libben waard er as in hillige beskôge en nei syn dea yn 1630 wie de kloft minsken ûnbidich grut om him de lêste eare te bringen. Hy waard tichteby it alter yn 'e âlde tsjerke byset. thumb|left|Heechalter nije tsjerke. Fenicio's opfolger liet yn 1640 de tsjerke ferbouwe. Yn dy tiid kaam it mirakuleuze byld fan Sint-Sebastiaan út Milaan nei Ynje. It byld krige in plak yn 'e tsjerke en tal fan minsken kamen nei de tsjerke om dêr syn foarspraak ôf te smeken. Oan 'e ein fan 'e 18e iuw namen Karmeliten de taken fan 'e tsjerke oer fan 'e Jezuïten. De tsjerke waard yn 1896 renovearre en yn 1902 waarden in nije klokketoer en in nij presbyterium foltôge.

Yn 1900 waard oan 'e westlike kant fan 'e âlde tsjerke de hjoeddeiske, krúsfoarmige tsjerke boud mei de gevel rjochting it strân. De bou duorre lang en pas sechtich jier letter waard de tsjerke yn 1967 ynwijd. Ek it mirakuleuze byld fan Sint-Sebastiaan krige yn 'e nije tsjerke in plak op in eigen alter. De âlde tsjerke waard net ôfbrutsen en stiet tsjintwurdich mei de klokketoer achter de nijbou út de 20e iuw.

Fanwegen it skiedkundige belang fan it gebou foar de Roomsk-Katolike Tsjerke ferliende paus Benediktus XVI yn 2010 de tsjerke de rang fan basilica minor.

Beafeart Arthunkal waard ferneamd doe't yn 1647 it mirakuleuze byld fan 'e martler Sebastiaan út Itaalje oankaam. Net allinnne kristenen mar ek hindoe's kamen nei it byld om, as hja troffen wienen troch in epidemy, genêzing te freegjen. Op syn feestdei ûntstie der in beafeart, dêr't minsken fan alle leauwen oan meidogge.

Op 20 jannewaris wurdt de grutte prosesje mei it byld fan 'e hillige Sebastiaan holden. It is it hichtepunt fan alle festiviteiten dy't tusken 10 en 27 jannewaris plakfine.

Andreasbasilyk Andréasbasilyk (Arthunkal) Andréasbasilyk (Arthunkal) Andréasbasilyk (Arthunkal) Andréasbasilyk (Arthunkal)